Bij het afscheid van de Bolswarder huisdokter Pepy Huisman
(01-11) – In de naam van de vader, de zoon en de heilige Euzie. Juster naam húsdokter Pepy Huisman, soan fan skilder Jopie Huisman – hy sette oait de Makkumer, mei de karre rinnende foddeman Euzie op doek – nei fiifentritich jier tsjinst, ôfskied fan syn pasjinten yn Boalsert, de stêd fan Gysbert, terpen en oaljekoeken.
.DE HANNEN DE DOEKEN
By it ôfskied fan in Boalserter húsdokter Pepy Huisman
It is in lange simmerjûn, stil en soel,
in man stiet yn de doar fan libben en dea,
harkjend nei in skreauwen, ergens
yn de stegen en strjitten achter it stedhûs,
sjocht nei syn hannen, tinkend oan
de see en in iepentearen fan lippen en fleis
doe’t in libben foar it ljocht sprong,
de gjalp fan in do ûnder de sinne
boppe de Broeretsjerke, in simmerjûn,
it swurk kopergrien as de doeken
fan bonmamma en grootpapa,
elk oan in kant fan de skoarstienmantel,
sjoch, hoe’t de hân fan in heit
syn eigenste oarsprong it gesicht fan
in simmer skonk, elke tear reachfyn delset
oant op de lêste tried fan tiid,
de ûnfergonklike oere.
Oer de Appelmerk rydt de dame fan
in moaie dei yn de hjerst,
groetet yn de doar fan libben en dea
de man dy’t mei in spegeleach foar ’t boarst
ûnder de hûd fan tiid en skimer seach
hoe’t in heit mei it pínsiel as pinset
in tefolle oan oaljeferve
út de duffelske jas fan Eusy pjukte,
de skoaier dy’t sliepend yn syn foddekarre
de skilder syn hert en leafde hie;
allyksa belibbet yn de doar fan libben en dea
de mitseler fan it minsklike lichem
de wûne en ’t wûnderlike fan it bestean,
ay, hoe’t by alle anatomyske lessen
skalpel, skjirre en pinset it fleis beroerden,
it lichem dat him yn de oere fan
in âld liifrinnen hearre liet as in lyts rochelorkest,
mei de wjerklank fan neat en nimmen,
de rêd ferrinnende dei.
Wolkens skowe as oaljekoeken de himel oer,
driuwe bylâns it Bolwurk it Geitehok yn
dat as in smûke kroech syn gasten opnimt;
de boppe-earms bleat fleane – prik –
de nullen mei fleur it fleis yn,
butler Broer tikket swijend oan de hoed,
skinkt mei de man yn de doar fan libben en dea
in krûdebitter as goadedrank,
de wûnderlik grypske dei.
@Eeltsje Hettinga
.
.
DE HANDEN DE DOEKEN
Bij het afscheid van de Bolswarder huisdokter Pepy Huisman
’t Is een lange zomeravond, stil en zoel,
een man staat in de deur van leven en dood,
luisterend naar een schreeuwen, ergens
in de straten en stegen achter het stadhuis,
kijkt naar zijn handen, denkend aan
de zee en de ontzegeling van lippen en vlees
toen een leven te voorschijn sprong,
de kreet van ‘n doffer onder de zon,
boven de Broerekerk, ‘n zomeravond,
het zwerk kopergroen als de doeken
van bonmama en grootpapa,
elk aan een kant van de schoorsteenmantel,
kijk, hoe de hand van een vader
zijn eigenste oorsprong het gezicht van
een zomer schonk, elk rimpeltje ragfijn
neergezet tot op tijd’s laatste spinsel,
het onvergankelijke uur.
Over de Appelmarkt rijdt de dame
van een mooie dag in de herfst,
groet in de deur van leven en dood de man
die, een spiegeloog voor zijn borst,
onder de huid van tijd en schemering zag
hoe een vader met het penseel als
pincet een teveel aan olieverf uit de zware
winterjas van Euzie pulkte,
de zwerver die slapend in zijn voddenkar
de schilder zijn hart en liefde had;
en zo ook proeft, in de deur van leven en dood,
de metselaar van het menselijke lichaam
de wonden en ’t wonderlijke van het bestaan,
ai, hoe bij alle anatomische lessen
scalpel, schaar en pincet het vlees beroerden,
een lichaam dat zich in het uur van
een oude buikloop liet horen als een klein rochelorkest,
met de weerklank van niets en niemand,
de snel verglijdende dag.
Wolken schuiven als oliekoeken langs de hemel,
drijven over ’t Bolwerk naar het Geitenhok,
dat, genoeglijk als een kroeg, zijn gasten inhaalt;
de bovenarmen bloot vliegen – prik –
de naalden vrolijk het vlees in,
butler Broer tikt zwijgend tegen zijn hoed,
schenkt met de man in de deur van leven en dood
een kruidenbitter als godendrank,
de wonderlijk gretige dag.
