Alberto Moravia – Yn myn dream hear ik altiten in stap op ’e trep

guttuso_gr
Alberto Moravia (1907 – 1990) – Portret fan Renato Guttuso, 1940

Lykas in soad minsken haw ik it foar de moade om nei it middeisiten in knipperke te dwaan. Om’t ik in protte yt en drink, jou ik my maklik del. Ik sliep yn de studio, in prachtige souderkeamer, mei grutte finsters dy’t útsjoch jouwe op de hiele stêd. Sadree’t ik wekker wurd, spring ik fan de bank, set moai sterke kofje en set my dan, sûnder ek mar in minút te fergriemen, achter de skriuwmasine. Ik bin fan berop senarioskriuwer; op it stuit bin ik dwaande mei it skriuwen fan dialogen foar in film oer in dreech ûnderwerp: terrorisme. Hokker ferbân is der mei it ûnderwerp tusken dy film en in dream dy’t ik sûnt koart hieltiten opnij dream. Ik wit it net, mar faaks dat ik der achter kom as ik de dream fertel.

Dy dream giet dus sa: it is as komt ien by de treppen op, de houtene trep mei de lûd kreakjende trimen dy’t nei de souderkeamer rint. It is in betochtsume stap, wifkjend, as waard dy troch in foarnimmen ynholden. Dan stjert er wei, giet wer fierder, hâldt wer yn, en hâldt nochris yn en bliuwt lang om let definityf by de doar stean. Dan, nei in lange stilte, kloppet der in hân. Op dat stuit wurd ik wekker, rin nei de doar, doch dy wagewiid iepen en sjoch nimmen.

Mar yn myn dream bin ik der wis fan dat dejinge dy’t myn treppen oprinnen kaam de duvel is. Ik wit it salang’t de dream duorret, fansels. Ik bin der sels absolút wis fan wat de duvel mei my foarhat: ik sil dy mei súkses skewiele, mar yn ruil dêrfoar moast my dyn siel ferkeapje. Djip ynderlik beslút ik dat útstel te beäntwurdzjen mei in definityf nee-sizzen. Faaks hat it oan dat beslút te tankjen west dat ik op dat stuit wekker waard.

Wat betsjut dizze dream? Dat is helder: de duvel wol myn siel en jout my yn roal dêrfoar súkses. Mar ik wol gjin súkses. Ik bin immen mei in bytsje ambysjes, it iennige dat ik winskje is it belibjen fan de sleur fan in libben yn in beskate wolfeart, dêr’t myn senario’s oars ryklik noed foar steane.

Koartby ferskynt dy dream opnij. Dêr hawwe wy de wifkjende stap op de kreakjende trimen fan de trep; dêr it skoft om út te pûsten, dêr hân dy’t oankloppet. Mar diskear wurd ik net wekker lykas yn de oare dreamen; dêrfoaroer rop ik om der yn te kommen. En dan bart der wat frjemds. Ik sjoch dat de kruk fan de doar stadich, op in amper nei te kommen manier omdel giet, milimeter foar milimeter. In kel meitsjende tragens dêr’t de iennichste ferklearring foar wêze kin dat de ûnbekende besiker my bang meitsje wol. Wêrom docht er de doar net gewoan op? By dy lêste fraach wurd ik wekker en besef dat ik alles mar dreamd haw.

Alles, behalve it feit dat ien werklik oan de doar kloppet. Ik rop: ‘Kom deryn’ en sjoch dan mei in gefoel dat my de grize oer de grouwe gean lit dat de doarskruk hiel stadich del giet, lykas yn myn dream. Ik kin der net om hinne en tink: ‘Dêr silst it hawwe, diskear is er echt, is er werklik de duvel.’ Om’t ik ien bin dy’t in bytsje lêst en dan meast de tradisjonele dingen, is it net sà frjemd dat ik by it omdel gean fan de doarskruk besykje my it gesicht fan de duvel yn te tinken. Spitigernôch is it iennige dat my foar eagen komme wol it wenstige masker fan Mefistofeles mei bôge wynbrauwen, kromme noas en in lytse puntsik. Lang om let giet de doar iepen en dêryn ferskynt de holle fan in jongfeint mei in hingelsnor en lang hier. Botte duvels sjocht it der net út, earder prysterlik, sij it op de wize sa’t hjoed-de-dei safolle jongerein ûnder in asetysk uterlik de gewoane libbenshonger ferbergje. Mei in swier baslûd sei er: ‘Mei ik?’ Lyts man, yn ’e besnijing fan syn wissens sei ik dat er der ynkomme mocht. Dat docht er en dan stiet er dêr, midden yn ’e keamer, in strakke spikerbroek en in learen jaske oan. Hy is it trochsneed figuer mei lang hier, sa’t men dy by boskjes gean sjocht yn guon buerten fan de stêd. Mar twa nochal singelier dingen springe my fuortdaalks yn it each: in grutte, swartlearen tas, mei dêryn in protte fekken, dy’t er oer de skouder hingjen hat en in hân dy’t ûnhandich ferbûn is mei in stik gaas dêr’t bloed yn sit. Ik haw gjin aan wat der yn dy folle tas sit, mar it ferbân makket my dúdlik wêrom’t de doar sa stadich opgie. Hy sjocht erchtinkend om him hinne en seit: ‘Gjinien hjirre?’

