De trekkertiranny fan Thierry B. en de lilke bo(e)realen

(23-02-2020) ‘Boeren plaatsen zich met hun acties een beetje buiten de werkelijkheid. Het gaat om een kleine groep uit de industriële landbouw.’ Yn it programma Spraakmakers by NPO-radio wûn Jan Douwe van der Ploeg, âld heechlearaar rurale sosjology, der gjin doekjes om. Syn konkluzje: ‘Ze zitten op doodlopend spoor’.

Van der Ploeg pleitet al jierren foar in oare wize fan buorkjen. Hy wol oan op in lytsskaliger, agro-ekologyske lânbou mei each foar de belangen fan it fee, it miljeu en de biodiversiteit oftewol, in foarm fan natuerynklusive lânbou, sa’t dy bygelyks ek foarstien wurdt troch it boargerinisjatyf Kening fan de Greide.

Fragmint út de ets ‘De slaap van de rede brengt monsters voort’ van Francisco de Goya.

Ien fan de nijsgjirrige ûntjouwings is neffens Van Ploeg dat in grutte groep boeren – Nederlân telt mei-inoar 50.000 boeren – al dwaande is mei sa’n omskeakeling. ‘Zij produceren duurzame landbouwproducten en hebben het stikstofgebruik enorm teruggebracht.’

paradoks

De Brusselske lânboubudzjetten sille mei it each op dy ûntwikkelingen yn alle gefallen oars (lês: griener en duorsumer) ynrjochte wurde moatte. Nederlân krijt no jiers sa’n 750 miljoen euro oan Europese lânbousubsydzjes. Gemiddeld fangt elk boerebedriuw yn ús lân in 20.000 euro jiers.

In grappige paradoks fan dy jildlike stipe is neffens Van der Ploeg dat ‘dit competitieve bedrijven zijn die de confrontatie op de wereldmarkt aan kunnen. Maar ze zijn wel afhankelijk van die inkomensondersteuning. De ironie is, de kleine bedrijven krijgen vrijwel niets’.

bo(e)reaal

De aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) hat gjin boadskip oan it miljeu- en klimaatbelied fan de oerheden, alhielendal net oan it stikstofbelied. Dochs binne it de FDF-bestjoersleden, sa docht bliken, dy’t rojale bedragen oan de Brusselske subsydzjes opstrike dy’t nota bene foar in part bedoeld binne foar miljeumaatregels.

Neffens Welingelichte Kringen helle FDF-foaroanman Marc van den Oever yn 2018 goed 25.593 euro oan subsydzjes binnen, Jeroen van Maanen naam 42.050 euro mei en de vice-foarsitter fan FDF, Jos Ubels, pakte yn datselde jier 170.000 euro.

NSB

Net te promjen bliuwt ûndertusken de bizarre útspraak fan FDF-bestjoerslid Van den Oever dy’t de situaasje fan de boeren fergelike mei de Holocaust. Sieta van Keimpema, wurdfierder fan FDF, sei dat it bestjoer it betreuret as der minsken kwetst binne. Dochs ferpofte de organisaasje it om de útspraak sels werom te nimmen. Dat is pas echt treurich.

It ûntbrekt de groep, sa’t skynt, oan elk histoarysk besef. By de boereprotesten steane guon demonstranten bytiden drok te swaaien mei de flagge fan de Amerikaanske Konfederaasje. Dyselde flagge wurdt ek brûkt troch de Ku Klux Klan (KKK), in rasistyske, antysemityske organisaasje dy’t foarstanner is fan white supremacy.

Wer oare boeredemonstranten skrilje der net foar tebek om mei de NSB-slogan ‘Voor Volk en Vaderland’ op ‘e snút fan harren trekker nei Den Haach te riden.

trekkertiranny

De boere-aksjes hawwe yn de polityk de stipe fan bo(e)reale, rjochts-populistyske partijen as Forum voor Demokratie (FdD), dy’t úthâlde dat der gjin stikstofprobleem of klimaatkrisis is.

Mei om dy reden kinne ek absurde, yn ksenofobysk tinken bewoartele útspraken dien wurde, sa’t Sieta van Keimpema dy fan ‘e wike yn deiblêd Trouw (19-02) die: ‘Door immigratie is het stikstofprobleem gegroeid. Ieder mens ademt stikstof uit.’

Thierry Baudet heakket mar wat graach oan by de lilke boerehorden. As gjin oar wit de foaroanman fan Forum voor Democratie hoe’t er mei demagogyske en retorike twitter-útspraken de sentiminten bespylje moat. ‘We doen de boeren de belofte dat wij níet vergeten, ook niet als wij in de toekomst de macht hebben om hun belangen te verdedigen.’

Sieta van Keimpema: ‘Door immigratie is het stikstofprobleem gegroeid. Ieder mens ademt stikstof uit.’ (Trouw, 19 febr. 2020)

It sûndeboktinken fan de lilke boeren en harren trekkertiranny rjochtet him ûnder mear op de media. De NOS, Leeuwarder Courant en Volkskrant wurde troch Farmers Defence Force weiset as ‘linkse’ nepnijs-media. Datsoarte kwalifikaasjes krije  NOS-ferslachjouwers op de jas plakt as se harren reportaazjes oer de protesten meitsje.

‘kaduuk’

Troch de yndustrialisearring fan de lânbou is yn Fryslân in iuwenâld lânskip yn in pear desennia nei de filistijnen holpen, de grutskalige wize fan buorkjen hat ek in ekologyske ramp mei him meibrocht.

It systeem fan de yndustriële lânbou is, lykas sein, in dearinnend spoar. Farmers Defence Force en LTO Nederland besykje in yllúzje fan duorsumheid om de lânbou hinne te bouwen. Saakkundigen as Jan Douwe Van der Ploeg weve lykwols hurd ôf mei sok oppoetspraat. ‘Het is in zich een ‘kaduuk’ systeem, dat voorbij de grenzen van samenleving en natuur is gegroeid.’

@EH

Christiaan Kuitwaard – ‘Grutto’ [Kening fan de Greide]