De sirkel rûn – Durk van der Ploeg –

Van der Ploeg
Durk van der Ploeg (1930)

Durk van der Ploeg krige yn 2011 de Gysbert Japicxpriis taskikt foar syn hiele oeuvre. Dat betsjutte dat de heechste literêre priis yn Fryslân him ek takend wie foar syn poëzy. Yn it sjueryrapport wie dêr lykwols net of amper omtinken foar. Yn it betide wurk fan Van der Ploeg lûdet ûnder mear it dichtwurk nei fan de Ingelsk-Welske dichter Dylan Thomas, fan waans poëzy benammen yn de jierren sechtich en santich fan de foarige ieu in oerweldigjende rop útgie, sawol yn de Nederlânske, Flaamske as Fryske literatuer.

Van der Ploeg debutearre yn 1955 mei in tal Nederlânstalige fersen yn it kristlik-literêre tydskrift De Ontmoeting. In jier letter mei Frysktalige fersen yn De Tsjerne. Yn 1959 joech er syn earste bondel lok op eachlingte yn it ljocht, poëzy mei in modern-eksperimintele ynslach, dêr’t him ek de ynfloed fan de Vijftigers yn te fernimme lit. Fiif jier derfoar hie de dichter Jan Wybenga de bondel Amoeben (1954) publisearre, eksperimintele poëzy sa’t dy net earder yn it Frysk skreaun wie. Lykas by Wybenga gie it yn Lok op eachlingte om frije, net rymjende fersen, sûnder ynterpunksje en haadletters.

Doch keas Van der Ploeg by de publikaasje fan syn ‘nije’ poëzy net foar it eksperiminteel literêre tydskrift Quatrebras (1954-1967), mar foar De Tsjerne. Dat foer yn dy dagen in mear konservatyf literêre koers. Gyng it mooglik om ferskillen yn tinken en wrâldbyld? Quatrebras, mei dêryn dichters as Marten Brouwer en Hessel Miedema, ynspirearre en beynfloede as hja wiene troch it wurk fan Nietzsche, Sartre en Camus, hiene yn alle gefallen neat op mei De Tsjerne. Ek kin it sa west hawwe dat it mear moderne, ateïstyske en stedske karakter fan Quatrebras Van der Ploeg faaks minder oanspruts. Van der Ploeg wie debutearre yn in kristlik literêr tydskrift, De Ontmoeting.

‘in wifkjende wurdskepper’

Yn it sinrike, sa altemets ekspresjonistysk bylkjende lok op eachlingte nimme de ûnderwerpen tiid en religy en God en natuer in wichtich plak yn. De bondel set útein mei it gedicht ‘genesis’, in fers dêr’t Van der Ploeg in tal tema’s yn delsette dy’t in konstante yn syn oeuvre wurde soenen, te witten: de skepping (‘it lytse begjinsel fan de oerkreft’, sa’t it fierderop yn de bondel hjit) en de minske dy’t himsels syn eigen skepper is. It ien en oar is gauris keppele oan it winnen fan lân en wurden. Wat dat lêste oangiet, neamt er himsels ‘in wifkjende wurdskepper’ (s.23), ien dy’t in neifolger, ‘in epigoon’ (s. 31), wêze wol fan de manier wêrop’t Adam ienris, yn in fier oanbegjin, de dingen en dieren fan in namme foarseach..

adam stie mimerjend oan ’e rivier
libbene fersen te lêzen yn it wetter
skreau doe de wurden
mei tinne fingerseinen
yn it sân fan ’e rivierbêdding
dêr’t de dieren dronken en
harren eigen namme liezen

wol ik it dichterskip fan adam
net yn mysels efterhelje
()

 

Yn dit betide wurk fan Van der Ploeg tilt it op fan alderhande frjemdsoartige wurden lykas ‘hiëroglyfysk’, ‘fossyl, ‘amoebe’, ‘mikrokosmysk’ ‘kubistysk’, ‘yntuysje’ en ‘atoanaal’. Anne Wadman repte yn dat ferbân mei rjocht fan ‘in hinderlik yntellektuele oerspanning (…) dy’t de gedicht-wurding yn de wei steane.’

