Akten fan winter -Te pearde, te pearde
.
NACHT OER GREONTERP
Ut mar en poel stalt mist myn nacht.
De trein Staveren-Snits
dêr’t hja mei út it Suden kaam,
dûkt leech in dûnkere ierde yn.
As har lichem wurde polder en pleats wei
yn in hielal sûnder gesicht.
De Ljouwerter oan kant, de radio út
fertelle popel en flear yn it risseljende
hôf fan Galema, ivich mear.
Op klompen, klappend as klokken,
giet yn it ôfljochtsjen de skym fan Eling
neffens syn biedwurd: ‘Wat let wurdt,
ropt ta de freugden fan it libben.’
It doarp jout him del ûnder
it krúsbyld boppe syn kûster, sliept
as in roas op in krâns fan gebed, burgen
yn syn boeretiid op Gods tsjil,
sa’t ik leaude yn har oan wa’t ik
myn romte, tiid en sjongen ûntliende.
In flesse Southern Comfort foar de greep
stook ik op ’e tegels in fjurke
fan kranten en blaas my de Tiid fan
it skynber gewichtige nijs oan
en wei, jiske op ’e romte.
Elk wurd docht langer de dracht
fan stilte tekoart.
Finzen yn it helle ljocht
fan de bûtenlantearne springt in hazze
yn ’e pearze earen fan de koal en harket;
guozzen en ljippen krite ûnrêst
boppe de bline polder. Lûdop
rin ik om te praten yn mysels.
Songen is it liet fan simmer
en ûnoantaastber fier har antlit dat
as de sinne, lôgjend boppe mar en poel
my ûnoerwinlik makke,
de ûnbegrinzge dei,
wylst sit ik op yn myn nacht
dêr’t nimmen yn komt,
ferslein lyk Antaneus yn syn moardnerswaar.
Dronken taast ik nei de ynsakke foarmen
fan har rôken en beha dy’t
hjir noch boppe de kûster hingje.
In kâld stee, dit lichem, fan skrouskens beset.
Pleats noch plak hat it libben
dat no sûnder gesicht fan leafde is.
Elk wurd docht langer de macht
fan stilte tekoart, of sa’t P. sei:
‘Gjin wurden. In gebeart. Ik skriuw net mear.’
©EH ( Akten fan Winter)
PETEAR
Wat? It gûlen oft ik dat heard haw fannacht?
Bedoelst de katten, dy kringen en har maartsk gejengel.
Ik sil har strûpe, oan smots slaan
as jachttrofee achter de taap hingje.
Dat net? Wat dan? Stiennen dy’t skriemden?
Mealt it dy of sa of is dit foar de poerlegrap.
Soa, binn’ wy fan de stiennen en de dingen om ús hinne
de stim dy’t wy net ta sjongen brochten,
sûnder iepenbiering út ‘e wei giene en fergeaten,
wy dy’t by’t nacht skuldich oereinspatte
yn de deadsskreau fan in aloan ta skrikbyld fertrape doe?
Hậld no gau eefkes op, do mei dyn razen-
de stiennen, hokfoar moaie bazen
binn’ dat dy’t in minske sa
troch de mesken fan werklikheid syn gekte ynslingerje?
Kom op, ta de oarder fan de dei,
lit de ferbylding en stimmen en nim noch ien.
Tink derom, gestichten genôch binn der stifte foar
wa’t teltsjes út stiennen begûn te bikjen.
©EH ( Akten fan Winter)
DE JACHT III
Hoar klonk de riemslach fan boer
Bakkers pont oer de Yntemafeart,
it iis kreake, in hardershûn fan
Dútsk formaat stode lilk oer it hiem
‘Foar hjoed is it dien, at jo noch nei
de Hel en it Heidenskip wolle.’
Yn it tsjuster sette ik de skossen
as wie it mar in hoannestap om nei
de oare kant te kommen. Boer Bakker
roeike my achterop. ‘Skipper bin ik,
gjin lykfisker. Stap yn, en fertel.
‘En jo tinke har te finen yn ’e Hel?
Kom, nim dan myn bakfyts te lien,
hja is jo al in ivichheid yn it foarút.’
©EH (Akten fan Winter)
TA BEGEARTE FAN GEAN
foar rrrv/dl
Te pearde, te pearde foar ’t reade famke Libanon
Waans portret ik seach, stoned yn ȃld Avignon.
Hja sjongt de lieten fan dier en beamte, slacht
Reinder út de rotsen fan onyx, in simmernacht
Is har Gryks boud liifke, fjoer drage har eagen
En oerryp is de gielguorde fan har golle geast.
Ergens achter glêzene rivieren sit hja op, trije
Trijekleuren op skurte, lêzend by alle woldijen
Yn hear Villon, it nonkeljend famke Libanon,
Lyts skapulier yn it brevier fan dage dy’t jong
Oer alle mieden en kûzemûzjende dieren komt.
Rûke kin ik har yn de wite tsjelken fan de aron.
Reedzje my de happe om no fuort fan dea en
Dûm op reis te gean – oan har tenei myn jûnen.
En ik sil har bringe gouden brakteäten, sidene
Hoazzen, krispele slofkes, fideootsjes, gystene
Begeartme, o folle net genȏch. It is tiid en gean.
Stoned yn Avignon sit my in ferlangen te hean.
Lit famke yn hoare fierte hearre it droanen fan
Myn hoegen, ek as ik noch mar amper in hȃn
Foar eagen sjoch, wylst libben yn dampe bosk
Fan dûnkere mûklagen belegere, boas en hosk
Twongen wurdt ta grutte omwegen, – witte sil
Hja dat ik kom oer Nijjurk, Oaxaca of Langelill’.
In ridder dreaun fan har byld rȏvje ik har stim:
‘Hjirre drink fan myn molk-en-bloeden lichem.’
En ik sil stean it fenyn fan kristusdoarn, de tút
Fan de Mob en de pokke fan kloathommelske
Keallepoatboeren dy’t mei leipe mûntsegieren
Foar mear as smearkanus opslane, de klieren,
Houwe sil ik har de klaai-okske troanjes, ek al
Komme der tûzen koleare koppen foar yn ’t plak.
Muzen yn ’e east, leavje om’e súd, moardzje
Moat men earst, omdoarmje, ay, siele kardzje
Allinnich en dûm as yn de oere fan de dea sa’t
Men earst ek daaie moat de smaak fan nacht,
Slachthûzen en liken, eardat leafde de deade
Dingen fan tiid foar in sjongen jout. Te pearde,
Te pearde dêrom foar it reade famke Libanon
Dat hyt by alle begeartmen ropt oare kant fan
De rivier: – Jou no nacht hastich dyn spoaren,
Al wa’t net giet, komt net mear ta feroarjen.
>Ut: Akten fan Winter – ©Eeltsje Hettinga
.