Unlijige snein (3) – Obe Postma

De dichter Obe Postma wie yn 1932 dwaande mei syn lêste dagen as learaar wis- en natuerkunde oan de HBS yn Grins, de stêd en provinsje dy’t him tige nei stiene en dêr’t er oait fan te witten die: ‘Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke’. Dêr heart ek it gedicht ‘Unlijige snein’ by, ien fan de grutte fracht fersen dy’t Postma oer it fenomeen ‘snein’ skreaun hat en dat er publisearre yn it hjir niisneamde jier.

werkloos
It spoek fan de massale wurkleazens, in werklikheid

It wie rûnom krisis, begjin jierren tritich. In fiifde fan de befolking hie gjin wurk. Yn Dútslân lei dat part nochris de helte heger. De nasjonaal-sosjalisten raasden en rachten dat in aard hie, wûnen sa’n oanhing dat Hitler de macht ‘oernimme’ koe.

Oeral yn Europa, ek yn Fryslân en Grinslân, tilde it op fan de politike gearkomsten, sawol fan linkse as fan rjochtse sinjatuer. Dat soarte gearkomsten waarden yndertiid faak meetings neamd. It is in wurd dat ek yn Postma syn ‘Unlijige Snein’ weromkomt, in fers dat syn earste publikaasje hie yn it tydskrift It Heitelân.

‘Unlijige joun’

Unlijich en kâld, smoarch en ûngedien wiene wurden dy’t te uzes op de pleats yn Burchwert faak brûkt waarden as it mei it waar wer ris in spul fan stront mei stientsjes wie. Mar it eigenskipswurd ‘ûnlijich’ komt ek gauris foar yn de relaasje ta de steat fan in beskaat tiidsepoch en dat bepaald net yn de meast geunstige sin.

Yn itselde jier dat Obe Postma syn gedicht ‘Unlijige snein’ yn it ljocht joech, publisearre Reinder Brolsma yn it literêre tydskrift Frisia, in útjefte fan de Fryske Bibleteek, it ferhaal ‘Unlijige joun’. Dêryn wurdt in stikelich en noartsk ferrinnend petear beskreaun tusken in fabryksdirekteur en syn boekhâlder, dy’t lid is fan ‘e SDAP.

Brolsma lit sjen hoe’t de man syn houlik te lijen hat fan syn warber wêzen foar de sosjaaldemokratyske partij. Mar wat de boekhâlder ek besiket, it bedijt neat, sels syn krewearjen om hjir en dêr in partijlid te winnen, it smyt allegearre neat op. Wrâld en wurksumens lykje omdôch.

Hjir is neat to winnen, neat; hjir is de hate oan it wird, hate tsjin it bistjûr fen lân en provinsje, de hate tsjin de boeren, en hate om’t hja sa earm binne en sa machtich, en meiinoar libje moatte op in stripe ûnderstrûpt lân. Hate en opstannichheit preekje de âlde Jasper en syn great jonges.

De ekonomyske malêze jage de koppen yn de kranten: ‘Tegen het Fascisme. Voor het Communisme.’ It wiene dizze politike ideologyen dy’t harsels presintearren as it alternatyf foar it âlde, klassike liberalisme dat nei de Krach fan 1929 der net yn slagge wie en jou de yn it ûnleech rekke ekonomy in nije slinger. Mei it bestean en it oerein hâlden fan de parlemintêre demokrasy wie it langeroan wikkerdewik. Ûnlijige dagen.

Elk ideaal syn eigen Januskop

Gjin politike en ekonomyske ideology of se wurdt opgnist mei in nij minskbyld. Mishipte messianistyske honger. Dat gou ek foar de ferskillende politike streamings yn de jierren tritich fan de foarige ieu. Mei in soad leven en lawaai holden se de wrâld it nije paradys foar, respektivelik dat fan de klasseleaze maatskippij fan Stalin, de autokratyske, troch ien partij bepaalde steat fan Hitler en de liberale, op frijheid en gelikensens basearre American Dream, wêryn’t elke skuonlaper of krantejonge miljonêr wurde koe, mits…

charlie-chaplin-in-modern-times
Modern times

Alle trije de politike stelsels wiene de útrinners fan de heechsteande idealen fan de Ferljochting, dreamen fan it Hegere.

