Vier fluisterende poëziemachines in Tresoar
‘Au Musée’ is ien fan de fjouwer troch Machteld van Buren en mysels makke poëzymasines yn it Visual Poetry Projekt Sssst…! hjir flústeret de tiid, sa’t dy te sjen is yn de stúdzjeseal fan Tresoar. De oare trije masines litte wurk sjen fan Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Sytse Jansma.
flústerjende poëzymasines.
Betinker fan ssst…! hjir flústeret de tiid Frank den Oudsten: “It giet om in ferkenning fan it floeibere grinsgebiet tusken taal en byld. It ensemble is te sjen yn de stúdzjeseal fan Tresoar, het Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum. De stadich bewegende ynstallaasjes ferhâlde har ta dy romte as in souderskildering fan Tiepolo ta in kleasterbiblioteek út de Barok. It is de fuortsetting fan de praktyk fan it argyf mei oare middels.”
Nei de iepening fan Leeuwarden-Fryslân 2018, draaie de poëzymasines in hiel jier lang dei en nacht troch…
Trije febrewaris, jûns om 15.00 oere, binne der optredens fan ferskillende by Sssstt..! belutsen keunstners, ûnder oaren fan Machteld van Buren en ûnderskreaune.
@Eeltsje Hettinga