DTDurk van der Ploeg syn fassinaasje foar de skepping en it skeppende spilet ek troch yn It libertynsk gehucht (1964), de mytysk-symboalistyske bondel dêr’t ûnder oaren de stim fan Dylan Thomas yn meilûdet. Sawol yn toan as taal binne der frappante oerienkomsten tusken Thomas syn gedicht ‘Fern Hill’ en de fersen ‘liet fan de harder’ en ‘gedicht fan de frijheit’, it iepeningsfers fan It libertynsk gehucht. Oan de ynfloed fan Thomas like yn dy tiid, begjin jierren sechtich, hast net te ûntkommen. Thomas is yn dy sin in ‘gefaarlike’ dichter. Foaral de (jongere) noch sykjende dichter wol him/har noch wolris troch syn styl en stim fertokje en oerweldigje litte. Nim bygelyks it begjin fan ‘De bittere geur van zomer’ út de bondel De eeuwige dag (1964) fan Jaques Hamelink (1939) en lis dat neist de earste strofe út ‘Fern Hill’:
.
.

       Now as I was young and easy under the apple boughs
           About the lilting house and happy as the grass was green,
              The night above the dingle starry,
                Time let me hail and climb
             Golden in the heydays of his eyes,

                                                        ()

By Jaques Hamelink galmet en docht it op dizze manier: 

         In de eeuwig durende zomer vol onbegonnen
werk klauterden wij smorgens vroeg al op de karren
rijdend naar het in brand gevlogen land
          de mendeuren van de schuur konden niet wijd genoeg open
op de middag plat op de buik in de bedwelmende schoven
gleden wij het donker binnen als een moederlijf.

(…).

It gedicht ‘it liet fan de harder’ fan Van der Ploeg hat  soartgelikense evokative rigels yn de iepeningsstrofe:

.
Hoe wie ik jong en bliid om it hû
Op it Heech yn de blink fan it dal, 
As simmers ûnder de apels it liet, 
Helder it liet fan de hoeven klonk.
.

         ()

Hamelink en Van der Ploeg diele net allinnich de lyryske en evokative styl fan Thomas, mar hawwe ek in tal oare tema’s mien, lykas it ferlerne paradys fan de jonkheid, it skeppende begjinsel fan tiid en yn it ferlingde derfan de organyske ferbyntenis tusken alle bouwende en brekkende krêften yn en fan de natuer, oftewol: het plantaardige bewind, sa’t it by Hamelink hjit en last but not least, de dea. Yn It libertynsk gehucht krije dizze ûnderwerpen ûnder mear stal yn ‘masinale bloei’ (s. 36), in proazagedicht, mei in toansetting dy’t sûnder mis en hast absolút dy fan Thomas en dy fan Hamelink is:

.
……..
Hoe prachtich groeide it stille wetter yn de bêddingen fan de ierde doe’t ik
……..boarte ûnder de wyt winkende bloei fan de hôven yn it fjurrich wek fan de
……..sinne. As in lims stie it ljocht glimmend yn de stammen. Hoar klonken de
……..hoeven oer it Stienfjild. En yn myn forbylding wist ik de ruters dy’t driftich de
……..spoaren yn de flanken setten. De stimmen fan de minsken hingen oan it
……..ljochtflues  fan de wrâld. Mar inger it ljocht, kroep de joun as in hierrige
……..houn troch it gers. Hoe tynden doe de apels oan de tinne twigen en sprongen de
……..earste frucht-en ervich út ’e hoalling. Ik riek my nei it wûnder fan de
……..tûken en tepte my de fruchten fan it jier. […].
.
Opfallend oan de taal yn It libertynsk gehucht is it grut tal yn ûnbrûk rekke wurden dat Van der Ploeg yn syn poëzy bewuolle hat, bygelyks: ervich, wrein, omber, koeter, bras, elger, kwels, beke, aelst, ensfh. Dat argayske idioom draacht ta in hichte by oan it magyske karakter dat Van der Ploeg mei syn poëzy neistribbe. Tagelyk kaam dêrmei ek in eigenskip nei foaren dy’t de skriuwer syn hiele oeuvre troch oanhâlde soe: de oanstriid ta en de niget oan taal(be)warjen.  


it libertynsk gehuchtHealwei de jierren sechtich sette de dichter in streek ûnder it soarte fan poëzy, sa’t dy syn gerak krigen hie yn It libertynsk gehucht. Faaks hat de krityk op de bondel dêr ek mandélich oan west, want dy wie net mijen. Tiny Mulder smiet de dichter foar de fuotten dat er him net werklik joech: ‘Van der Ploeg sit forpakt yn pakpapier en it tou der om.’ Ek it feit dat de titel de lading net duts, noaske Mulder net: ‘Fan in moai derten libben op in gehucht fyn ik neat werom. (…) Krekt oarsom. De minsken yn dizze fersen wurde mear riden fan duvel en tsjoensters as laet troch it blide evangeelje.’ Geart Jonkman sei de dichter it leksum op mei it sizzen dat ‘it der allegearre to tsjok op leit, fiersto tsjok bytiden.’ Jonkman koe net wurde mei de eksperimintele, fan bylden oerladen bondel, hy frege him ôf wêrom’t de dichter net ‘ienfâldich doart te wêzen.’ In soartgelikens ferwyt kaam fan Marten Sikkema [ps. fan G.A. Gezelle Meerburg]. Yn syn besprek foar de RONO bestimpele er de moderne poëzy, sa’t dy troch Van der Ploeg beöefene waard as ‘holle retorica die zich dienstbaar maakt aan een onechte en onware mythe.’

