De stolp fan Jensma (3) – It mystearje fan Janus Jensma, Algra de Haan en Atte Looper
Skriuwer Josse de Haan hie in stik aktueler west as er de gearstalling fan de Gysbertsjuery 2013 ûnder it loerizer lein hie. Dy is sá behyplike Frysk dat se op gjin inkelde manier in ôfspegeling foarmet fan in literatuer dy’t allang part is fan in twatalich literêr systeem.
Skriuwers en dichters as Elmar Kuiper, Tsead Bruinja, Nyk de Vries, Meindert Talma, Albertina Soepboer en Wilco Berga bewege har like maklik yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Dat gegeven lit him net weromsjen yn de gearstalling fan de sjuery c.q. de leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Fryslân op syn aldersmelst. En dat fannijs, want by de Gysbert fan 2011 wie it fan itselde lekken in pak.
Fan HotSum nei Tresoar
De sjuery wurdt dit jier foarsitten troch heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma. Hy hat him sekundearje litten troch Jantsje Post en Jetske Bilker. Jantsje Post komt fan Seisbjirrum, is oersetter – se fertaalde ûnder oaren wurk fan de Fryske skriuwster Marga Claus en Anselm Grün, in Dútske Benediktijner pryster en skriuwer fan spirituele boeken dy’t Post ûnder mear ta it sizzen bringe dat ‘Jezus je leert en laat zien dat in gebrokenheid heling is.’ – en hat te seil geand op har Facebook-postings yts mei grûn, jirpels en sipels.
Jetske Bilker komt fan Achlum, is romanskriuwster, resinsint, blomlêzer fan poëzy, goe-freondinne fan Jantsje Post (sa’t Facebook dúdlik makket) en is as bestjoerslid behelle yn de útjouwerij HotSum, in troch Abe de Vries op priemmen set ûndernimmen dat yn oparbeidzjen mei Tresoar, it ynstitút dat ek de leden fan de Gysbertsjuery oansiket, noed stean wol foar de útjefte fan twatalich besoarge poëzybondels en essayskriften.
Mystearje
Jensma hat de lêste jierren gjin gelegenheid foarbygean litten om derop te wizen dat Fryslân as minderheidskultuer syn gesicht yn Europa sjen litte moat. Bravo. Meartalichheid is it kredo.
Mar wêrom’t de grutte Europeaan Jensma himsels yn it stik fan de Gysbert ynienen sa’n rare Januskop oanmetten hat troch in sjuery foar te sitten dy’t yn syn gearstalling op gjin inkelde manier rjocht docht oan in twa- en meartalige literêre werklikheid, dat is in mystearje.
Likegoed yn de polityk as yn it literêre fjild is der mear as ienkear in pleit dien om ‘de Fryske taal en kultuer ûnder de stolp wei te heljen’, Jensma foarop. It is sels it adagium fan in provinsjale taal- en kultuernota as Grinzen oer (2012).
Mar yn it stik fan de Gysbert jildt soks blykber net. Lykas by de Gysbert fan 2011 hat Tresoar neilitten en soargje by it gearstallen fan de sjuery foar de needsaaklike ȏfstân ta it Fryske literêre fjild. Dat soks net dien is, is frjemd. Ommers, it tilt op fan de Nederlânsktalige skriuwers, dichters en dosinten dy’t it Frysk behearskje, itsij passyf, itsij aktyf, in groep fan minsken dêr’t sûnder mis genȏch kompetinte kandidaten foar de Gysbertsjuery by sitten hienen.
Nepotisme
It Letterebelied fan Tresoar lit sawiesa in nuvere diskrepânsje sjen as it om in twa- en meartalige ynstek giet. Lit my ditoangeande ien foarbyld oanhelje: oan ’e iene kant jout direkteur Bert Looper fan Tresoar de Nederlânsktalige skriuwer Atte Jongstra de opdracht ta it skriuwen fan it Fryske Boekewikegeskink – Looper is goekunde fan Jongstra, hold by Jongstra syn fiifentweintichjierrige skriuwersjubileum yn Amsterdam prachtige lofredes en arbeide yn syn tiid as museumdirekteur yn Swolle yntinsyf mei him op doe’t Jongstra ien fan syn gastkonservators wie – oan ’e oare kant hâldt de direkteur fan Tresoar de doarren pôtticht as der sjueryleden oansocht wurde moatte bûten it lytse Fryske fermidden om, in saak dêr’t Looper mei ferantwurdlik foar is. Der is neat tefolle sein as it iene en oar beflapt wurdt ûnder it begryp: nepotisme.
De promoasje fan de Gysbertpriis lit ik hjir bûten beskôging. Want dy is planút in ramp. It meitsjen fan publisiteit om de priis hinne hie bygelyks hiel goed yn oparbeidzjen kinnen mei Ljouwert KH2018, Poetry International of simpelwei de Uit-markt Ljouwert.
