Dichterskollektyf negearret mearderheid (Frysk) literêre fjild. II

Gjin Tsead Bruinja, gjin Arjan Hut, gjin Elmar Kuiper, gjin Wilco Berga, gjin Bartle Laverman, gjin Albertina Soepboer, gjin Josse de Haan, gjin Piter Boersma, gjin Steven de Jong, gjin Paul van Dijk, gjin Willem Abma, gjin Sigrid Kingma, gjin Erik Betten, gjin Lida Dykstra, gjin Marije Roorda, gjin Jouke Hylkema, gjin Jan Kooistra, gjin Hidde Boersma, gjin Grytsje Schaaf, gjin Remco Kuiper, gjin Janneke Spoelstra, gjin Margryt Poortstra, gjin Baukje Wytsma, gjin Jelle Kaspersma, gjin Jantsje Post, gjin Jabik Veenbaas, gjin Durk van der Ploeg, gjin Benny Huisman, gjin Meindert Bylsma, gjin Leo Popma, gjin Matty de Vries, gjin Meindert Talma, gjin Nyk de Vries, gjin Eeltsje Hettinga… ensfh..

Al dizze nammen, en ik sil fêst guont oer ‘e kop sjoen ha, ûntbrekke yn it rychje fan amperoan tweintich minsken dat neffens it parseberjocht ‘Alternatyf plan foar Dichter fan Fryslân’ oanstjoere wol op in kollektyf dichterskip foar twa jier.

Ek oarstalige, yn Fryslân wenjende dichters dy’t yn de gelegenheid steld binne om yn ’e nominaasje te kommen foar it Dichterskip fan Fryslân (DfF), meitsje gjin part út fan it kollektyf.

Guon soene in dielname noch yn berie ha (de list is foarriedich), mar foarearst falt op dat it tal dat net oan it dichterskollektyf meidocht grutter is as it tal dat al meidocht.

Optwongen

No doch ik sowieso net mei oan it demokratysk mishipte inisjatyf fan dit kollektyf, mar my, en mei my ek party oaren, sa learde in lyts telefoanrûntsje, is net frege oft ik my by it inisjatyf oanslute woe, lit stean dat ik kundskip krige fan de ynhâld fan it alternative DfF-plan.

Dat plan krige ik pas tastjoerd op tongersdei, 31-08.

Lykwols, ôfrûne moandei, 28-08, wienen fertsjintwurdigers fan it dichterskollektyf al op it Provinsjehûs om har alternative plannen te bepraten, mei as doel: de Steaten te bewegen om it DfF kwantitatyf oars yn te klaaien.

Oftewol, in lytse minderheid fan Fryske dichters besiket in mearderheid yn it literêre fjild yn dizze provinsje har inisjativen op te twingen.

DfF-sjuery

It foarstel foar in Dichter fan Fryslân komt oarspronklik fan de PvdA-fraksje yn de Steaten. It is jierren oanien bepleite, sûnder dat der yn Fryske literêre en letterkundige rûnten ek mar iennich ferset tsjin wie.

Doe’t o.m. skriuwer-sjoernalist Abe de Vries fernaam dat der in DfF-sjuery foar in kandidaatstelling oansteld wie en dus hy net foar it amt fan DfF frege waard, doe wie de boat oan.

De Vries syn seare teannen waarden tsien net te mjitten lange teannen.

Mei in soad mispleatst raketfjoer en in singulier soarte fan provinsjalistyske benyptens waard besocht om it wurk en de kwaliteit fan de leden fan in literêr goed ûnderleine DfF-sjuery, besteand út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, ûnder út te heljen, leech te lizzen en te belekskoaien. [sj.: ‘Dichter fan Fryslân, gjin slippedrager’, LC, 28-08.]

Poepjes’ winsk

De oanlieding foar it troch De Vries yn gong sette âljen en balten tsjin in DfF-ferkiezing en it o.m. troch Syds Wiersma op priemmen set kollektyf DfF, wie de útspraak fan kultuerdeputearre Sietske Poepjes by Omrop Fryslân oer de mooglikheid dat ek in amateur-dichter it provinsjale dichterskip taparte krije kinne soe.

Dêr is, en gelokkich mar, in ûnôfhinklike en literêr saakkundige DfF-sjuery oansteld dy’t by steat is en besparje de provinsje de ramp fan in amateur-dichter, lês: Poepjes har nasjonaal populistyske winsk en stel in dichter foar it folk oan.

Miste kâns

Last but not least, in lytse minderheid fan krekt tweintich dichters besiket de Steaten in alternatyf DfF-plan op te kringen, noch foardat de ynhâld fan de alternative plannen yn de media en yn in breed (Frysk) literêr fjild buorkundich makke wie. Ay, as wiene wy hjir yn Timboektoe!

Dêr’t yn Flaanderen en Nederlân de funksje fan Dichter des Vaderlands mei kwaliteit, alluere en kasjet útdroegen wurdt, dêr kin Fryslân, sa’t skynt, sokke monumintalens net ferneare. Spitich. Wat in miste kâns!

Eeltsje Hettinga, 31-08