It bloed fan Breughel – De jagers yn de snie

DE JAGERS YN DE SNIE

 

I

Troch it deldragend winterbeamte
ropt nei de lange jacht de bline
driuw nei hûs en wente. It is al
let yn ‘e middei. Yn de bedelte
tjirget har it lytse winterfolk.
De froast en ûnherberchsumheid
fan ’e fierte wol treast, glidet
in pearke oer it iis. De fuorman
lûkt en moannet syn oksen.

Healwei de brêge ûnder in prúk
fan prikfjoerguod bealget libben
him krûm foar in bytsje waarmte
yn de hurd, ha, as it foartiden
al net beswykt ûnder de fracht
fan it eigen gewicht. De holle
djip foardel bûk’lje twa froulju
hastich de doarpsfeart oer, dôf
foar de skarrelder yn de wylgewâl.

De fochtige noazen fan de reade
jachthûnen yn har sok bokselje
oer de steile heuvels de jagers
fierder de snie troch. Wat hâldt
har, djip yn gedachten wei, noch
op fuotten? It wyld oan stokken,
de hite langst nei hûs sa’t by
de herberge de kjeld en skroei
keard wurde fan ’t okeren fjoer?

Djip fan stilte laden is it lân,
mei iis dat in mear as bonkige
winterloft wjerspegelet. En dêr’t
hoekich en stomp de bergen swije,
skûlet yn ’t beamte it fûgelte
dat dûnker as de dea, de rûmte
op ‘e kuer hat, o, op ’e swarte
wjokken roppich de djipte yn-
saait as tiid har wankend krús.
.

II

Dit âld winterlânskip dat yn al
syn ienfâld fan linen, foarmen en
kleur it each abrupt oerweldiget,
nimt jin mei de list yn ta bewiis:
nimmen wynt him wei foar it wêzen
fan de natoer sa’t by it wekker
wurden gjinien de tsjustere Alp
fan syn neare dream negearje kin,
oars net as op eigen hals en kiel.

Wy binne, by eintsjebeslút, yn Freud
syn Wenen; ek al hie Hear Breughel
yn syn tiid net de hege kanapee
ta syn foldwaan, de midsieuwen yn
minskene brein binne der sûnt net
minder om. (Djip yn it ravyn fan
har paapske geast bidt Eastenryk
oedipudaal oan de Maagd Maria.
Sette hjir net in oarloch útein?)

In winterlânskip. In werklikheid
sprekt mar rekkenje net fansels,
al hat men ek de mooglikheid om
lykas de hastich foarbyflitsende
toerist, it gehiel waar te nimmen
as inkeld in moai wintertafriel,
in perspektyf foar in wite Kryst
(dy’t allang begroeven is) of as
in thús by it behang passend stik.

Salang’tst dysels oan de bûtenkant
hâldst fan it yn wêzen gefaarlike
byld rinst, útsein it triviale
fan in neatsizzende werklikheid,
gjin risiko. No ja… besjoch it
ek mar! Alde Sigmund-om sil der
grif in prachtige ferklearring
foar hawwe. Hear Breughel, hy ferget
it each oant wier it byld jager wurdt.
.

III

Feninich sa’t de bolle wyn my
troch de bombasinen mantel snijt.
Myn bruorren, ha hja likefolle
fan de kjeld te lijen? Hja swije.
De gesichten sitte stiif op slot.
Elk fan ús draacht yn ’t prisoen
fan de boaze tiid syn eigen lot.
It bloed dat oan myn hartefanger
klibbet, beswierret my de siele.

Dat it har wizânsje wie en flean
op swarte katten de loften troch
wie mar in útfynsel. Net sij, wy
wiene betsjoend; as hûnen sa dûm
binn’ wy ús oan har te bûten gien.
Hear it spytgnyskjen fan roeken
en wyn, in duvelsk motet dat is
de skriklike neigalm fan har dea
yn it reade wâld fan it gewisse.

Trijeresom beare wy dat wy froed
as altiten op hûs oangean as wie
der donderkater neat bard, as kinn’
wy, bûten skuld, werom ta it âlde
doarp, it Hyperboreäs, fan foar
de jacht. Ay, dwazen dy’t wy binne.
Wy skouderje stilwei de herberch,
benaud dat it folk ús de grouwel-
died fan it skurve antlit lêst.

O, in pear bline dolkstjitten. Dat
wie it ferskil tusken de by- en de
deasliep. De wite bosken kleuren
fan har lichem read. Gjinien fan
myn bruorren dy’t heart hoe’t no
har lyk yn it tichthûs fan ‘e siel
omraast. Ik, dy’t fan Gabriël hiet.
De heuvels del faksearje my earst
de flokken as triennen út ’e hel.

.© Eeltsje Hettinga 

Sj. ek: Remco Ekkers, ‘Op jacht en daarna’, Akten fan winter, Trotwaer. Jrg 32.
.
.