Sies Bleeker – Libje yn liende tiid – ‘Fan ljocht en romte it wêzen te fangen’
Libje yn liende tiid
In bankje oan it hôf fan de Bonifasjustsjerke yn Aldeberkeap, dêr’t de jierlikse keunstrûte ‘De open stal’ syn beslach kriget. Midsimmer. Trije pratende skilders. Under harren byldzjend keunstner Sies Bleeker (1941), dy’t yn 1964 syn earste útstalling hie by galery Van Hulzen yn Ljouwert en waans minimalistysk en abstrakt wurk sawol nasjonaal as ynternasjonaal opgong meitsje soe. Yn it Berkeapster hôfpetear fytse alderhande nammen foarby: Sjoerd de Vries, mei wa’t Bleeker oait yn Grins op keamers siet doe’t se Akademy Minerva diene, Boele Bregman, mei wa’t er gauris nei Frankryk reizge, Mare van der Woude, Anne Huitema en Willem van Althuis, allegearre keunstners dy’t lykas Bleeker út de omkriten fan It Hearrenfean komme en fan wa’t ek wol sein is dat se de ‘Heerenveense School’ útmakken. Wylst it skrassende lûd fan roeken om de toer hinne waait, komt ûnder oaren it nije Frysk Museum op it aljemint – ‘Ach, dat earme ferhaal fan dy earme mefrou Bak …’ en Bleeker syn rol as ‘ynkwisiteur’, de keunstadviseur en kurator dy’t hûnderten troch de Provinsje Fryslân sammele skilderijen, opslein yn de kelders fan it Provinsjehûs, opskjinje moast. Der komme yn it petear safolle ûnderwerpen lâns, dat wy beslute om it gesprek fuort te setten, diskear op It Hearrenfean, Bleeker syn wenplak.
Hy wennet yn in riante flat, mei it útsjoch op it spoar Ljouwert-Swolle. Rûnom hege, grutte eskebeammen dy’t it wenstee koelte jouwe. Om it healoere dinderje de treinen foarby. ‘Ik hear it al net mear. It lûd sels is net werklik steurend, sa’t it skreauwen en razen fan de bern hjir achter op it plein fan de kleuterskoalle dat ek net is.’
It gesicht fan Fryslân
Begjin 2007 waard Bleeker frege oft hy ‘de stofkaam’ troch de kolleksje skilderijen fan de provinsje Fryslân helje woe. Yn de kelders oan de Twiebaksmerk stienen in foech sechstjinhûndert skilderijen, besteand út BKR-spul mei dêrnjonken de oankeapen dy’t der om ’e fjouwer jier troch de provinsje dien wienen. ‘Wat ik dêr, ûnder yn de katakomben fan it provinsjehûs oantrof, wie in grutte binde. It wie der smoarch en damp, der wie gjin klimaatbehearsking of sa. Alles wie der mar delkwakt, gjin systeem yn te finen. Ik kaam wurk fan Harm Abma tsjin dat heal ferrotte wie. It wie, ûntduts ik, letterlik oan de dyk set, by it ‘grof vuil’ dus. By de Provinsje haw ik doe 40.000 euro restauraasjejild easke. En dat haw ik krigen ek. Tal fan wurken koenen dêrtroch noch rêden wurde.’
Bleeker hifke, skifte en makke lang om let de kar foar wat yn de kolleksje fan de provinsje bliuwe koe en wat net. In fiifentweintich persint dêrfan soe yn de kategory C bedarje, doeken dy’t net foldienen oan de kurator syn kwaliteitseasken. Dat oait oankochte wurk waard fia eBay wer te keap set. Mene tekel. Tal fan keunstners, waans wurk net de einstreek helle hie, wienen poer. Unbeskoft, sjokkearjend, respektleas en ûnbeleefd, dat wiene sa likernôch de kwalifikaasjes foar de hannelwize fan de provinsje. ‘Ja, ik bin bedrige,’ seit Bleeker. ‘Ik waard sjoen as de ynkwisiteur. Ik hie der gjin muoite mei. Ien moast dochs dat wurk dwaan, net wier? Dan gyng jûns let de telefoan oer. Oan it rûzemûzjen op de achtergrûn koest fernimme dat der út it kafee belle waard. In namme heardest noait, it gyng altiten anonym. Se soene my wol even tenei komme. Dat kaliber wurk. ‘Als je je waardigheid alleen maar moet ontlenen aan die provinciale collectie,’ sei ik yn dat soarte gefallen, ‘dan staat het er verdomd slecht met je voor.’ Heardest se oan ’e oare kant snuven. As bollen. Dêrnei wie it báts. Hoarn op ’e heak. Stil.’
