Pier Feddema in de lijn van het expressionisme (Elske Schotanus, Paulo Martina)

Pier Feddema

.
Begjin 2016 kaam op myn top-3 list fan de bêste keunstboeken oer 2016 de katalogus Pier Feddema, in de lijn van het Friese expressionisme op it twadde plak. It waard gearstald en skreaun troch Paulo Martina, direkteur fan Museum Dr8888, en skriuwster Elske Schotanus. De katalogus waard presintearre by de oersichtstenstoanstelling fan de Fryske skriuwer en skilder Pier Feddema (1912-1983), yn it Drachtster museum.

‘Koe hy no in artyst wêze?’ 

Martina skreau in niteljend essay, dêr’t er ûnder mear de ferbannen yn neirint tusken it wurk fan de Grinzer skildersbent De Ploeg en dat fan Pier Feddema. Mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus, Sjoerd Huizinga en Jan van der Bij foarme Feddema nei de oarloch de keunstnersgroep Yn ‘e line. Se fûnen harren ‘faders’ en foargongers by skilders as Johan Dijkstra, Jan Altink en oare skilders fan De Ploeg en by minsken as Gerrit Benner. Mei syn wurk as skilder hat Pier Feddema mei it gesicht bepaald fan de ekspresjonistyske skilderkeunst yn it nei-oarlochske Fryslân. Mar hy wie net inkeld skilder, ek opponearre er him as skriuwer fan Frysktalige romans.

Yn it krapoan hûndert siden tellende biografyske essay ‘Koe hy no in artyst wêze?’ fan Elske Schotanus, dat mei in grutte hoemannichte annotaasjes (noaten en literatuerferwizings) eksakt ferantwurde is, wurdt alderlei nijsgjirrich literêr- en keunsthistoarysk materiaal op it aljemint brocht, bygelyks oer de hâlding fan Fedde Schurer foaroer Feddema en syn frou Tite – se skreau en publisearre ek Fryske fersen – en oer Feddema syn yllustraasjewurk, ûnder mear foar it boek Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân fan syn kollega en freon, de Fryske skriuwer en dichter Inne de Jong.

Yn har linich skreaun essay neamt Schotanus de yn Anjum berne en yn Drachten ferstoarne keunstner in keunstsinnige tûzenpoat: “Pier Feddema wie in alsidich man. Hy bespile de piano en it harmoanium, tekene en skildere, skreau twa romans en in tal gedichten, wie learaar tekenjen en Frysk en boppedat in begenedige sprekker by iepeningen fan útstallings en foar ferienigings. Tegearre mei Tite Dijkstra brocht er fjouwer bern grut. Hikke en tein yn de Dongeradielen wie er yn alles wat er die in djip-leauwich man, al hat er ek de dilemma’s ûnderfûn dy’t it grifformearde leauwe en it keunstner-wêzen mei him meibrocht. ‘Koe hy no in artyst wêze, in man dy’t fêst hâlde oan tsjerklike dogma’s’, liet er ien fan syn romanpersonaazjes, in skilder, tinke. It tema fan it belibjen fan it kristendom yn ’e keunst soe him in libben lang dwaande hâlde.”

It twatalige boek oer Pier Feddema – Martina skreau syn essay yn it Nederlânsk, Elske Schotanus die harres yn it Frysk, dêr’t in Nederlânske gearfetting by foege waard – is rynsk foarsjoen fan ôfbyldingen fan skilderijen, akwarellen en tekeningen, wylst de foarmjouwing fan de útjefte, yn syn soarte in paperback, lykas by it boek oer Werkman mear as besjen lije kin.
.

Pier Feddema - Yn 'e line

.Sjoch ek: