Donald Crowhurst – De waansin fan in solosiler

In idioat yn the middle of nowhere, in Russyske roulettespiler dy’t lang om let yn godstsjinstwaansin fersyld út de Global Globe-wedstriid stapte en spoarleas ferdwine soe: Donald Crowhurst, ien fan de silers dy’t mei die oan the match fan de ieu, de earste non-stop syltocht om ’e wrâld hinne, dy’t yn 1968 op priemmen set wie troch de Ingelske krante Sunday Times.

Yn plak fan de wrâld yn ’t rûn te silen, hold er him skûl yn in deade úthoeke fan de Atlantyske Oseaan, ferbriek it radiokontakt mei de wedstriidlieding yn Ingelân en wachte syn kânsen ôf. Doe’t er lang om let in teken fan libben joech, die er dat op in momint dat er berekkene hie dat er yn de wedstriid dy posysje ynnimme soe dy’t him ta koprinner fan de Global Globe meitsje soe.

Crowhurst fersylde lykwols fan de iene leagen yn de oare oant er der letterlik en figuerlik yn ferstrûpte.

Syn jacht waard leech oantroffen, net fier fan de Azoaren. Syn lochboeken leinen ûnder de trep, yn de roef, mar de baas sels wie fuort.

Oer de legindaryske en geniale ‘gek’ Donald Crowhurst ferskynt yn 2016 in spylfilm oer syn letterlik waansinnige sylreis om ‘e wrâld.

06-03 maart Crowhurst

It wiene trouwens allegearre heale lunatics dy’t meidienen oan de Global Globe. Sa wie der in   Frânsman by, Bernard Moitessier, dy’t him, midden op de Atlantyske Oseaan, út de wedstriid weromluts op in momint dat er al in net mear yn te heljen foarsprong hie op de rest fan de float, njoggen sylskippen, allegearre stridend foar de haadpriis fan fiiftûzen Ingelske pounds (destiids, fjirtichtûzen gûne).

Net fier foar de einstreek yn Plymouth melde Moitessier de kaptein fan in foarbykommend frachtskip dat er sin hie oan nóch in rûntsje om ’e wrâld, dat hy joech syn riante plak yn it wedstriidfjild op en sei Europa goedei.

Hy woe him, sa’t er dat sei, de siele frijmeitsje fan al it materiële dat de minsken finzen hâldt. It belibjen fan de see yn hiel syn oerweldigjende natoer dy’t leechte is, wie neffens him de tagong ta it paradys. Under heech jeiende wolkens kearde er it wedstriidfjild de rêch ta en sette er fleurich de kant fan Tahiti út…

Oer ’e mûtse of net

Minder fleurich fergie it Donald Crowhurst. Hy hie  let west mei de tariedings foar it seeklear meitsjen fan syn tolve meter lange katamaran, in nij ûntwurpen skipsmodel dat yn tsjinstelling ta in gewoane, dûbelwandige sylboat minder gau kapseize koe. Mar om te sizzen dat it skip absolút seeweardich wie, nee, dat hie der wol oan. Winliken gie Crowhurst heal klaaid fan hûs, it boat hie noch net fan de helling mocht.

Mar útsein in tal pleziertochtsjes ûnder de kust fan Brighton hie er winliken net botte folle ûnderfining mei de seesilerij.

De lêste pekunia foar it yn ’e oarder meitsjen fan it sylskip hie er net mear by inoar krije kinnen. En it spul út eigen bûse te bestuiverjen, dat siet der net yn.

As sakeman mei in winkelnearing yn nautyske spullen wie er op in hier nei oer ’e mûtse gien. Fallyt. Dy driigjende finansjele situaasje hie him der lang om let ta set en doch mei oan de match fan de ieu. Mar útsein in tal pleziertochtsjes ûnder de kust fan Brighton hie er winliken net botte folle ûnderfining mei de seesilerij.

DC2_1
Donald Crowhurst (1932-1969)

Ahab

De dielnimmers koene tusken ien juny en ien novimber oan de race begjinne, sadat de oertocht fan de meast gefaarlike Oseaan yn de wrâld, de Stille Súdsee, by’t simmer plak hawwe soe.