By de seleksje dy’t Bleeker makke, stie ien doel foarop: Fryslân in gesicht jaan, in gesicht dat ek werom te sjen wêze moatte soe by de ynrjochting fan it provinsjehûs oan de Twiebaksmerk. It gyng him net allinne om de Fryske keunstners, mar ek om de byldzjend keunstners dy’t benammen yn de jierren santich út de Rânestêd en út Dútslân wei nei Fryslân kamen. Der wie sprake fan in romantyske flecht nei it plattelân. It gers fan it lân joech de tiid oan, net de stien fan de stêd. Bleeker: ‘Minsken as Sylvia Steiger, Fritz Rahman – Steiger kaam út Linz yn Eastenryk en Rahman út Berlyn – Lode Pemmelaar, Fred Landsman of Eja Siepman van den Berg hawwe fan grutte betsjutting west foar de ûntwikkeling yn de keunst binnen Fryslân. Dat gesicht fan Fryslân waard bepaald troch it spanningsfjild tusken de ûntwikkelingen yn bûten- en binnenlân. It gyng my om de kracht fan it byld, autonoom, net om it eigenskipswurd Frysk. Wat dat oangiet, kinst sizze: Fryske keunst bestiet net. Eigenheid en dwersheid wienen foar my twa belangrike seleksjekritearia. Oan it wurk fan epigoanen dy’t nochris alderlei ûntjouwings út it bûtenlân nei- en oerdienen, dêr hie ik gjin boadskip oan. Ik kaam dus út by it wurk fan minsken as Gerrit Benner, Sjoerd de Vries, Willem van Althuis, Boele Bregman, Auke de Vries of in Robert Zandvliet.’ Neist Bleeker syn oardiel oer it opskjinjen fan de provinsjale kolleksje, waard ek it advys frege fan Thom Mercuur en de keunsthistoarisy, Toos Bartels, Rudy Hodel en Huub Mous. De earste trije wiene it neffens Bleeker foar fiifennjoggentich persint iens mei de kar dy’t hy makke. ‘Allinne it advys fan Huub Mous ferskilde nochal wat fan dat fan my. ‘Hy woe it totaalplaatsje, ek de sosjaal-kulturele ûntwikkelings moasten neffens him harren gerak krije, hy woe sis mar, in ôfspegeling fan wat er letter yn syn boek De kleur van Friesland beskriuwe soe.’
De Heerenveense School
Sies Bleeker, berne op It Hearrenfean, dêr’t syn heit in skuonlapperswinkel hie, wie in swalker, in dwarsharsens, ‘in nozem’, sa’t dat yn dy dagen hjitte. De HBS op It Hearrenfean makke er net ȏf, want leaver gyng er, krekt santjin, op reis, liftend Europa troch. ‘Te libjen as de helden yn de roman Philip en de anderen fan Cees Nooteboom en it boek On the road fan Jack Kerouac, dat wie de grutte dream. Ik haw doe it nei-oarlochske, oan pún sketten Dútslân sjoen. Ik wie ferbjustere,’ fertelt Bleeker. Letter op de keunstakademy Minerva yn Grins siet er yn de klasse mei syn jeugdmaat Sjoerd de Vries en syn lettere kollega Anne Huitema. Ek Minerva makke er net ôf, want in reis nei Súd-Frankryk wie belangriker. Fia Aix en Provence en Paris bedarre er lang om let yn Amsterdam, dêr’t in jier op in reklameburo wurke oant Fryslân krekt wat tefolle begûn te lûken. ‘Ik wol it bêst tajaan, ja, ik wie ûnwennich.’
