Barcelona- de Ramblas – ‘Alle begrippen vallen’
(Aug. 2017) Barcelona- de Ramblas
‘Alle begrippen vallen’ (Ut: ‘Boem Paukeslag’)
Paul van Ostaijen
Bloed oer de pleinen by it lange reinen
fan bommen mei gasflessen
op in traktemint dat libben santich
paradizen ferseit, de konfetty fan
fleanende bonken, hollen en
termen, de stêd, in útskuorde tonge,
sa’t in taal stûkjend yn reek opgong. –
Treinen ride de stasjons fan Europa yn,
ferfiere Angst en skrik, ‘mar panyk
en hystearje’, skriuwt A. ‘binne fan
frijheid de fijânnen.’ Skiednis
bewiist himses as gesticht, o, tiid
en de waansin fan it wurd dat himsels
net mear ferstiet by it boem, boem
fan dogma’s dêr’t elk begryp yn sneuvelet.
©Eeltsje Hettinga