‘London Bridge – By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt…’

(14-06) Twee jaar geleden, op 16 juni, kwam de Britse pro-Europa politica Jo Cox door een aanslag om het leven. Volgende maand lees ik op het poëziefestival ‘Dichters in de Prinsentuin’ in Groningen onder meer het aan haar opgedragen gedicht ‘London Bridge – By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt…’

Deze éénentwintigste editie van Dichters in de Prinsentuin – de organisator en bedenker van het festival was dichter Tsead Bruinja – heeft dit jaar als thema ‘Goede buren’.

Op zondag vijftien juli houd ik in het Noordelijk Scheepvaartmuseum een kleine lezing over de stand van zaken in de Friese literatuur.

‘Donkere maan’, schilderij Horst Dijkstra

Twa jier ferlyn, op 16 juny, kaam de Britse pro-Europa politika Jo Cox by in oanslach om it libben. Oare moanne lês ik op it poëzyfestival Dichters in de Prinsentuin yn Grins, ûnder mear it oan har opdroegene gedicht ‘London Bridge – By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt…’

Dichters in de Prinsentuin – de organisator en betinker fan it festival wie Tsead Bruinja – belibbet dit jier syn ienentweintichste edysje. Tema fan dit jier is ‘Goede buren’.

Snein 15  july, hâld ik yn it Noordelijk Scheepvaartmuseum in lytse lêzing oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer.

==

LONDON BRIDGE

1.

By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt,
docht Hear Hugo B. syn rek en strek,
heft by it nijs fan de dea yn ’e biblioteek

de hannen nei de himel, rûkt fan stjerren
it bloed yn kroegen en stasjons fan
Paris oant fier yn Aldgate East. In lange

sleep spoken sjit wolkjend de weagen oer.
Reinwetter rint as snotte by de tûken del.
De dei leit kapot yn de hoeke fan it park.

2.

Dêr’t de Tube de ierde yndûkt, rop âlde
graffity: ‘God so Zero.’ In frou stoarret
lang nei de kartoon neist de metrodoar:

In swarte bolhoed stapt royaal fan gebaar
by de wite kliffen del. It reint messen en
kalasjnikovs op ’e foarpagina fan de tabloids.

Hear, hear de horden, dravend en flokjend
as skom oer London Brêge, in balten mei
it wjerlûd fan in hoar ûntploffend stadion.

3.

Der wie in knyft dat de hals fan de taal trof.
In elk dy’t net knibbele foar it âlde mantra
eigen-folk-earst waard, ûnferfearde blyn

de terms takkeboske, stalke en stutsen yn
dearinnende stegen. Fan alle moard en brân
knapten de kranten yn de kiosken omtrint

út harren fel, de ophys, Ay, hoe djip stekt
it lims fan de haat achter it spotlaitsjen fan
de Iago’s yn Europa’s grûnich skimeryk?

4.

By de biblioteek foaroer de rivier dy’t fan tiid
de skiednis ken, klimt Hear Hugo B. linich
syn trapeze yn, touteret hinne en wer tusken

twa strjitlantearnen yn, swaait, docht en ropt
mei de hoed yn ‘e hân: Bid, bid foar Jo Cox!
Alder as tiid sprekt de moanne dizze jûne út

in bline dûmens. Yn it spoar fan de skym dy’t
hastich oer London Bridge fljocht, jakkeret
in buldoch, fan namme Weimar, de Big Ben yn.

©EH

.

.
.
(*) Dit gedicht waard earder op dit blog publisearre ûnder de titel ‘London Bridge – Nachtpost’. Sjoch oer Jo Cox o.m. ek The Guardian.