Werom op It Hearrenfean kaam er yn de kunde mei Boele Bregman, fan wa’t er yn 1963 it atelier oan de Oude Kerkstraat oernimme soe. ‘Mei Bregman haw ik ferskillende reizen makke, ûnder oaren nei Frankryk. Bregman is in grutte skilder, sa net de grutste nei-oarlochske skilder, in jonge mei in eigen universum. Syn poëtysk lyrysk en naïve, bernlik abstrahearjende styl is unyk. ‘Met andere schilders heeft hij weinig contact,’ skreau Hans van Straten yn 1964 yn it Vrije Volk. Dochs wie Bregman de skilder dy’t yn datselde jier yn kafee De Knellende Hand op It Hearrenfean besocht hie om in groep fan keunstners te formearjen. Mar de fergadering dêroer dat rûn yn it hûndert. ‘Hou maar stil, ik doe het met mijn werk wel,’ sei in teloarstelde Bregman. (…) Nu vormt hij een soort van tweemans-groep met Sies Bleeker, die precies de helft van zijn jaren heeft. Samen trekken ze erop uit, de Greidhoek in, ze schilderen in Gaasterland en aan de haven van Staveren.’
Bleeker: ‘Hy wie in dichter, mei in grutte foarleafde foar Achterberg, Bloem, Marsman en Slauerhoff. Mei en troch Mare van der Woude, waans skilderwurk yn myn eagen noch altiten oan dat fan de goaden rikt, hat er werklik de guts krigen.’ Hy sjocht nei bûten, folget it spoar fan in foarbydinderjende trein en komt nei in lange stilte op Bregman syn wrakseling tusken de boarger en de keunstner. Bleeker formulearret dy sitewaasje mei ien pregnante sin: ‘Corrie (Bregman syn frou, e.h.) einige, sûnder dat se dat wist, mei in topskilder. Se begriep net wêr’t har man mei oan ’e gong wie. Dy jonge hat it dreech hân. Altiten wie der de twivel oan himsels en syn eigen kinnen. Doe’t wy op in kear yn it Stedelik wienen en dêr it wurk fan Willem de Kooning seagen, wie it twa tellen dêrnei: – Ik bin niks, ik kin niks, ik hâld der mei op. Mar wêrom, do, hee, bliksem, soesto nét dy selstwivel hawwe meie, sterker, as dy der net is, dan bist by my oan ferkearde adres. Bregman syn twastriid soe op it lêste momint hast noch yn it foardiel fan inkeld de keunst sels beslist wurde. Hy hie thús fiifentritichtûzen gûne yn it laad lizzen, jild dêr’t er in bûtenlânske reis, tegearre mei syn muze Mare van der Woude, mei bestuiverje wollen hie. Eilaas, de dei foardat se fuort soenen, stie Bregman yn it tún, – hy wie te gersmeanen – doe’t er dea del foel.’ Neffens Sies Bleeker is der noch materiaal fan Bregman en Van der Woude dat oant no ta noait net te sjen west hat. Bleeker hat it oer de eroatyske tekeningen. ‘Of dy ek bewarre bleaun binne, dat wit ik net.’
Sies Bleeker soe bylâns de jierren rûnom eksposearje, syn wurk – tekeningen, akwarellen, kollaazjes en etsen – wie te sjen fan it Stedelik Museum yn Schiedam, it Frans Hals Museum yn Haarlim oant en mei Collection d’Art yn Amsterdam, dêr’t syn minimalistysk en abstrakt wurk neist dat fan Willem de Kooning hong. De goeie kritiken yn de Nederlânske media en in tal ynternasjonale tydskiften wiene net ûnfertúnlik foar syn wurdearring yn Fryslân. Njonken syn skilderwurk die Bleeker ek in grut tal monumintale opdrachten, faak yn oparbeizjen mei argitekten lykas Piet Zanstra fan it Amsterdamske buro Zanstra, Giesen en Sijmons. Ien fan de minsken dy’t it wurk fan tal fan jonge Hearrefeaner skilders en keunstners folge, wie Laurens ten Cate, yntertiid ien fan de trije haadredakteuren fan de Leeuwarder Courant, in read, frijfochten hearskip, mei in mear as sljochtweihinne belangstelling foar keunst en literatuer. Mear as ienkear iepene er in eksposysje, ûnder oaren ek fan Bleeker. Ten Cate rekkene skilders as Bregman, Sjoerd de Vries, Jelle Talman en Bleeker ta ‘de kunstenaars die de wereld nieuw maken. Zij heersen over de ruimte. Zij overschrijden de grenzen die andere kunstenaars voor hen getrokken hebben. (…) De voorstelling is groter dan het aantal vierkante centimeters van het doek. En de muur is eindeloos geduldig, want muren zijn verstandig voor de vogels die niets liever doen dan vliegen.’
.
