Palermo – Gjin frachtskip paste syn rûte oan – 25 maart

 

 

             (25-03) By it werlêzen fan de deiboeken fan A.H.

– I

Gjin frachtskip paste syn rûte oan,
likemin diene de stânbylden
de biskopshoed ôf,
bleaun ek is de rook fan fisk
lykop mei alle stjonkende filearhallen,
sels de nijskoppen oer de ientûtmem
fan Rome en maffia binn’ noch itselde
sûnt hjir dyn ôfreis begûn.

Soel krûpt de jûn de pleinen oer.
Op posters tsjin skurve teaterdoarren
winkt it swiete libben fan Fellini,
sa’t oare kant de dyk de lytse
hoerkes mei passanten omkonkelfoezje.

Wetter praat koal tsjin de haven dêr’t
in skip de rûte nei Egypte nimt,
wylst rin ik de tinne spoaren
út dyn deiboeken nei, in besykjen en
tichtsje fan tiid en taal de hiaten
yn de lekke lears fan Europa.

II

Sesylje, maart fiifentweintich, de dei
dy’t sûnder boadskip bliuwt,
hjoed dyn jierdei, edysje safolle
yn in skiednis fan reizgers en fammen
en net te efterheljen nammen,
tsjuster as de net ôfmakke rigels
yn dyn heal útskuorde deiboeksiden.

Sketsen ferhelje oer Vita Vita Ekberg,
mei skiep’hoeders, susters en
clowns, dûnsjend tusken deade platanen,
in trits nullen, delkwitst yn it strewel.

Stekmiggen binne my de bylden ûnder
de hoannepoaten fan dyn skrift,
like ûnlêsber as de grûn fan dyn hinnegean

en sa’t dizze middei in leechte
de mage skjirret, ferblinet no de wyn mei
sânstoarmen út Noard-Afrika wei
haven en wurd, tablet en dream.

III

Immen lêst de Lonely Planet, giet
beret de paden dêr’t ik omdwaal op Via Roma,
sykjend en freegjend nei kafee Selqet en
de kelder fan it geheim alfabet,
ferteld as it is troch it motorfamke Flavia,
dat dy d’ ien-nachts-herberch riste.

Yn de sinne, reinend oer de kaaien
dêr’t skippen nei Kairo sette,
tink ik my yn hoe’tsto, fêstbûn
ûnder de klok fan har lyfke temûkwei

de oere ûntrûnst dy’t mei sân, wyn
en miggen as pleagen, djip
út de Eygptyske deadeboeken wei,
dyn bloed te gieljen kaam.

 

© Eeltsje Hettinga

skilderij Henk Krist ‘De overtocht’