Under de spinnekopmûne fan de sinne

ORFEUS

Ik seach dy sitten, allinne
ûnder de spinnekopmûne fan de sinne,
in skym, harkjend nei it orkest dat
by swelleguod, tommeljend
tusken alle hege en alle lege C-en troch,
in dûns fan Ravel spile.

In rook fan gers kroep mei skimer
de lannen oer, alwilens slingere it spoar,
ienris neamd de Ingel, de ierde yn.

Op kaam in man dy’t it ferhaal fan
Orfeus de dwalende die,
libjend de dream en it ljocht
foarby syn dûnker lot, beselskippe fan
goaden en dieren yn in swijen,
stil as it spinnekopmeallen fan de herinnering.

@Eeltsje Hettinga



tek. Elske Schotanus