De lichte en ljochte poëzy fan Arjan Hut – Fjoertoer yn it wâld
(09-03-21) De meast resinte dichtbondel fan Arjan Hut, en wat my oanbelanget ien fan dé bondels fan 2020, is Fjoertoer yn it wâld. De titel referearret oan wat ûnderwilens ien fan de klassikers yn de Fryske poëzy is: Huts’ gedicht ‘Fjoertoer de Aldehou, Firewall myn smûl’ út de twatalige bondel 0506 & stedsgedichten en klokslach fan Ljouwert (2007). Mei Fjoertoer yn it wâld bout de dichter fierder oan in moai lyts oeuvre, mei in eigen lûd en gesicht.
Hut is in muzikale en byldrike dichter, lyrysk en ferheljend. (‘nacht is it kanvas, mar yn de fynste sprank ljocht stapt de boal / nei foaren en snijt mei it swurd Johannes de Doper syn holle ôf.’ – Ut ‘Midsimmer moardzjen’).
Betonblokgedichten, forsearre rimelderij of oare bombast binne dizze dichter frjemd. Krekt oarsom, it wurk fan Ajan Hut, it rint en floeit op in stream fan ferwûndering en muzyk, is oer alle boegen each en ear. ‘oan de achterkant fan dit gedicht / is in finsterbank dêr’t ik graach sit’. It binne de earste rigels fan it moai klankrike begjinfers ‘Fyn ik dy’, dat him tagelyk ek lêze litte as in lytse poëtika.
It lange, út seis parten besteande gedicht ‘Understêd’ – in soarte fan omkeard skeppingsepos mei dêryn ‘de oerfarman’ (in soarte fan Charon) yn de haadrol – hat in trits skaaimerken, dêr’t Hut as gjin oar it patint op hat: lichtens, ritme en byldrykdom. (‘wat djipper ik omheech sjoch / wat djipper werom yn de tiid / wat fierder ik far / troch ferdronken lagen // dizze stêd sliept yn de waarme / omearming fan offere fammen.’)
It gedicht, mei de ûndertitel ‘Sterrehôf / stream ûnder de stêd’ set útein mei de rigel ‘in fantasy weakket him los út hollen en dreamen’. De fersen sels hawwe wat dreamerichs, bytiden wat ferfrjemdzjends, om mar net te sizzen wat absurds. Fan datoangeande dekt de titel Fjoertoer yn it wâld ek de ynhâld fan de tsjokke, santich siden tellende bondel.
Mar in inkelde kear dat in rigel of wurd der miskien krekt te maklik út rûgelet of dat it fers tefolle in ferheljende kant útskaait lykas yn it lange gedicht ‘Ik brocht ús âlde dvd’s nei de Omrin’, wat yn it neidiel giet fan de needsaaklike konsintraasje.
Op falt ek hoe faak de wurden see, ljocht en stjerren troch syn poëtysk hielal te draven komme. ( ‘dizze feart fan wetterfarve / weaget op / ferkoalle wâlden / ûnder it ljocht fan deade stjerren’ – Ut: Understêd, I)
Tegearre mei tiid, trein, reis, skip en stêd binne it kaaiwurden dy’t winliken al fanôf Hut syn debút Nachtswimmers (2004) oanwêzich binne, wurden dy’t sa ûnderwilens in stevich stik semint foarmje yn wat him mei Fjoertoer yn it wâld ûntjout ta in moai lyts oeuvre mei in eigen lûd en gesicht.
As it om boartlikens, muzyk en taalfernimstigens giet, dan soe de dichter in bern wêze kinne fan de betide Tsjêbbe Hettinga. (‘no kloetsje ik myn sloep / djip en koel / oer woartels en triedden / rioelen // drinkeldreamen / ik hear se / de bern en de froulju / dy’t wachtsje en âlje / yn har klinten fan noarderljocht – Ut: Noarderljocht / Haven fan nimmen (III) )
@Eeltsje Hettinga
Midsimmer moardzjen
fan de skilder Caravaggio, mei syn eagen as swarte oliven, hinget
in masterwurk yn it koele oratoarium fan de Sint-Janskatedraal, hert
fan de beamleaze stêd Valetta
nacht is it kanvas, mar yn de fynste sprank ljocht stapt de boal nei
foaren en snijt mei it swurd Jehannes de Doper syn holle ôf –
sa libben dat gefoelige skôgers it gjin fiif minuten úthâlde en
kokhaldzjend by de kaartsjescanners del nei bûten ta stroffelje
om yn de Noard-Afrikaanske hitte te sitten, op terrassen te bekom-
nen en te tinken, yn dit eksoatysk fort, midden yn in see, nâle fan
de wrâld, wenje presys likefolle minsken as thús yn Surhústerfean
sûnder parasjute donderje ik út dizze dream en fal mei it iepenslaan
fan eagen yn it griene waaien fan de wâlden werom
’t is middei, de loft tilt en trillet, in gersmeaner slalommet om beam-
kes hinne, hytsied, stiet op it buske mei de hytwetterspuitmasine
soene froulju hjir noch altiten op midsimmer de klean útstrüpe en
Sint-Janskrûd plukke? Sint-Jehannes sûnder holle, woldiedige hillige
fan midsimmer, krijt se allegear yn ferwachting deidreamend
stap ik hast ûnder hurdfytsers, ljocht op kanvas, sinnekwast,
‘wêr sitstû mei de harsens?’
nacht, stjerrende nacht,
fan ’t winter ha we dy de hals ôfsnien
en op it hôf mei ritueel bedobbe
skielk komstû werom
fan de nekke oant de teannen
yn it swart, komstû werom
mei modder ûnder de neils
simmer leit op de rêch
ûnder hege beammen klimt se yn sliep
en wurdt wekker tusken opljochtsjende wolken
mei hollen fol beslommeringen stroffelje minsken, dimmen as dieren,
út de hagen foar it ljocht en besykje mekoar, al wie ’t foar ien nacht,
yn ‘e mjitte te kommen
(Ut: Fjoertoer yn it wâld, s. 52.-53)