It geheim fan Jan Jacob Slauerhoff – fraachpetear mei Augusta Buwalda-Slauerhoff
Morgen rijd ik met bedwelmende bloemen naar je toe. / Ik wil niet langer wachten, eindelijk weten hoe / Je bent; de bloemen zullen je verraden. / Als je liefdeloos bent, zullen ze kwijnen en treuren; / Als je kwijnt van verlangen, heviger geuren; / Als je brandt van verlangen, hun knoppen scheuren / En jij in een groot gebaar al je gewaden.’
De earste rigel fan dit gedicht, dat út de bondel Serenade (1930) komt, krige yn 2011 in plak op in grut boerd oan de yngong fan de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert, it plein dêr’t yn de foarige ieu de troch Slauerhoff besochte Rijks-HBS oan grinzge, it plak dêr’t hjoeddedei de rjochtbank Noord-Nederland te finen is.
Strjittepoëzy is moai, mar troch alle útlaatgasdampen yn de parkeargaraazje hearde ik mysels op in stuit – bláf-bláf-bláf – sa raar rocheljen dat ik gau wer boppegrûnsk wie. Oer de Wirdumerdyk sette ik nei izerhannel Postma oan de Foarstreek foar in nij bûsknyft. Dêrnei woe ik even del by it eardere wenhûs fan de dichter, Foarstreek nûmer 26. Dat is oars net syn bertehûs, want dat stiet oare kant de Foarstreek, op nûmer 33. Bûten tsjin de muorre njonken de etalaazje fan Slauerhoff Interieurs hinget in betinkingsplakette, mei dêrop de earste strofe út it gedicht ‘Woninglooze’, in fers dat úteinset mei ien fan Slauerhoff syn meast ferneamde rigels: ‘Alleen in mijn gedichten kan ik wonen.’
Yn de winkel oan de Foarstreek dy’t twa jier ferlyn oer de mûtse gong, is it stil. It yn 2001 troch byldhouwer Ben van der Geest makke boarstbyld fan Slauerhoff dat jierren oanien yn de saak stie, ferhuze nei boekhannel Van der Velde oan de stille kant fan de Nijstêd. Net lang nei it fallisemint die bliken dat Slauerhoff Interieurs in trochstart meitsje koe. De namme Slauerhoff pronket, gelokkich, noch altiten oan de gevel. Neffens de eigner komme de lêste jierren noch mar selden minsken yn de saak dy’t op ‘Slauerhoff-beafeart’ binne. ‘Ik denk dat de jongere generatie hem eigenlijk niet meer kent. Een beetje jammer eigenlijk, want het was geen slechte dichter.’
Oft it werklik sa is dat de jongere generaasje net mear des Slauerhoffs is, kin yn ’e kiif steld wurde. Nynke Laverman bygelyks presintearre oait it album Sielesâlt, mei Fryske fado’s op basis fan troch har ferfryske Slauerhoff-gedichten. Aktrise Margje Wittermans makke de muzykteater-foarstelling VluchtGoud, in stik dat se ûnder mear op Flylân spile en dat letteroan te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Yn de hjerst fan 2012 waard yn Utrecht in grut Slauerhoff-festival holden, mei teaterfoarstellings, lêzingen, films, konserten, literêre diners en eksposysjes oer de dichter, dokter en swalker, in festival dêr’t destiids in hiele trits skriuwers oan meidienen. Under harren in grut tal relatyf ‘jongere’ dichters: Ester Naomi Perquin, Ellen Deckwitz en Menno Wigman. Rûnom yn it lân binne alderlei Slauerhoff-groepen warber lykas de yn Ljouwert festige Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff, in organisaasje dy’t ien kear yn de twa jier in poëzywedstriid foar de jongerein tusken tolve en achttjin jier op priemmen set.
‘Bargebiten’
Werom nei it hûs oan de Foarstreek, nûmer 26. Jan Jacob Slauerhoff sr. hie der oait in behanger- en stoffearringssaak. De wente mei de klokgevel, dêr’t Slauerhoff syn jeugd ferbrocht, komt ûnder oaren nei foaren yn it yndrukwekkende ynterview dat Boudewijn Büch (1948-2002) yn 1985 hie mei de doe 84-jierrige Augusta Buwalda-Slauerhoff, de jongste suster fan de dichter-dokter, in enerzjike, skrandere en fitale frou dy’t op ynnimmende en faak moai geastige wize oer har ferneamde broer en dichter fertelt.
Augusta Slauerhoff, dy’t ferneamd wie nei har omke Gustaaf Slauerhoff en dt’t dêrom ek wol ‘Guusje’ neamd waard, praat oer de dichter syn jeugd, syn ivige siik wêzen – Slauerhoff wie in libben lang slim astmatysk – syn skoalletiid op Flylân, syn studintetiid yn Amsterdam, de fammen en froulju, syn omgong mei kollega-dichters lykas Marsman, Du Perron en Adriaan Roland Holst, syn pesterijen, syn freonskippen dy’t hast altiten omtearden yn rúzje en fijânskip, syn lêste dagen yn Hilversum dêr’t er, krekt achtentritich jier âld, te ferstjerren kaam en last but not least oer de dichter syn bân en ferhâlding mei harsels ‘Guusje’ en de rest fan de famylje Slauerhoff.
‘Nu praat ik nog een keer over Jan. Verder zeg ik nooit meer wat en neem het geheim mee in mijn graf.’
Bytiden, sa docht blikken, foel der by de Slauerhoffen wolris in wurd Frysk, bygelyks as Slauerhoff sr. yngripe moast omdat de bern, mei-inoar seis yn tal, thús oan tafel werris yn it pleagjen en dwersbongeljen wiene en it, bolbjirken, op in fjochtsjen setten. Augusta Slauerhoff komt op dat ûnderwerp wannear’t se drok op ’e tekst is oer de eigenaardichheden fan de dichter Hendrik Marsman, dy’t sa út en troch wolris by har broer yn Ljouwert op besite kaam en oer wa’t se op in stuit opmerkt dat ‘ze wel eens een beetje zo met hem heeft gestoeid, weet je wel.’
Büch freget ferheard: ‘Wat krijgen we nou, u heeft met Marsman gestoeid?’
Slauerhoff syn suster laket fleurich, hast ûndogensk.Büch, yn in griemmank fan nijsgjirrigens en feralterearre wêzen, ropt: ‘Wat was dat dan, dat gestoei van u?’
Augusta Slauerhoff: ‘Nou, stoeien is gewoon een soort van vechtlust, maar dan op een goede manier. Niet ernstig. Dat deden wij vroeger. Wij vochten na het eten… het hele stelletje. Mijn moeder zat op de stoel en wij, wij rolden allemaal zo over de vloer en dan zei mijn vader: ‘En nou ophouden, nou wordt ’t bargebiten.’
Slauerhoff syn suster hat har by libben eins amper útlitten oer har ferneamde broer, teminsten net yn it iepenbier. Mei it fraachpetear dat Boudewijn Büch mei har hie, ferbriek se, by wize fan útsûndering, it swijen oer de dichter, de broer dy’t har leaf en dierber wie. ‘Nu praat ik nog een keer over Jan. Verder zeg ik nooit meer wat en neem het geheim mee in mijn graf.’
Augusta ‘Guusje’ Slauerhoff ferstoar yn 1995 yn har wenplak Haarlem. It geheim dat Slauerhoff syn suster mei it grêf ynnommen hat, dat sil, pratend oer de Rimbaud fan Ljouwert, ‘het mysterie van Jan Slauerhoff’ bliuwe, sa’t dat Boudewijn Büch dat neamde.
.