‘Nee, inkeld ik.’

Hy rint nei de tafel en set syn tas del. Hy ferklearret: ‘Der sit wat yn dat ik út ‘e wei dwaan moat, sis do mar wêr. Wachtest op ien?’

‘Ik ferwachtsje gjinien. Earlik sein, dy ferwachte ik likemin!’

Ik sis dat om him oan it ferstân te bringen dat ik net begryp dat er hjir is. Mar hy nimt de wurden och sa serieus. ‘Och ja, dat wit ik, mar ik haw yn Milaan en dêrnei yn Napels west. Yn alle gefallen, bisto der klear foar, net?’

Mei it spul oanklaud, sis ik: ‘Der klear foar! Ik bin der klear foar.’

‘Moai, want wy hawwe werklik ferlet fan dy.’

De opmerking makket my nijsgjirrich. Wa binne dy ‘wy’. En wêrom hawwe se my nedich? Om tiid te winnen freegje ik: ‘Wat is er mei dyn hân te rêden?’

Hy wiist op de krante dy’t ik fanmoarn lêzen haw en iepenteard yn de stoel lizze litten haw, in fette swarte kop op de foarpagina. Hy seit: ‘O, dat is justerjûn gebeurd, se haw my rekke by in sjitpartij. Mar de fint dy’t my rekke, haw ik kâld makke.’

In tel wit ik net wat ik sizze sil. Nei alle gedachten, tink ik, hat de man, dy’t ik noch noait earder sjoen haw en fan wa’t ik net mear wit as dat er in terrorist fan links of rjochts of in by de died sels betrape dief us, him in doar fersind. Der wenje sa’n soad minsken yn dit hûs, dêr sil fêst ek wol ien of oare terrorist of gangster by sitte. Mar hoe kin ik him derfan oertsjûgje dat er oan it ferkearde adres is? Nei dy sinistere opmerking: ‘Ik haw him kâld makke’ kin ik my net bleatjaan. As er him in doar fersind hat, soe er likegoed by steat wêze kinne en meitsje ek my kâld, al wie it mar om in tsjûge út ’e wrâld te helpen. Hoeden freegje ik. ‘Hoe hasto my fûn? Hast de konsjerzje sein datst by mynhear Proietti wêze moast?’

Hy lit neat blike as er dy namme heard, gjin spier. Hy seit: ‘Ik bin daalks nei boppe gien. Wêrom soe ik wat freegje moatte? Ik haw hjir al ris earder west, ik heugde my hiel goed wêr oftsto domisylje hiest. Sliepst faaks noch?’

Ik wit net wêrom, mar ik sei: ‘Ja, ik lei te sliepen, ik hie in dream dy’t alle kearen wer weromkaam, dy dream spilet my no noch troch de kop.’

Der net op beret, freget er: ‘Hokfoar dream wie dat?’

Ik fertel him de dream en in tel moat er dêr sa hurd om laitsje dat ik oars net sjoch in rigele wite wolfstosken dy’t foar it ljocht komme. ‘Sis my ris, do bist dochs tafallich net fan doel om my derby te lapjen?’

Ik bin oprjocht ferstuivere: ‘Wêr hast it oer?’

‘De duvel soe ien fan de plysje wêze kinne oan wa’tst dy de siele ferkocht hast of daalks oan ferkeapje silst. Mar tink derom: ik haw hjirre in boarterke mei trije kûgels: ien foar him, ien foar dy en ien foar my.‘

Krekt dit klisjee út in trijestoerske roman makket my kel. Ik akselje tsjin: ‘Bisto no gek, sis?’

