De stolp fan Jensma (5) – Jiskefetten en filistijnen – Literêre prizen yn Fryslân

Sa, dat sjit op, hast alle jierren in Fryske literêre priis nei de filistijnen. Ferline jier waard de Fedde Schurerpriis, ornearre foar it bêste debút yn de kategory proaza of poëzy oer de foargeande trije jier, oan de dyk set. It (frije merk)tinken fan de provinsje Fryslân wie dat it bedriuwslibben fertoan wol mei ‘de Fedde’ rêde koe. Wilens liket de Rely Jorritsmapriis oan bar om by it jiskefet set te wurden.

rely_jorritsma
Rely Jorritsma (1905-1952)

Ferline hjerst kamen by it projekt-P hast (!) alle Fryske skriuwers yn it gewear tsjin it ûnsillige plan fan de provinsje Fryslân om de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis op te doeken. De provinsje woe op grûn fan de Kultuernota fan 2012 ‘een vermarkting’ fan beide literêre prizen. De organisaasje en ferantwurdlikheid foar de útfiering fan de prizen waard yn earste ynstânsje nei Tresoar trochskood. De ‘Obe’ soe lang om let sparre wurde, de ‘Fedde’ sneuvele. No, in jier letter is it mei de literêre prizen foar debutanten nacht yn nane. Gjin bedriuw of útjouwer dy’t in bek op de Fedde sette woe. Leve de markt. Opnij in gat yn de muorre fan de hurd tebroazeljende Frysk letterkundige ynfrastruktuer.

Under Fedde’s seadden

ProjektP
Projekt-P, oktober 2012

Even in sydpaad. Wêr’t de oarkonde fan myn eigen ‘Fedde Schurer’ bedarre is – de priis fan ‘99 dy’t ik okkerjiers by it projekt-P oan deputearre Jannewietske de Vries weromjûn haw – dat wit ik net. Miskien hinget er wol earne yn de Oldehove of faaks is it oarkondepapier brûkt foar it draaien fan in fikse blow (Red Libanon), doe’t immen op it njonkenlizzende Politburo – nee, net op it plysjeburo – ferlegen siet om in floeike, mar it kin fansels ek wêze dat deputearreske De Vries it brûkt hat as kladblok om dêr in moai partikulier Bûterhoekeferske op te skriuwen, mei derûnder in tekeninkje oer it geheim fan it fleanende, Frysk literêre skaakboerd. Hawar, de Fedde-priis blykt foargoed opburgen ûnder blauwe Fedde’ s seadden.

En de letterkundige deade-optocht hâldt net op. De sittende sjuery fan de Rely Jorritsmapriis (Marga Claus, Edwin de Groot en Jaap Krol) wol hawwe dat de Relypriis net mear yn de besteande foarm troch kin. De reden? De kwaliteit fan de ynstjoerde poëzy. Dy wie dit jier sa bedroevende min dat de sjuery him ȏffreget oft it net tiid wurdt om fan de anonime prizen ȏf te stappen. De Rely soe omboud wurde kinne ta ‘in jierpriis foar it moaist ynstjoerde gedicht of ferhaal dat publisearre wurdt yn de literêre media.’ (Leeuwarder Courant, 07/10/13)

Eeltsje Hettinga docht Fedde '99 retour oan Provinsje Fryslan 2012
Fedde ’99 retoer oan provinsje Fryslân 2012

Doe’t ik dat útstel lies, tocht ik: Kin dy sjuery ek ȏfskaft wurde?

By it feit dat it Fryske literêre sirkus sa altemets in behyplik ynsestueuze binde is, is it fenomeen fan de anonimiteit by de Rely Jorritsmapriis in segen, it foarkomt alderlei foarmen fan freontsjepolityk en oare aberaasjes, boppedat wurket de anonimiteit fan de ynstjoerders bepaald net ûnfertúnlik foar in moai objektive resepsje, want allinnich de tekst telt, dus: de styl, de komposysje, de metaforyk, ensfh.

De Rely hat by de jierren lâns in beskate status en betsjutting wûn. Fan datoangeande, sa sydlings, in lyts teltsje. Doe’t in broer fan my yn 1970 foar it earst de Rely Jorritsmapriis krige – it gyng om it fers ‘Forfal’ – gong thús op de pleats de flagge út, ús beppe, dy’t foar mannichien brullofts- en begraffenislieten skreau, sei yn de doar fan it Martinus, it âldereintehûs yn Boalsert, fyftich fleurige weeskegroeten op, de keallen begonnen spontaan oan ‘Te Boalsert yn de merke’, grutte pake wie trije dagen yn de loarum en ús heit, allike optein, kocht in Frysk hynder te djoer omdat er nét nei, mar foar de hannel yn de kroech oan de jonge jenever sitten hie.

