5 maaie en de horden fan de falske profeten Thierry B. en Willem E. & Ko

(05-05-21) Ferfalskjen en ferhaspeljen fan taal en skiednis, Thierry B. fan Forum voor Democratie (FvD) draait der de hân net foar om. Syn Volk- en Vaderland-polityk hat de stipe fan aksjegroepen as VirusWaarheid en soartgelikense bewegings dy’t tsjin de koroanamaatregels binne.

Courtesy foto Horst Dijkstra – ‘The funny adventures of Terry Donkey’

Fiif maaie, dei fan de frijheid, wurdt troch B. en konsorten brûkt om in tydlik koroanabelied te fergelykjen mei it skrikbewyn fan de ûnderwrâld: de Twadde Wrâldkriich.

Fan ‘e wike kaam B. mei in ‘Befrijingsdei-poster’, mei dêrop de ûnsmaaklike tekst: ‘Op vijf mei herdenken we 75 jaar vrijheid, mei achter de jiertallen 1945-2020’ in ferstjerrenskrús.

Op mishipte en genipige wize wurdt de suggestje dien as soe it sûnt foarich jier R.I.P. wêze mei de demokratyske frijheid.

Hjoed sille de saneamde ‘kofjedrinkers’ te demonstrearjen tsjin it koroanabelied om N.B. by it Nationaal Monumint op de Dam ‘te herdenken hoe het was om in vrijheid te leven’.

ROTTEFANGERS EN
TONNEMAKKERS

Achter de hagen de preken,
de dwazen
en dwaalgeasten,

hear har, de nobele
tonnemakkers
dy’t mei alternative feiten
– it firus in fyt –
better as elke wittenskip
witte
wat de werklikheid is,

de skerpsliperslûden fan
falske profeten, dy’t
– it kompas op komplotten –
noait net te beroerd binne
en rin

as ingelen en ridders fan
de Wierheid

hantlangjendewei

achter de findels oan
fan Willem de Rottefanger

©Eeltsje Hettinga

Thierry B. en de spirituele folksmenner en komplottinker Willem E. sette it koroanabelied algeduerich yn it ramt fan de oarloch. Begjin dit jier noch fergelike VirusWaarheid it mûlekapke mei de Joadestjer.

In hiele optocht oan selsbeneamde frijheidsstriders, besteand út anty-vaxxers, anty-mûlkapdragers, conspirituality-adepten en altright-gongers, hat dêr, sa’t skynt, gjin muoite mei.

Oarloch is in gat yn it kollektyf geheugen wurden, sa’t Tom-Jan Meeuws dat juster stelde yn syn NRC-kollum ‘De vrijheidskitsch van het Kamerlid B. (FvD)’.

yntimidaasje en bedrigings

Ek al lizze de IC’s dizze dagen fol en ek al rint it personiel yn de sike- en ferpleechhuzen op har toskfleis, Überwappy Willem E. smyt dêr glêshurd de leagen tsjinoan dat ‘vaccinaties voor de drukte op de IC’s zorgen.’

It ferrifeljende komplottinken en it ophysjende rjochtsradikale populisme fan FvD en aksjegroepen as Viruswaarheid liede úteinlik ta agressy en geweld.

Guont set it oan ta in yn de fik stekken fan testlokaasjes, oaren miene dat se by Covid-pasjinten dy’t yn it sikehûs bedarje de finsterglêzen folkalkje moatte mei de gjalp ‘covid is fake’, lykas earjuster yn Sint Anne.

It sil de nijste fariant wêze op de yntimidaasjepraktiken fan Vizier op Links, in anonym ekstreemrjochts platfoarm dat de nammen, portretten, adressen en telefoannûmers fan links oriïntearre skriuwers, sjoernalisten, keunstners, politisy en wittenskippers op it Net kwakt.

Histoarika en universitêr dosint migraasjeskiednis Nadia Bouras wie ien fan harren. Koartby krige se in sticker op de foardoar plakt mei de warskôging dat se har yn it fizier ha en dat tips oer har as ‘links activiste’ wolkom binne.

Underwilens marsjearje, hjoed, fiif maaie de ‘kofjedrinkende’ Wappyhorden fan Willem E. en de boreäle binden fan B. & Co oer de Dam yn Amsterdam, yn ‘e slach foar de frijheid. In gotspe.

koarte metten

Underwilens marsjearje, hjoed, fiif maaie de ‘kofjedrinkende’ Wappyhorden fan Willem E. en de boreäle binden fan B. & Co oer de Dam yn Amsterdam, yn ‘e slach foar de frijheid. In gotspe.

As gjinien oar makke cartoonist Ruben L. Opperheimer koarte metten mei dizze fiif maaie-aksjes. By syn spotske cartoon oer de rûnom wraakte Befrijingsposter fan FdV skriuwt er de húnjende tekst: ‘Op 5 mei spugen we de samenleving vol in de bek en schoppen we puppy’s dood.’

©Eeltsje Hettinga