Abe de Vries syn wrâld as ien grut rinnend misferstân

Yn syn stik Oer Poëzy (5) oer it essay De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy docht Abe de Vries my tinken oan Huub, nee, net dy Huub, mar Huub de lytse trommelgast fan Boalsert, dy’t behongen mei alderhande potten en pannen altiten foar de fanfare út rûn en ûnderwilens sá hurd op syn drumstel omtromme dat er dêrtroch net rjocht mear hearde hoe’t it muzyk fan it orkest werklik hearde. Sa is it ek mei De Vries syn stik of neam it mar syn replyk op De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy. Dat, in pear opmerkingen.

Foarst, ik haw it yn dat essay oer de talige, autonome poëzy yn relaasje ta de tema’s fan de stilte, it swijen, de leechte en it Niks. Dat fenomeen te besjen, dat wie it wichtichste doel fan it ûndersyk fan it essay, yn syn soarte in ferkenning. Dus, ik haw it nét, lykas De Vries hawwe wol, oer de autonome poëzy op himsels, sa’t dy bygelyks by Paul van Ostayen te finen is en dêr’t, tichter by hûs, ûndermear in tal (taal)spullen fan Wybenga (J.), Piebenga (Tj.), Hettinga (Tsj.) in foarbyld fan neamd wurde kinne soenen.

Twad, ik haw it net eksplisyt oer Wittgenstein as it om de ferhâlding taal en werklikheid giet, ek al wurdt fan him de rigel oanhelle dy’t seit: – Dêr’t men net fan prate kin, dêroer moat men swije. De Vries mient my dêrby op in misferstân betraapje te moatten. “Fansels is poëzij mei dy ambysje [gedichten dy’t wat oer God sizze wolle, mar (ymplisyt) erkenne dat se dat net kinne en dêrfan in útdrukking wêze wolle, e.h.]  al folle âlder as Wittgenstein,” skriuwt De Vries, “en foar Hettinga miskien net nijsgjirrich genôch, mar it is goed om te sjen dat dichters al folle langer wrakselje mei it probleem dat taal tekoart sjit.”

Soarchfâldichheid is net De Vries syn grutste deugd. Net nijsgjirrich genôch? In net krekte premisse, sizze wy dan. Want wat seit it essay yn dizzen al as it om in âldere tradysje giet, dus ien dy’t net begjint by Wittgenstein: “(…) It ‘onzegbaarheidstopos’ (…) is in tema dat syn oarsprong hat by alderhande oerâlde mystike geskriften en dat net swak by spilet yn de hjoeddeiske, moderne poëzij. It ûnderwerp sels hat syn roots yn in religieuze en literêre tradysje, dêr’t yn besocht wurdt en jou stal oan dat wat him net sizze lit, it godlike, it hillige. Der hat as it om it stal jaan fan dizze problematyk giet benammen yn de moderne poëzy altiten in fûneminteel wantrouwen west as de ferhâlding wurd en werklikheid yn it spul kaam. Taal dekt no ienkear net de lading fan dat wat is. Dêryn ferskille de opfettings net fan âlde tsjerkfaders lykas Augustinus.”

It hat yn dit stik fan saken – it ûnútspreklike (het ‘onzegbaarheidtopos’) – net fergees west dat nei De innerlijke ervaring fan Georges Bataille ferwiisd wurdt en it berop fan dizze skriuwer-dichter op it wurk fan midsieuske mystisy as Teresa fan Ávila. “It giet Bataille,” sa wurdt yn De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy steld, “om in ûnderfinen fan wat foarby tinken, taal en witten leit. Dêr giet in redeleas en ekstatysk belibjen mei mank. In bûten sinnen-wêzen. It is net om ’e nocht dat der yn Bataille syn wurk mear as ien kear in relaasje lein wurdt tusken erotyk en mystyk. Bataille hâldt der in foarm fan mystyk op nei dêr’t de teksten fan kristlike mystisy as Johannes fan it Krús of Teresa fan Ávila yn brûkt wurde om oan it kristendom sels te ûntkommen.”

Tred, dy lêste rigel kin ek lêzen wurde as in foarútwizing nei de konklúzje by De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy. Dêryn wurdt oangeande de ‘betommele poëtika’ ûnder mear skreaun “dat de gauris oan lippen, mûle en azem keppele (taal)mystyk yn it wurk fan dichters as Hans Faverey en Paul Celan neat te krijen hat mei de grûnige mystyk fan God en grûn (natuer), sa’t dy te finen is by guon, fan alderlei foarmen fan nasjonalistysk tinken beheltere Fryske dichters, lykas D. H. Kiestra. (…) It ophimmeljen fan datsoarte betommele kristlike mystyk – de rehabilitaasje fan de dichter fûn plak op 4 en 5 maaie – soe it Fryske literêre fjild yn 2005 radikaal ferdiele.” It eigenskipswurd ‘betommele’, yn de sin fan ‘smoezelig’, is dus net brûkt yn tsjinstelling mei ‘fernijende poëtika’, sa’t De Vries ûnderstelt.

Dat, om koart te gean, as Abe de Vries tenei even krekter lêst, dan rint de wrâld ek minder kâns om noch mear út te rinnen op ien grut rinnend misferstân.


.
As lêste. Yn it jier 300 foar Kristus sei de âld-Sineeske dichter Hu Thung-song, doe’t hy op âld bamboepapier yn briefwiksel wie mei in tal fan syn Yndo-Germaanske broeders en susters op in terp, erges heal fersopen tusken Flie en Weser, oer it ûnderwerp fan de ferhâlding tusken taal en werklikheid, ûnder mear dit:

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan ‘t wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.