It Staverkadaver revisited
De Staverkadaverkwestje stiet der wer oan te kommen, oktober moatte de Fryske Steaten oer it grutte troch de Fryske Akademy yn inoar set meunster kedize. En dat wurdt wer reuze spannend, Fryske Psycho, oftewol: wês wach Watse, sa’t skriuwer Jo Smit plichte te sizzen, dus finger oan de taalpols, wolle je yn it staveringsstik fan de Akademy net fermoarde wurde wêr’t je by steane.
.
By the way, is Anne Dykstra, de rju eale projektlieder by dizze staveringsferoaring, by de Akademy de iennige dy’t oer de staveringsmatearje publisearret, mei ûnder mear iensidige propagandastikjes yn Ut de Smidte (*), it húsorgaan fan de Akademy, en hat de rest fan it personiel fan dat renomearre ynstitút yn dizze kwestje noch altiten te meitsjen mei it sprekferbod dat har fan ’t maitiid troch de direksje oplein waard?
.
Kin it rju achte Skriuwersbounbestjoerslid Anne Tjerk Popkema, dy’t de belangen fan de Fryske skriuwers behertiget en dy’t goede kontakten mei de Akademy ûnderhaldt fan dy fraach ek even in putsje meitsje? Dan kin der, en dat is te hoopjen, ek in krús troch boppesteand (krante)berjocht…ehh, skandaal.
.
.
(*) It giet om Ut de Smidte, jrg. 47, nûmer 2, simmer 2013, s. 10-11.
.