.
.
De jierlikse grypkampanje waard troch Huisman steefêst opfleure mei it skinken fan in gleske Bearenburch. Earst de earms bleat, de nulle deryn en dêrnei klok-klok-klok in slokje der achteroan, in ritueel dat jierren oanien syn gerak krige yn in ûnderkommen mei de moai singeliere namme It Geitehok.
Juster by it ôfskied siet de Sint Fransiskustsjerke oan de Dylakker tjokfol. Goed fiifhûndert minsken harken ûnder mear nei in op fideo opnommen taspraak fan skilder Christiaan Kuitwaard, dêr’t de keunstner de achtergrûnen yn út de doeken die oer de spesjaal foar Huisman makke flesse Bearenburch.
Foar it útwurkjen fan dat ûnderwerp hie Kuitwaard him ynspirearje litten troch it wurk fan de troch him heuchlik bewûndere Italiaanske skilder Morandi.
Nei de Fryske Morandi syn wurden koe ik achter it kateder, foar yn de tsjerke en flak foar it alter, want my wie frege oft ik by dat ôfskiedsgeskink in tekst skriuwe woe.
It gehiel, it doek fan Kuitwaard en it gedicht ‘De hannen de doeken’, is útjûn yn de foarm fan in troch Monique Vogelsang ûntwurpen ‘Cahier’ fan 28,5 by 23,5 sm., in twatalich boekwurk yn in oplage fan tûzen stiks dêr’t wilens sânhûndert stiks fan de doar út binne.
It idee foar dy útjefte kaam fan âld-NRC-sjoernalist Steven de Winter fan Greonterp dy’t, tegearre mei in tal Boalserters, it ôfskiedsfestijn foar Huisman, de mitseler fan it minslike lichem, op priemmen set hie, in hiel o-heden trouwens omdat de dokter yn de moannen fan tarieding op gjin inkelde manier lucht krije mocht fan it feest dat him oanbean wurde soe.
allyksa belibbet yn de doar fan libben en dea / de mitseler fan it minsklike lichem / de wûne en ’t wûnderlike fan it bestean, (…)
Hawar, ynienen stie ik op âlde plakken, de tsjerke dêr’t ik as mistsjinner oait in potsje Latyn learde, de tsjerke mei derûnder de pipen en rioelen dy’t fan de Dylakker nei it Lege Bolwurk rûnen en dêr’t wy as bern soms, op in ferlerne woansdeitemiddei yn in lytse, smelle kano troch hinne roeiken, mei op de rânen fan de tsjustere gongen de skrille en hege lûden fan legers rotten.
Winliken komt de poëzy foar in part streekrjocht út de bychtstoel wei, teminsten as it om de fantasy en ferbylding giet. As lytse bern karken wy op sneontemoarn út Burchwert wei nei Boalsert om yn de Fransiskus de bycht te dwaan. Fansels hiene wy noait wat dien, noait wat útfretten, hillich en ûnskuldich as wy wiene, dat wy betochten ûnderweis de iene sûnde nei de oare. Oars hie ús reis om ommers gjin sin.
Dat, pater, ik ha de sânbak yn de benzinetank fan ús heit syn auto lege, ik haw juster de duvel ophongen, in tigerkat oan de waskline yn it âlde apelhôf, en ik haw myn buorjonge ferteld dat ús pake fan heites kant liuwetemmer en direkteur fan in sirkus yn Praach west hie en dat ik eins mear Pragenees, Tsjech dus, as Fries bin, ensafuorthinne.
De man, heal sichtber achter it matten roaster knikte wakker, joech my de absolúsje en hjitte my om trije Weesgegroeten en in Onze Vader te dwaan sadat de siel wer godlik skjin, wyt en blank de paden nei Burchwert gean kinne soe. Somtiden woe er dêr noch wolris achteroan flústere: ‘en de groetnis thús… sis mar, dat jim heit noch in jenever fan my tegoede hat…’
Wy diene yn de bank ús penitinsje, dat is te sizzen, wy rattelen yn de tsjerkebank ús gebeden ôf, seagen wilens mei in skean each nei de skilderijen yn de gongen fan it sydskip, mei heal neakene figueren oan krusen en op bergen, en jakkeren sjongendewei nei hûs.
Sa gong dat op sneontemoarn. Wat wy ek oan net begiene sûnden opbychten, thús hie men der gjin muoite mei, al wie der ien regel dêr’t wy ús oan hâlde moasten, want oars wankte der wat, en dy sei: ‘Jimme mei wol swetse, mar net lige’. Wahrheid und Dichtung.
Om koart te kriemen, de poëzy komt foar in part streekrjocht út de bychtstoel, alteast as it om de ferbylding giet. In naam van de vader, de zoon en de heilige Euzie.
@Eeltsje Hettinga