Hu Thung-song – Yn ‘e fal fan jûn

Hu_Thung_songHu Thung-song
út: Yn ‘e fal fan jûn

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis

YN ’E FAL FAN JUN

Hoar ploffe aalskrûk en wier yn ’e fal fan jûn.
Gjin grûn of sakkest der troch.
Yn it slyktablet by it weromlutsen tij lizze tsjuster
de tekens fan dyn drinzge taal.

Hoe sil ik dy lêze út de rivieren wei?
Oan ‘e kym drinke weagen de sinne fan novimber.

By de wjokken fan de reager ûnder
hjerst syn gallige loft treurje ik.
Yn de wenten fan de fiskers brâne no de lampen.
Nacht waakst in lange floed.

Hoe sil ik dy lêze út de rivieren wei,
út it wieljen dat sûnder rêst hjir de moanne mealt?

.

© Eeltsje Hettinga


.
BLANK STIENE DE HOVEN

Blank stiene de hôven en gehuchten
yn it gea achter de rivieren,
mûlbisten dreaune dea foar de weagen út,

ferblet hong in hynsteliif oerskrank en
skean oer de naal fan de biblioteek,
in bûkebeam stiek út de galmgatten fan

de timpel (dêr’tsto, leave Li Su Sā,
my op in ferlerne augustusdei
it hielal ûnder dyn rokken sjen lietst,

o, ljochtsjende ierde by de himelske
offers fan it fleis). Inkeld yn de dream
is it soms dat ik it paad weromfyn

lykas juster doe’t ik mei de eagen ta
bylâns de tomben yn it rysfjild gong,
der song in famke, neaken tusken iel,

karpers en snileguod, en staf- oer-nacht
waard my by in stadich yn it wetter
happende sinne hiel de wrâld fan Bach.

© Eeltsje Hettinga