Hy waard der net oars om doe’t er fierder gie: ‘Yn alle gefallen is de duvel by dy oan it ferkearde adres, want do hast dy de siel al oan ús ferkocht en dy kinst net in twadde kear ferkeapje.’ De grize gie my oer de grouwe. Myn siel ik dus al ferkocht, wat yn gewoan taal sizze wol dat ik, wannear of wêr wit ik net, diel wurden bin fan in terroristyske of in kriminele organisaasje, ien fan dy yllegale groepen dêr’tst miskien wol maklik lid fan wurde kinst, mar dy’t dy perfoarst noait mear wer loslitte. Kwânskwiis sei ik: ‘Mei ik dy in fraach stelle?’

‘Hokker fraach’, sei er driigjend. ‘My wurde gjin fragen steld.’

‘Wurdt no net lilk. Ik woe inkeld mar witte hoe oftsto my kenst, wa’t ús oan inoar foarsteld hat.’

‘Wa’t ús oan inoar foarsteld hat? Casimo, ferdomme!’

‘Casimo, wa is dat? Noait net fan heard. Der alhiel fan oertsjûge dat ik it slachtoffer fan in fersin of in gearspannen, sis ik troaikjend en fermoedsoenjend: ‘O, Casimo! Fansels. Casimo, natuerlik. En by hokker gelegenheid?’

‘Do fertroust de saak net, hén? No dan: wy binne hjir mei inoar yn de kunde kaam, yn dizze keamer. Ik wie doe op ’e flecht en Casimo frege dy, om my foar in nacht ûnderdak te jaan. Ik haw hjir sliept, do hast my sels de kaai jûn. Dêrmei haw ik sa nyskes de doar iependien.’ En hy liet my de kaai sjen.

No haw ik myn beslút werklik naam. Ik sis freonlik: ‘Goed, ferstopje dyn tas mar wêr’tst wolst. Yn de tuskentiid sil ik nei ûnder om it jûnsiten te heljen.’

Wat beweecht him? Ynienen hellet er út syn jak in machtich pistoal foar it ljocht en set my dat op it boarst. Hy seit: ‘Nee, do komst net de plysje te heljen.’ Op itselde stuit wurdt der, god sij tank, oan ’e doar kloppe. It klopjen wurdt hieltyd lûder en yngeander en ik…wurd wekker.

It wie dus gewoan in dream yn in dream, sasein! ‘Mar der wurdt noch hieltiten kloppe en ik rin nei de doar, doch iepen en dêr stiet Casimo yn heechst eigen persoan, myn bêste freon. Ik fal him yn de earmen en sis dan: ‘Tink dy ris yn, ik haw fan dy dreamd. En ik hold út dat ik dy alhielendal net koe, net ienris wist wa’tsto wiest.’

Casimo seit: ‘Bravo, do bist my in aardige maat.’

Dan fertel ik him de dream. Hy sjocht betinklik, tinkt nei en seit dat: ‘Mar witsto wol dat soks werklik bard is? Yn 1968 kaam ik op in jûn by dy mei in Enrico, in fint dy’t aktyf wie yn de studintebeweging. Hy wie op ’e flecht nei ien of oar trelit mei de plysje. Op myn fersyk mocht er hjir sliepen bliuwe. It heucht my sels noch dat wy dy jûn gâns wille hiene, wy ieten en dronken ek it nedige.’ Ik bin ferstuivere. ‘Dy Enrico, dy hat dochs net, tafallich, net belutsen west by in sjitpartij fan earjuster?’ En ik wiis op de krante dêr’t ûnder de kop in rige foto’s te sjen is.

Hy sjocht en skodhollet: ‘Nee, hy is der net by.’

Hy wifket in tel en dan foeget er ta: ‘Mar de kaai fan it hûs haw ik him dy deis net jûn. Dy joech er oan my. Ik haw in famke en ik wit net mear wêr’t ik har moetsje kin omdat ik doe noch thús wenne. Dêrom frege ik dy om dyn keamer en do joechst my de kaai. My heucht sels noch in grapke datsto makkest doe’tst my dy joechst. ‘Hjir,’ seidest, ‘myn hûs yn myn hûs.’

Oersetting: Eeltsje Hettinga

.


Alberto Moravia, De vrouw met de zwarte cape, Wereldbibliotheek, Amsterdam, 1986.

 

guttuso_gr