Omdat der op ferskillende mominten oan de tocht begûn wurde koe, wiene der twa prizen, ien foar de siler dy’t it earst om de wrâld hinne wie en ien foar de dielnimmer dy’t dat it hurdst dien hie. Soe er winne, sa hie Crowhurst him betocht, dan soe er yn ien klap fan alle finansjele ellinde ferlost wêze, soe er it hûs, in riant stee yn de Ingelske countryside, dat syn skuldeaskers him ûnder de gat wei ferkeapje woene, behâlde kinne, soe er syn frou en bern in nije takomst gunne kinne en soe er de ivige rom hawwe fan de man dy’t it hurdst de fiif Oseanen fan de wrâld om syn finger wûn hie.

De fûlens en ferbitenens dêr’t er him mei yn it see-aventoer stoarte, ferskilde net folle fan de bline ferwoedenens wêrmei’t kaptein Ahab yn Moby Dick jacht makke op de grutte, wite walfisk. Fan dreamen en spoekbylden beheltere, besylt de minske syn tiid.

Kûgelsfeart

Crowhurst soe pas op ienentritich oktober, de lêste dei dat der noch oan de tocht begûn wurde koe, it seil hise. De hiele simmer hie er nedich hân om syn skip klear te krijen. Fan de njoggen dielnimmers wie er de lêste dy’t fuortsette. Hy hie him foarnommen om, ûnderweis op see, te besykjen om it noch net alhiel seeweardich boat fierder yn ‘e oarder te meitsjen.

Ek al hie er twivele er oft er wol meidwaan moast, hy hie gjin oare kar, stie mei de kloaten foar it blok. Mar hy wist foar wis dat as er no it seil net luts, dat er dêrnei, sûnder mis, wier fallyt wêze soe.

De pompen dy’t er nedich hie, wiene by fersin yn Plymouth oan de wâl bleaun.

Legers ferslachjouwers fan televyzje-, radio- en krante, ja, heal Ingelân stie op de kaai, doe’t syn boat mei klapperjend grutseil en fok ta de haven út brûze. It wie min waar, hjerstich en rûzich. Rillegau wie it gedonder oan board, seilen skuorden, akku’s rûnen leech en yn it foarûnder makke it boat, doe’t er healwei de Azoaren wie, licht wetter. De pompen dy’t er nedich hie, wiene by fersin yn Plymouth oan de wâl bleaun.

Ek al sonk him bytiden de moed yn de skuon, Crowhurst, net foar ien reefgat te fangen, sette troch. Foar de bûtenwacht hold er him grut. Te fernimmen oan de berjochten dy’t er oer syn boardradio oan it thúsfront trochdie, tocht men dat er er mei kûgelsfeart oer de Atlantyske wetters fleach.

De lochboeken

Hy bearde dat syn skip mei faasje om de wrâld hinne blaasde, dat er mei gong de Stille Súdsee oer gisele en dat God, heech yn it krieënêst fan syn skip, him de feilige feart joech. Yn werklikheid lei er stil, net fier út de kust fan Súd-Amearika, ôfdreaun en finaal út de koerts. Oer de radio hie er begrepen dat er as de lêste yn it peloton gjin inkeld útsjoch hie op hokfoar oerwinning ek.

Hy bleau lizzen dêr’t er lei. Neist in echt lochboek makke er in twadde, fiktyf lochboek, berekkene de rûtes dy’t er op de Stille Oseaan delgean moatten hie, hold mei help fan syn radio de waarsomstannichheden en oare wederwarichheden by en notearre alles sa eksakt mooglik yn syn falsk lochboek. Op it momint dat syn farrûte wer útkomme soe by de Atlantyske Oseaan en it plak dêr’t er omdobbere, soe er de tried fan de match wer oppakke en sjen dat er as de duvel sa hurd oan de finish yn Ingelân kaam.

Alle radiokontakt mei Ingelân en de fêste wâl wie wilens ferbrutsen. Lege batterijen, hie er de wedstriidlieding en it thúsfront yn Ingelân, foarliigd.

It lange wachtsjen, moannen oanien, allinne yn de sâlte, de geast tamtearjende wyldernis en ferlittenens fan de Oseaan, wie begûn.

De iensumens dêr’t er yn omheukere, biet him as sâlt de siel.