Mei Mercuur as keunsthanneler, Laurens ten Cate as kritikus en it hiele tableau de la troupe oan skilders dat fan It Hearrenfean kaam, en dan giet it fan Sjoerd de Vries oant en mei Willem van Althuis, kin sa stadichoanwei wol praat wurde van de ‘Heerenveense School’. Bleeker hellet oan de skouders, seit dat er net folle op hat mei dat soarte fan ‘labels’, mar heakket der oan ta dat er miskien krekt in slach te yndividualistysk is om by in groep hearre te wollen. Yn De kleur van Friesland skriuwt Huub Mous dat ‘het niet geheel duidelijk is of het stilistische kenmerken zijn of de geboortegrond die deze kunstenaars gemeen hebben. (…) Van een echt inhoudelijke verwantschap tussen deze individuele kunstenaars was ook weinig sprake, als is daar wel eens naar gezocht.’ Om it troch Peter Karstkarel útfûne begryp ‘Heerenveense School’ kasjet en ynhâld te jaan, komt Mous op trije mooglik ferbinende groepsskaaimerken. ‘Je zou kunnen wijzen op het wonderlijke licht in het landschap rond Heerenveen of de hang naar solitaire eigenzinnigheid die zich bij deze kunstenaars uit deze contreien onafhankelijk van elkaar aandiende. Of op het netwerk van contacten dat op verschillende momenten in de tijd samenkwam in de stimulerende rol van Thom Mercuur. En natuurlijk in de gezamenlijke bewondering – zeker wat Mercuur, Sjoerd de Vries en Sies Bleeker betreft – voor Boele Bregman. De poëtische wereld die uit zijn werk naar voren trad, bracht bij kunstenaars van een jongere generatie zeker een schok teweeg.’ Mous beslút mei it sizzen dat de triade ljocht, stilte en lânskip, en dan benammen by Van Althuis, De Vries en Bleeker, wierskynlik net swak by spile hat by wat ‘De Heerenveense School’ te hjitten kaam. ‘Hoe dan ook, in Heerenveen en omstreken leek het Friese landschap een verstilde en soms bijna mystieke vertaling te krijgen. Een tendens die vooral in de eerste helft van de jaren zeventig brede erkenning zou vinden.’
Wa is dat, dy Benner?
Bleeker, dy’t in tal jierren as gastdosint oan Vredeman de Vries-Minerva ferbûn wie, is as gjin oar op de hichte mei de Fryske keunsthistoarje. ‘Hij was een van mijn belangrijke bronnen voor De kleur van Friesland,’ lit Huub Mous oer de telefoan witte. Tegearre mei Mous wie Bleeker ien fan de keunstadviseurs dy’t twa jier ferlyn belutsen wie by it ynrjochtsjen fan it nije provinsjehûs mei wurken fan ferskillende byldzjende keunstners. Bleeker die ûnder oaren de keamer fan Jannewietske de Vries en kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma. ‘Jannewietske de Vries hie feeling foar de saken, se keas, hiel bewust, foar wurk fan kwaliteit, yn dit gefal foar Sjoerd de Vries, Robert Zandvliet en Willem van Althuis. By de kommissaris lei dat oars, hy wist net iens wa’t Gerrit Benner wie doe’t ik ien fan dy syn wurken by him oan de muorre ophongen hie,’ glimket Bleeker moai spotsk. As keunstner, kurator en keunstadviseur is er mear as benijd hoe’t it mei it nije Fries Museum yn Ljouwert beteare sil. ‘Ik haw der, earlik sein, net werklik in hege pet fan op. It belied fan Saskia Bak, de direkteur, is tefolle nei binnen keard. It jout gjin romte nei bûten ta. It bliuwt op iene of oare manier dochs hingjen yn in foarm fan figuerseagjen. Boppedat fyn ik dat Hubert-Jan Henket, de argitekt, mei dit Fries Museum in stik fan de loft weinommen hat en dat is sa likernȏch it belangrykste wat wy hjir yn Fryslân hawwe.’ Bleeker nimt in slok fan syn tee, komt oerein, kuieret de keamer troch en draait him dan ynienen om, mei in finger wizend, wylst er retoarysk freget: ‘Wy binne in lytse moanne foar de iepening, mar hasto it idee dat dy iepening fan dat museum echt libbet? Nee fansels net … Nee, as it werklik wat te betsjutten hie, dan hie dy opteinens en nijsgjirrigens op syn minst twa jier ferlyn al yn de loft hingje moatten. Hoe dan ek, ik sis dy niks nijs as ik sis: Saskia Bak hat gjin fisy. Salang’t se net opstapt, bliuwt men mei har opskipe.’
