‘It Font’ van Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga op Oranjewoudfestival
(31-05-18) Zondag drie juni presenteren videokunstenaar Lotte Middendorp en schrijver-dichter Eeltsje Hettinga op het Oranjewoudfestival een half uur durend film- en poëzieprogramma. Daarin ook de première van de nieuwe film Reid – Wurd – Wyn, onderdeel van het multimediaal en meertalige poëzieproject It Font.
Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga geven een toelichting op hun meerjarig samenwerkingsproject. Ze laten zien dat de beelden niet zo maar een plaatje bij een praatje zijn. Als dichter fan Fryslân draagt Hettinga enkele aan de films gerelateerde gedichten voor, onder meer het allereerste It Font-gedicht ‘In spegel de see’.
In het werk van beide kunstenaars zijn beeldende kunst, voordracht, muziek en poëzie op een sterk zintuiglijke manier met elkaar verweven. Het water, de kust en de zee vormen de rode draad in het geheel.
Films uit It Font, waaronder de shortmovie It Let die zondag ook in Oranjewoud wordt vertoond, waren eerder te zien op de Frankfurter Buchmesse, Museum Belvédère en het Fries Museum in Leeuwarden.
© EH
-
- Zondag 3 juni: 19.00-19.30 uur in ’t Proevertje. Toegang gratis. Locatie zie plattegrond.
- Zie ook: Oranjewoudfestival, Films van Lân fan taal en Noordelijk Film Festival
.
Snein trije juny presintearje fideokeunstner Lotte Middendorp en skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga op it Oranjewoudfestival in heal oere duorjend film- en poëzieprogramma. Dêryn ek de première fan harren nije film Reid – Wurd – Wyn, ûnderdiel fan it multymediale poëzyprojekt It Font.
Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga jouwe in ynlieding op harren gearwurkingsprojekt dat wilens oer mearder jierren rint. Se litte sjen dat de bylden net samar in plaatsje by in praatsje binne. As dichter fan Fryslân draacht Hettinga in tal oan de films relatearre gedichten foar, ûnder mear it alderearste It Font-gedicht ‘In spegel de see’.
Yn it wurk fan beide keunstners binne byldzjende keunst, foardracht, muzyk en poëzy op in sterk sintúchlike manier mei-inoar ferweve. It wetter, de kust en de see foarmje de reade tried yn it gehiel.
Films út It Font, mei ûnder oaren de shortmovie It Let dy’t snein ek yn Oranjewoud fertoand wurdt, wiene earder te sjen op de Frankfurter Buchmesse, Museum Belvédère en it Fries Museum yn Ljouwert.
-
- Snein 3 juny: 19.00-19.30 in ’t Proevertje. Locatie zie plattegrond.
- Sjoch ek: Oranjewoudfestival, Films van Lân fan taal en Noordelijk Film Festival
H
De lichemalijkheid van het Wad
YN IT OPKOMMEN
1.
Der wie in see, in lân, in lichem,
it riisde op út it leech fan de westkust wei,
sei goedei tsjin de koperen sinne.
Modder spatte yn it moarnstiidsljocht
oer slinken en fee, rekke
de fleanende fisken fan de wolkens.
Ergens gong in frachtwein, teskuorde
de stilte, sa’t letteroan stappen
oer it dyksbasalt skulpen en wier ferpulveren.
2.
Hoe’t se opkaam út see wei,
alles omtrint klassyk Aphrodite mar
gjin moaiens of it komt lang om let
yn skyn te ferdwinen, sa’t
op in oare moarntiid
de rûmte te tûmeljen begûn doe’t se,
lynjend oer de finsterbank fan de kimen,
delseach yn Hiëronymus
syn kelders en hellekringen.
Tusken judasstoel, ketterfoarke en
kalashnikov skeaten stien- en moannefisk
troch in hielal, sûnder sintrum.
3.
‘Herte, hert, o hert’, sei se op in jûntiid,
doe’t se, in leafde kwyt, weromgie
nei it plak dêr’t se foar it ljocht komd wie
Neaken yn it slyk wintele se har it liif,
djipper en djipper om net mear te witten
hoe’t ûnder Tiid syn folteringen
in leafde út elkoar skuord wie. –
By wize fan liet bedobbe se harsels
yn de herbergjende modder, en sliepte.