Slauerhoff yn it Frysk – Eros (driuwt ús, skrutnen, frjemden)

picasso, minotaure attaquant une amazoen, ets op papier, 1933
Picasso, minotaure attaquant une amazone, ets op papier, 1933

 

EROS

Eros driuwt ús, skrutnen, frjemden,
Sûnder ferwar ta inoar,
Earst haatlik, want syn krinken
En daagjen lit ús gjin bekoar.
Eros driget ús.

Hâld’ noch de kop derfoar
Dêr’t er ús treft, en woll’ ûntkenne…
Syn sjocht docht ús al tesinge
En ringen hearr’ wy byinoar.
Eros skept ús.

Kwetse by ’t wurk elkoar.
Suchtsjen slacht brêgen fan ferwinnen,
Mar d’rûnder bestjert de minne
En rap ûntsinke wy elkoar.
Eros lost ús.

Hy hjitte ús syn strang berin en
Fan syn dreambyld draach’ wy ’t spoar,
Smeekje no net mear te ûntrinnen
Eros..

 

De wrede Eros

It gedicht ‘Eros’ fan Slauerhoff is in mûltergjend moai fers, mar fanwegen it strak yn ’t pak sittende rym lit it him amper ferfryskje. Mear as ien kear rûn de oersetting stomp. Lang om let kaam der skot yn, al rûn my it bloed bytiden hast ta it toetseboerd út.

Hoe sit it mei Slauerhoff syn Eros? It begryp an sich kin synonym wêze  oan de Leafde, dy’t  lyk te slaan is mei it ultime Goede. Dy opfetting fan de eros is yn dat gefal faak de platoonsk-kristlike kant it neist. Net selden is der by Slauerhoff sprake fan in ferlangen dat boppe de suver fysike wrâld út wol.

Dy foarm fan leafde bepaalt net Slauerhoff syn gedicht Eros. Dêryn regeart de bline, dionysysk bepaalde hertstocht. Der is sprake fan net te ûntkommen driuw fan de sinnen. Ek al is der by in earste treffen de oanstriid om de hakken te lichtsjen fanwegen alle ûngemaklikens (‘Eros driget’), it berin fan de hertstocht sels is sa twingend dat it oars net kin as ‘reeds zengt ons zijn heete zucht en / Voor we ’t weten zijn we een paar.’

Troch it strakke rymskema dat yn dit gedicht tapast is, kaam by de ferfrysking it saaklike foarwurp ‘een brug van zuchten’ te sneuveljen. Oersette is ferlieze, yn dit gefal fan de yndirekte ferwizing nei de Venetiaanske ‘Brêge fan suchten’ (Ponte dei Sospiri), sa’t dy oait de ferbining foarme tusken it saneamde Doge-paleis en de gefangenis. De fergeliking sels wurket as in foarútwizing, want it hiele spul draait lang om let, en hoe soe it by Slauerhoff ek oars, op in treurspul út.

En sa is der altyd weroan itselde wrede ferske fan ferlies. ‘Eros slaakt ons.’

.

EROS

Eros drijft ons, vreemden, schuchtren,
Onweerstaanbaar tot elkaar,
Eerst vijandig want wij duchten
Steeds zijn naadring als gevaar.
Eros dreigt ons.

Zijn nog eens weerspannig waar
Hij ons raakt, en willen vluchten…
Reeds zengt ons zijn heete zucht en
Voor we ’t weten zijn we een paar.
Eros vormt ons.

Wonden onder ’t werk elkaar.
De adem welft een brug van zuchten,
Maar daaronder ebt ’t genucht en
Plots ontzinken wij elkaar.
Eros slaakt ons.

Hij gebood ons tot zijn tucht en
Van zijn droombeeld gaan wij zwaar,
Smeeken nu niet meer te ontvluchten
Eros.

.

J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Dichterlijke Vrijheden III, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1941, p. 170..

 

Sjoch ek de pagina: Slauerhoff yn it Frysk

.