.
It is oan de ein fan de middei as Bleeker syn freondinne Minke Postma de doar yn stapt. Se skoot oan by de grutte glêzen tafel foar it finster, freget oft ik mei te iten wol en skinkt efkes letter in wyn en in bier út. Sies Bleeker komt ûnder it miel noch in kear op syn tiid as studint oan de Akademy Minerva. ‘Folle haw ik der net útfretten. Ien fan de dosinten wie Diederik Kraaypoel. Hy sei tsjin Sjoerd (de Vries, e.h.) en my: Jonges, ga eerst maar eens lekker lezen, Camus, Sartre, Merleau-Ponty … It is dy literatuer ek dy’t ik op dit stuit foar in part oan it werlêzen bin,’ seit Bleeker letter, as er by it oanrjocht mei in fracht pillen oan it skiftsjen is, medikaasje tsjin de agressive foarm fan prostaatkanker dêr’t er sûnt 2008 mei kampt. ‘Ik libje yn geleende tijd. Der binne dagen dat ik tink: Ik hâld dermei op. De belangrykste fraach by Camus is dy fan de selsmoard, in fraach dy’t oer alle boegen mei de sinjouwing fan it libben sels te meitsjen hat. Hat dat libben doel, hat dat libben betsjutting? En as it dat net hat – hoe absurd ek – is der dan lykwols noch rjochting? As ik dan hjir yn myn wurkromte sit, dan slûpt my by alle besef fan dea en einigens dochs op iene of oare manier de driuw yn it liif om wat te meitsjen. Der is noch altiten in wrâld oan dingen dy’t my ferbjusteret en nijsgjirrich meitsje kin en dan is it faak, ha, ik moat noch even in dinkje meitsje.’ Dy ‘dinkjes’, dat binne meast lytse, mei organza makke lânskippen, romtlik en fierhinne abstrakt wurk, sa’t dat ûnder mear ek te sjen wienen op ‘De open stal’, de jierlikse keunstrûte yn Aldeberkeap. De tekstylstof organza soarget, ôfhinklik fan de posysje dy’t men foaroer it doek ynnimt, faak foar in eigenaardige, hast heimsinnige wurking fan it ljocht. It wurk docht tinken oan dat fan Sjoerd de Vries. Uteinlik is Bleeker werom by wêr’t er oait begûn, minimalistyske en fierhinne abstrakte lânskippen, mei dêryn de klam op it ljocht. ‘Fan de romte en it ljocht it wêzen te fangen, dat haw ik fan begjin oan as myn opdracht sjoen.’
Reve en de âlde mystisy
‘Ik wit dat dit bestean oan alderhande tinne triedsjes hinget. As de pine te grut wurdt, dan moat ik in kar dwaan. It is, sa’t Camus seit, de kar dy’t it libben makket, in kar dy’t in minske syn ferantwurdlikheid bepaalt. En der is mar ien dy’t dêr foar stean kin: ik sels.’ Bleeker stiet oan de tafel en eaget it gersfjild foar it spoar oer, nimt in slokje wyn as er fûl, mar ek wat spytgnyskjend seit: ‘Ik hoech gjin meilijen. Dat wurket net. Ik kin mysels ferlieze yn it hearren nei muzyk en it lêzen fan poëzy. Dat wurket wol. En dan kom ik út by de âlde, ‘vroeg-christelijke’ tinkers, de midsieuske mystisy, by Reve ek. Ik werken mysels yn harren mystyk. Asto my fregest, hâldst it út by dysels, dan sis ik: Ja, ik bin absolút in optimist. Ik bin in soarte fan Ko van Dijk, as ik de keunst net mear hie, soe ik pas werklik fergean fan fertriet. Ik kin by alle pine dy’t der bytiden is noch altiten grapkes meitsje, ja, ek grapkes oer de dea. Lykwols, as op in dei de pine net mear te hurdzen wêze sil, dan hoech ik inkeld mar even nei kafee Doodgewoon, dêr’t myn ‘drankje’ klear stiet en dan bin ik ‘vertrokken’.’
UPDATE