Thomas Bernhard – Betide trein – Stimmen 17

BETIDE TREIN

Yn de betide trein sjogge wy ta it finster út, krekt op it momint dat wy by de berchkleau lâns ride, dêr’t fyftjin jier earder de groep studinten fan ús skoalle, dy’t mei ús mei op ekskursje wie nei de wetterfallen, yn delstoart wie, dat wy litte it yn ús omgean hoe’t wy doe rêden binne, no’t de oaren foargoed weirekke binne. De ûnderwizeres dy’t ús groep yndertiid nei de wetterfallen bringe woe, hie har fuortdaalks nei it útsprekken fan it fûnis foar de rjochtbank yn Salzburg, dy’t har op in straf fan acht jier finzenis set hie, ferhongen. As de trein it bewuste steed foarby komt, hearre wy yn it geraas fan de groep ek ússels razen.

Thomas Bernhard
‘Früher Zug’ út: Der stimmenimitator
Suhrkamp Verlag, 1978

 Der stimmenimitator2-M