Martin Reints – Hoogtepunt van het betoog – Stimmen 16

Poëzie is een daad wie de titel fan it earbetoan dat Remco Campert fan in tal kollega-dichters krige doe't er yn 2009 syn tachtichste jierdei hie. Dichter-essayist Martin Reints wie ien fan dejingen [foto] dy't by dy gelegenheid in fers foar Campert foardroech. Yn it artikel "Poëzij as dochter fan de herinnering en 'het vergaderzaaltje' fan Martin Reints", in wiidweidich fraachpetear fan ûnderskreaune mei de yn Brantgum wenjende skriuwer, te finen yn it earstkommende (skriftlike) nûmer fan De Moanne, komt Reints ûnder mear op 'e tekst oer Obe Postma, syn wenjen yn Fryslân, de poëzy fan de troch him heechsette Remco Campert en Tomas Tranströmer en syn foarleafde foar alderhande ûneachlike en ûnsjogge plakken, lykas in 'vergaderzaaltje'. Neist syn gedicht 'Bach in Sanfirden' is yn it artikel ek de ferfrysking opnommen fan syn klassiker 'Hoogtepunt van het betoog'. Poëzie is een daad wie de titel fan it earbetoan dat Remco Campert fan in tal kollega-dichters krige doe’t er yn 2009 syn tachtichste jierdei hie. Dichter-essayist Martin Reints wie ien fan dejingen [foto] dy’t by dy gelegenheid in fers foar Campert foardroech. Yn it artikel “Poëzij as dochter fan de herinnering en ‘het vergaderzaaltje’ fan Martin Reints”, in wiidweidich fraachpetear fan ûnderskreaune mei de yn Brantgum wenjende skriuwer, te finen yn it earstkommende (skriftlike) nûmer fan De Moanne, komt Reints ûnder mear op ‘e tekst oer Obe Postma, syn wenjen yn Fryslân, de poëzy fan de troch him heechsette Remco Campert en Tomas Tranströmer en syn foarleafde foar alderhande ûneachlike en ûnsjogge plakken, lykas in ‘vergaderzaaltje’. Neist syn gedicht ‘Bach in Sanfirden’ is yn it artikel ek de ferfrysking opnommen fan syn klassiker ‘Hoogtepunt van het betoog’.
.

Hoogtepunt van het betoog

Toen spreker stap voor stap, stap
voor stap het hoogtepunt van zijn betoog
had bereikt

toen wat hij zo sprekend onder woorden bracht
een samenvatting kon zijn van het voorafgaande
maar ook de aanzet tot een vervolg, toen

begaf hij zich op de rand van het zwijgen

en met zijn handen op de lessenaar en
een blik op het verste punt in de zaal
luisterde hij naar de naklank van zijn laatste woorden

althans: zijn voorlopig laatste woorden

waarmee er een stilte viel in de stilte
die er al was

en in die stilte hoorde spreker de houtwormen
in de planken waar zijn lessenaar nog op stond

en het krakende draaien van onze aardbol

en een soort roffelen van iets
in de diepten van het heelal.

(Ut: Tussen de gebeurtenissen, De Bezige Bij, Amsterdam 2000.)

 

Hichtepunt fan it betooch

Doe’t de sprekker stap foar stap, stap
foar stap it hichtepunt fan syn betooch
berikt hie

doe’t itjinge wat hy sa sprekkend ûnder wurden brocht
in gearfetting wêze koe fan it foarôfgeande
mar ek de oanset ta in ferfolch, doe

wie er op wei nei de râne fan it swijen

en mei syn hannen op de lessener en
in blik op de fierste punt yn de seal
harke er nei de wjerklank fan syn lêste wurden

alteast: syn foarhâns lêste wurden

wêrmei’t in stilte foel yn de stilte
dy’t der al wie

en yn dy stilte hearde sprekker de houtwjirmen
yn de planken dêr’t syn lessener noch op stie

en it kreakjende draaien fan ús wrâldbol

en in soartemint roffeljen fan eat
yn de djipten fan it hielal. 

 .