Dat allegearre komt net op yn de hollen fan it djoer betelle hampelmannefolk fan Tresoar, beropsfriezen dy’t beheltere binne mei de befoardering en promoasje fan Fryske literatuer. Sels it ynrjochtsjen fan in simpele Facebookpagina oer de Gysbert siet der net yn..
dôve doarren
De status fan de Gysbert is op ‘e nij ûnnedich ûnderstek dien mei in sjuery dy’t te min distânsje ta it Fryske literêre fjild hat. Transparânsje oer de proseduere oangeande it oansykjen fan sjueryleden is fier te sykjen.
Nettsjinsteande de al jierren besteande krityk dat de sjuery in ôfspegeling wêze moatte soe fan in twatalich literêr systeem, fynt dat soarte sinjalen by Tresoar gjin wjerlûd. Fan datoangeande kin men likegoed tsjin in nust dôve doarren oanprate, dat by dizzen Hit the road...
Kolumn – 1
Skriuwer Josse de Haan bringt de styfsoannen en -dochters fan de Wierheid op it aljemint as er yn syn skôging fan de poëzy foar de Gysbert Japicxpriis 2013 gebrûk makket fan alderhande âldmoadyske, omtrint midsieuske kritearia lykas ‘echt’, ‘falsk’, ‘trochlibbe’ en ‘autentyk’. Syn kritearia binne net wurkber. Want wat is ‘echt’ en hoe beskiedt de resinsint-besprekker wat trochlibbe is en wat autentyk. De Haan blykt, mirable dictu, de reynkarnaasje fan Hindrik Algra yn syn alderslimste dagen as it om syn moralistysk fingerwizen giet…
As besprekker nimt er yn syn artikel “Yn 66 jier twa dichteressen winnares fan de Gysbert Japicx” (Ensafh., 31/08/13) net ienris de muoite om syn kriteria fan in útlis of ferklearring te foarsjen. As God de Vader in de Hemelen moat de lêzer him op syn blauwe eagen leauwe. De skriuwer wit, hiel kosmysk, wat ‘echt’ en ‘falsk’ is, mar wat is witten om útmeitsje te kinnen wat yn de keunst (de literatuer) wier en ûnwier is? De Haan hat dêr it geheime patint op. Nee, by Josse de Haan moat ik altiten tinke oan in hol klapperjend keunstgebit, it rattelet mear as dat it wat seit.
Fierders wol er hawwe dat de koartby ferstoarne dichters Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind net nominearre wurde mochten hiene foar de ‘Gysbert 2013’. De Haan, dy’t oars altiten wakker each seit te hawwen foar ynternasjonale literêre ûntjouwings, fytst yn dizzen blyn foarby oan in hiel leger dichters waans wurk postúm bekroand waard: Sylvia Plath (Pulitzer Prize), Hans Andreus (Henriëtte Roland Holst-prijs), Martinus Nijhoff (Constantijn Huygensprijs) om marris in pear nammen te neamen. Wat yn it bûtenlân al kin, is yn it lyts letterkundige útbuorrentsje fan dominee De Haan flokke yn ’e tsjerke.
.
Morbide
.
It skôgjen fan de poëzy an sich [dus autonoom] wurdt by De Haan net inkeld opkeard troch in set ûnwurkbere kritearia, mar ek troch in yngreven djip moralisme. De eardere Algra- en Folkertsmamannen binne der neat by. Fan ’t simmer kaam de skriuwer mei de morbide en diskriminearjende noarm dat by de kar út de Fryske literatuer sa’t dy fan ’t hjerst op de Frankfurter Buchmesse útsutele wurde sil, in dichter as Tsjêbbe Hettinga dêr net by sitte mocht, omdat it in deade dichter is.
.
Mar noch by de ‘Gysbert 2013′ noch by de literêre Frankfurter kreamheisterij docht it der ta oft in skriuwer of dichter dea is of net, frou is of man, ensfh. It binne bûtenliterêre kritearia dy’t neat sizze oer de literêre kwaliteit fan de poëzy sels.
.
Troch datsoarte non-kritearia skept de besprekker himsels lykwols al de romte en jou werris bod oan syn wrok tsjin alderlei persoanen yn it Frysk letterkundige fjild.
hollerombom
Ik ben mijn broeder’s hoeder niet, mar it ressentimint fan De Haan foaroer Tsjêbbe Hettinga – ‘Ik haw, skriuwt De Haan, ‘nea oertsjûge west fan de poëzy fan Hettinga noch fan syn foardrachten. Dat barde daalk al yn Frankfurt yn ’93 dêr’t ik wie.’ – is de begrutlike en lytsboargerlike kant it neist, om it fierders mar net te hawwen oer alle net troch De Haan ûnderboude begripen lykas ‘konservatyf’, ‘ûnechte kitschwrâlden’ en oare hollerombom.
.(…) ‘Je laat je leiden door vooropgezette en hardnekkige opvattingen over personen, sterker nog over kampen (kosmysken etc.)’, skreau blogger Huub Mous ferline jier nei oanlieding fan De Haan syn ynbring by in diskusje oer de útjefte fan it samle wurk fan Jan Wybenga. ‘Scheur je los van je diep ingeroeste vooroordelen. Take a life.’