Mar elk ideaal syn eigen Januskop. Yn it leechlizzen en it koeienearjen fan it yndividu, dêr’t hurd en wreed oer baas spile waard, dêryn lieten polityk en ekonomy harren fan de ‘knapste’ kant sjen. De terreur fan de jeiende massa makke it bewâld. Modern times, sa’t Charlie Chaplin sei.

Die Reinder Brolsma yn it ferhaal ‘Unlijige joun’ syn sizzen oer alderhande skeane en brike machtsferhâldings (sj. ek Sa’n tûzen blauwe skriften, de troch Doeke Sijens besoarge biografy fan de skriuwer), by Obe Postma kaam it karbûstige politike waar fan dy dagen inkeld sa sydlings te praat.

Yn ‘Unlijige snein’ beskriuwt de dichter hoe’t it rûzjen fan de wyn him de âlde sneinen yn it sin bringt, ynbegrepen de dagen fan dea en delslach. It waar is sa min, gjin kop dy’t der wat mei wurde kin, de boer net dy’t te melken moat en de partijgongers net dy’t gearkomste hawwe sille. ‘It is gjin waar foar in soasjalistise meeting’.

bûten it kollektyf

De figueren en minsken yn dit Postma-gedicht, se skaaie mar wat om, al tinkend, wachtsjend en boartsjend, elk op ’e siik nei in krissel lok. De oandrift en it ferlangen dy’t dêr mei mank binne, se jilde likegoed foar ‘de faam dy’t by buormans faam is om de feint wat  te pleagjen’ as foar de ‘meetinggongers’, op wei nei ien fan harren byienkomsten.

Wêr’t de dichter Postma, polityk sjoen, no krekt stiet, dat wurdt net rjocht dúdlik. Mear yn it generaal steld, soe men hinnegean kinne en sis: Dêr’t Brolsma him meisûgje liet fan it sosjalistyske ideaal (en letter fan de nasjonaal-sosjalistyske polityk), dêr hold Postma himsels bûten it kollektyf, hy bleau it yndividu dat him net bejoech yn it gewoel fan de massa.

UNLIJIGE SNEIN

Troch de skreven rûz’t de wyn.
O âlde sneinen dy’t yn it rûzjen opkomme,
O libben fêst foar dea en delslach!
Hearsto de rein, klitterjend tsjin de ruten,
De rein fan doe, de rein fan alle tiden?
It lekt yn ’e skuorre; de leien yn ’e finne stean fol wetter;
De kij binne foar ’e wyn ôfdreaun nei de sleatswâlen ta.
It is gjin waar foar in soasjalistise meeting.
Mar ek gjin melkerswaar, gjin melkerswaar!
Dat wie it tûzen jier liden ek net altyd, dat hoege jimme net
te tinken! –
Mar no sit de boer noch yn it mulhús mei de fuotten op
’e tsiistsjettel,
De faam is by buormâns faam om de feint wat te pleagjen;
De bern stean yn ’e lijte, hja haww’ de apels op dy’t hja by
Oetske koft ha.

Dan komt wer de sinne.
Fan de boerepleatsen op har hichten blinke de ljochte finsters.
Dy’t net lokkich wêze wol sit no yn ’e tsjernherne
En lústert nei it klappen fan ’e fjurhoksdoarren;
Mar dy’t it lok siikje, gean it hûs yn ’e rûnte
En sjogge út nei al jinse ljochte eagen.
Ek de meetinggongers komme op ’en baan
En fleurich stappe hja wer nei har autobussen.
.
.