Koprinder

Crowhorst sette him ta it skriuwen fan in deiboek, lies Dostojevski en makke oantekeningen foar in essay oer god, de kosmos en de see, al waarden dy notysjes geandewei hieltiten betiizjender en dizeniger.

Kranksinnigens swom syn rigels yn.

De winter wie foarby, de maitiid yn it kommen, doe’t Crowhurst nei in foech acht moanne op de Atlantyske Oseaan omstompt te hawwen fia syn radio gewaar waard dat de earste silers Kaap Hoarn foarby wienen. Dat wie foar him it sein om it kontakt mei Ingelân yn ’e oarder te bringen. Alle noed en soarch oer syn grutte radiostilte, dy’t oan it thúsfront opfette wie as de stilte fan de siler dy’t yn de tsjusternis fan de weagen ferdwûn wie, wienen staf oer nacht oer en foarby.

Doe’t op in stuit ek nochris bliken die dat Crowhurst de iennige kandidaat wie dy’t yn de nominaasje kaam foar de oerwinning fan de Global Globe-race, doe kaam de wrâld ynienen folslein op ’e kop te stean. Elkenien wie út ‘e skroeven. Hoe’t er dat fikst hie, net te te leauwen, skreaune de kranten.

Mei in bytsje gelok, sa waard berekkene, soe er, ienkear werom yn Plymouth, ek noch wolris de snelste tiid delsette kinne.

donald_crowhurst1Skurf

Crowhurst stuts skean de Atlantyske Oseaan oer, sylde op nei de Spanje. Hy wie noch mar twa wike fan de einstreek, doe’t er oer de radio fernaam dat omtrint heal Ingelân fan doel wie om him yn te heljen. Sels de keninginne makke har op om de held fan it Britske folk te begroetsjen.

Wat langer wat mear bekroep him in benearjend en skurf meitsjende gefoel. Eangst dat men by it neirinnen fan syn lochboeken ûntdekke soe dat er er de saak belazere hie, soarge derfoar dat er de seilen nei ûnder helle.

It wie simmer, gjin wyn, dagen oanien. It sâlte wetter biet him de bleate hûd. Crowhurst siet foar op de plecht, seach it tillen fan de glêzene kimen, lappe sa út en troch in tal rigels oan syn essay, dêr’t er yn de winter, doe’t er ûnder de kust fan Súd-Amearika, mei útein set wie en fernaam wilens hoe’t syn boat stjoerleas op in blakstille oseaan omdreau.

Hy besocht de pinne oer it papier glydzje te litten, mar wat er oan wurden út krige, it wie de tsjustere en ûnbegryplike kant it neist. In kranksinnige god hie besit fan syn taal naam. Paranoia religiosa.

‘It is finished”

Let juny, heal yn it sicht fan de haven, dêr’t er net mear fan witte wollen hie, skreau er: ‘It is finished, it is finished. It is the mercy. (…) There is no reason for harmful.’

De radio gyng út, it kontakt mei it thúsfront waard ferbrutsen, Crowhurst ferdwûn, spoarleas, rûs yn de djipte fan it Neat.

In foech tsien dagen nei syn ferdwinen, waard syn boat weromfûn, ferlitten yn in oars noch relatyf goede steat. Wie er oer board stapt of wie er yn it lêstoan dochs noch ferrifele fan in heech oer it skip slaande weach doe’t er, sittend op baks- of stjoerboardsrâne syn oantekeningen makke?

Kader

De reis fan Crowhurst waard ûnder mear beskreaun yn The Strange Last Voyage of Donald Crowhurst (1970), in boek dat, begjin jierren santich, part útmakke fan de biblioteek fan de keunstner en seesiler Bas Jan Ader, dy’t seis jier nei Crowhurst syn ferdwinen op de Atlantyske Oseaan yn in boatsje, trije kear lytser as dat fan Crowhurst, de haven fan Cape Cod yn Massachusetts út sylde, mei it doel om in goed heal jier letter foet oan wâl te setten yn Amsterdam, in tocht dy’t ûnderdiel wie fan syn keunstprojekt In search of the miraculous, mar lykas Crowhurst sylde Ader syn eigen ferdwining temjitte, opslokt as er waard yn it Neat fan dyselde alles oerweldigjende Oseaan.