De bondels dy’t Van der Ploeg nei 1964 yn it ljocht jout, te witten: Hwerom is de himel swart (1967), Deaden skrieme net (1973) en it twatalige Tremor Terrae (1975) binne gâns saakliker en soberder, anekdoatysker en mear skôgjend ek. Ferfal, dea en minslike iensumens fiere de boppetoan. Wat opfalt, is it grut tal poëtikale fersen, wêryn’t de dichter him útsprekt oer it ferskynsel en ít wêzen fan de poëzy:

Poézij is oeral
 
Sjoch, dit is poézij;
In hân, in woune,
Of ûnsichtber yn it wetter
Ebbe en floed
Oant yn hûndert havens,
 
Of gjin sé, mar in lânskip
Tusken Ljuens en Piaem
Wurd ik troch wolkens oerdutsen.
De poézij is oeral.
 
(Ut: Hwerom is de himel swart, s. 16)
 

Yn Tremor Terrae, in bondel dy’t fierhinne in neitins is oan de dichter syn ferstoarne mem, giet Van der Ploeg noch in stapke fierder as er yn in relatyf sobere styl en op djip meditative wize de driuw en grûnslach fan syn poëtysk universum út ’e doeken docht:

 
[…] Theologie
vormt de grondslag
van mijn literatuur
de dood, ik weet niet
wat het is.
 
(Ut: ‘Zondag’, Tremor Terrae, s. 30)

 

troch kadastrale fjildenDe lêzer moat sterk yn ’e skuon stean, wol hy/sy meigean kinne yn dizze poëzy, dizze sa altemets taaie, sermoenachtige ferhannelingen. Boppedat docht it relatyf hege gehalte oan gelegenheidswurk yn de ferskillende bondels de poëzy sels gauris ûnderstek, om it oer it geastlike psalmeguod net te hawwen.

Yn de bondel Troch kadastrale fjilden (2003), dy’t hast tritich jier letter ferskine soe, swaait Van der Ploeg stilistysk in oar paad op. In yndrukwekkende bondel, dy’t tegearre mei It libertynsk gehucht net allinne hichtepunten yn Van der Ploeg syn poëtysk oeuvre, mar ek binnen de nei-oarlochske Fryske poëzy. Benammen yn de epysk breed opsette fersen fan it earste skift ‘De Lanmjitter’, dat yn foarm, toan en styl gauris tinken docht oan it wurk fan Walt Whitman, Dylan Thomas en Tsjêbbe Hettinga, is der in beskaat lykwicht tusken de skôgjende en de lyryske ynslach fan de dichter Durk van der Ploeg, oars sein: de sirkel is sa goed as rûn, of oars: yn de ein leit de dichter syn begjin.

Kader

FOAR DY’T BLEAUWEN
 
I
 
Manlju fan de Efterlannen, Manes-jonges oarekant
De rivier en de Kouwen hoenear sille jim wer útride en
Bring de hynders skel op ’e azem oer it wetter? Of ride
Jim net wer út? Hûnsk ha jim de uterste barten bereizge,
En lizze jim no klûmsk foar de winige doar te hymjen?
It is al wer jierren lyn dat ik by jimme wie en wy âld
En nij faninoar skaten as wetters út deselde boarne.
 
It stiet my noch altiten by as in grutte dei as jim weiden
Widzjend de reden delkamen en elk jim mei earbied
Neiseach om’t jim it wiene dy’t de simmer ynhellen
En har waarmte delflijden yn it koele tsjuster fan bewar.
Alles ferliest syn glâns mei it âlder wurden, mar it
Unthâld gnist de myte op dat eartiids alles better wie.
Want wy dy’t ferlern ha, wy winne oan yn it ferlies.
 
Wy gniisden oant it ús yn ’e kiel heaze as kranten jim
Nammen neamden. Wa woe langer yn jim negerij
Ferkeare. Wat my noch heucht binne de fêste stjerren
Boppe it hús dy’t blonken as blyn sulver as wy it
Unoantaastber swart fan jim hege kapen bewûnderen.
En wa’t ús yn ’e flecht ljochtjierren efterop kamen:

Boaden út it hjirneimels, boalen út ’e delling fan Hinnom.