Ik bedoel mar, it winnen fan de Rely wie in feest. En dat soe it ek bliuwe moatte. De priis hat net allinne kasjet, mar jout in skriuwer- en/of dichterskip ek sa syn kleur en statuer, en dat rint fan Tiny Mulder, Trinus Riemersma, Albertina Soepboer, Simon Oosting oant en mei Elske Kampen. Sels haw ik de Rely fjouwer kear taparte krigen, dêrnei – it wie 1997 – fûn ik it moai genȏch en bin ik der mei opholden. Mar it hat, sûnder mis, mei troch dy fjouwer bekroaningen west dat ik mear en better myn eigen wegen gean koe.

Nivo

Dit jier koe der gjin Relypriis foar poëzy takend wurde. Lit dat sa wêze, der hawwe faker jierren west dat der mar in minimaal tal prizen foar poëzij te ferjaan wie. (Margriet Poortstra yn 1989, Tiny Mulder yn 1962 en 1963). Mar lykas sein, mei fanwegen it minne nivo fan de ynstjoerde poëzy fan dit jier wol de sjuery de Rely-saken no ombouwe ta in jierlikse bekroaning foar de bêste tydskriftpublikaasje as it om de poëzy giet. Doe’t ik dat útstel lies, tocht ik fierders ek: Ik moat de titel fan myn eardere kollumnrubryk Binn’ jo wol lekker wer yn it libben roppe.

As it om de literêre media giet, binne der yn Fryslȃn (noch mar) twa tydskriften: De Moanne en Ensafh. De skriftlike útjefte fan earstneamd blêd hat troch alle besunigings in minder grutte ferskiningsfrekwinsje, boppedat is it literêre part derfan, foaral as it om de poëzy giet, yn omfang folle minder romte taparte. Mei omdat de Moanne net mear in suver literêr blêd is, wolle guon Fryske dichters, ûnder harren net de minsten, dêr eins gjin poëzy mear yn publisearje.

Wat it tydskrift Ensafh. oangiet, dêrfan moat steld wurde dat in grut tal dichters om mear as ien reden net yn dat blêd publisearje wol, om it mar net te hawwen oer in bydrage oan de digitale knip- en plakfersje derfan. Abe de Vries yn Ensafh? Nee. Elmar Kuiper yn Ensafh? Nee of net mear teminste. Underskreaune yn Ensafh? No way. En sa kin ik noch wol in hoart trochgean. Fierders publisearje hieltiten mear dichters har wurk streekrjocht op it Web, itsij op eigen websiden (Tsead Bruinja, Abe de Vries, ûnderskreaune, om mar in pear nammen te neamen), itsij op Facebook (Elmar Kuiper, Jetze de Vries).

greidehoekCosmic U

Om it nivo fan de ynstjoerings by de Rely op te tillen, sil it bestjoer fan de Rely Jorritsma-stifting alle war dwaan moatte en meitsje bygelyks yn gearwurking mei de literêre tydskriften en mei help fan de sosjale media mear bombaarje en reuring by it útskriuwen fan de Rely Jorritsmapriis, sa om april hinne. Dat yn it foarste plak. Mar der is mear dat dien wurde kin, fraaie taken, sa’t Olly B. Bommel dat plichte te sizzen.

Sa’t it jildbedrach foar in proazaferhaal in jier ris wat ferlyn fan 500 Euro nei 800 Euro opkrikt is, sa soe dat ek kinne mei de Rely-poëzypriis troch it bedrach fan 200 Euro nei 500 Euro te ferheegjen. Fierdersoan kin der op oantrune wurde dat álle Fryske dichters – dus ek bygelyks Tsead Bruinja, Jacobus Smink, Abe de Vries, Grytsje Schaaf, Arjan Hut, Cornelius (Cornelis van der Wal), in dichter dy’t oars ek mei docht oan twicht- en Dunyaprizen – oare jier stik foar stik oan de Rely meidogge. Last but not least, meitsje de útrikking fan de prizen ta in feest, bgl. yn gearwurking mei it Greidhoekfestival yn Wommels. Rely, tegearre mei Einstein Barbie of Cosmic U. De presintaasje fan it gehiel even yn hannen jaan fan in Hilda Talsma, Wybo Smids of Marijke Roskam en klear.

Dat is wat oars as wat dizze Relysjuery no útsteld en betocht hat om it nivo fan de Rely-Rally op te krikken, want dat is al mei al in swaktebod, bedroevend fan nivo en de geastesearme kant it neist. Bommel moat werom…