Ikader – resinsje – Leeuwarder Courant

‘Wat te dwaan hjir op ierde?’ Neat oars as dy fraach lêst Eeltsje Hettinga ôf fan it gesicht fan de man op in skilderij fan Henk Krist. ‘Hettinga is by útstek de dichter dy’t byldzjende keunst yn syn wurk behellet. Segene mei in skerp en fynfielend each, wit er meastal essinsjes bleat te lizzen, sawol fan it keunstwurk as fan it minskebestean.’

Naamloos2Eeltsje Hettinga LC

Der is syn nijste poëzy-útjefte gjin útsûndering op. ‘Ikader’ is de yntegrearjende mar tagelyk ek wat ûneigen klinkende titel fan de bondel. It skift mei deselde namme kin de lêzer paadwiis meitsje. It earste fan de sân fersen begjint mei in sitaat fan Bas Jan Ader, de konseptueel-keunstner dy’t yn 1975 net weromkaam fan in plande solotocht yn in neatich sylboatsje oer de Atlantyske Oseaan.

Hettinga besiket Aders driuw te tsjutten om reizgje te wollen nei ‘in lân, dat dy / hjit en folget en net mear loslit,’ de see as ‘in famke dat ropt.

Yn Aders performances spilen lykwicht en fallen in foarname rol. Ader bongeljend oan in beamtûke boppe de sleat; Ader mei in swiperke de Amsterdamse grêften ynfytsend; Ader dy ’t op de naal sit fan in filla – Hettinga ferwiist der allegearre nei.

Lykwicht, wit ek de dichter, soarget dat in minske himsels en it libben yn ‘e macht hat, en opwoeksen is tsjin ‘it ferlies, it sneuveljen.’ Mar de swiertekrêft ropt; troch Ader hieltyd in hantsje holpen, as woe er mei elke fal in foarskot nimme op wat net te kearen is.

Subtyl leit Hettinga intekening sjoerd de vries ferbining tusken it fal-tema en de oseaanreis. Heech op ‘e naal fan de filla begjint it al, want dêr ‘bringt in twirre oer de kliffen / oer de Pacific  de dei út it lykwicht, / rûgelet it lichem / dat ierde har lûken net te boppe komt / âljend by it dak del.’ Hjir ha swiertekrêft en wide fierten deselde eigenskippen: beide lûke likehurd.

Ofgeand op it iepeningsfers soe Ikader ek noch wei hawwe kinne fan Ikarus: ‘Hear / yn de skeante fan de terpen / it wetter syn rin, / it twirjen fan de wyn, / it sûzjen by in tommeljen fan wa’t taastend nei de sinne  / de weagen plûnzje liet /.

Mar fierder bringt ús de lêswize Ik-ader en ik Ader. Wêrby’t wy, neist de persoan fan de dichter, tinke moatte oan al dy ienlingen – Hettinga syn fraaie bondel stiet der fol mei – dy’t har ôffregen, en foarsafier’t se libje dat noch altyd dogge: wat te dwaan hjir op ierde?

Miskien sokke moaie rigels skriuwe: ‘By alle herinneringen dy’t my / opnimme en ynslute / wit ik it wetter spegel fan ieuwen.’ / Dat is koele wittenskip op it rantsje fan treast. Mear kin in keunstner net fan ús meitsje.

 Naamloos4

Eeltsje Hettinga LC