Abnormaliteiten fan Boon – Yn it sok fan Breughel en Bosch II

(Okt. 2017) Yn de roman De Kapellekensbaan fan Louis Paul Boon wurde de ‘grootmeesters’ Jeroen Bosch en Breughel op tal fan plakken oer it fuotljocht brocht, ûnder mear yn it haadstik ‘Abnormaliteiten’. Dêryn binne it personaazje fan de kantike skoalmaster en de skriuwer yn petear, sa net yn striidpetear, oer de fraach oft der noch wat nijs ta te foegjen is oan it sjenre fan de roman.

It wurd ‘kantyk’ referearret oan in liet, mear yn it bysûnder oan lietfragminten út de Bibel. It wurdboek seit yn dizzen: ‘Religieus loflied, een liturgische zang ontleend aan andere bijbelboeken dan het psalterium.’ As eigenskipswurd, yn kombinaasje mei it haadwurd hat it gehiel by Boon de betsjutting krigen fan in wetige en gewichtich dwaande skoalmaster.

Yn De Kapellekensbaan is de kantike skoalmaster de kwast dy’t hawwe wol dat alles wat men oer de wrâld sizze wol al sein is, want neffens him falt der nei Prediker, Thomas à Kempis, Goethe, Shakespeare, Laotse, Dostojewski, Zola, Proust, Céline, Lawrence of Miller neat nijs mear te sizzen.

Boontje lit him yn dit stik fan saken net op ’e kop skite, stapt nei foaren en seit: ‘het is mogelijk dat het onmogelijk is om iets nieuwer en juister te zeggen, maar over al het geschrevene daalt het stof der tijden neer, en ik peins daarom dat het goed is als er om de 10 jaar een andere een kruis trekt over al die oude dingen, en de wereld-van-vandaag opnieuw uitspreekt met andere woorden.’ (s. 9)

hatsjoe

No by it werlêzen fan De Kapellekensbaan krijt dat antwurd in hiele oare diminsje en betsjutting as doe’t ik de roman foar it earst lies. Dat is te sizzen: al is my de wrâld in wûne, in permanint iepen steed – foar wa’t it wurd of it meartal derfan net ken, in ‘steed’ is in iepen wûne – dochs wurd ik algeduerigen weroan derop ferge en besykje dyselde wrâld, yn syn soarte in ferlern plak, opnij (in) betsjutting te jaan. Yn it besykjen bin ik myn skepping, yn it meitsjen myn wurden.

Sûnder grap, bak of pots – de lichtens – giet soks net, oars rint it út op in foarm fan ‘kantike’ boadskipperij en dêr haw ik dus, hatsjoe, gjin boadskip oan.

Lykas by dat wat Georges Bataille beskreaun hat yn De innnerlijke ervaring giet it om in ûndernimmen of reis nei de ein fan wat minsklik mooglik is, in taasten nei it uterst mooglike oant by it ûnmooglike om ’t ôf, sis, in reis nei de ein fan de nacht.

En dat is wat ‘Boontje’ besiket te dwaan as er oan De Kapellekensbaan skriuwt, it rikken nei it ûnmooglike, ek al wurdt er dêrby fuortlake troch it wetige wurd fan de kantike skoalmaster.

@EH (okt. 2017)
.

.

ABNORMALITEITEN

Foar safier’t ik jo folgje kin, seit de kantike skoalmaster, binne it allegear abnormalen dêr’t jo oer skriuwe: wol snaaie jo hûnderten lytse feiten út it normale libben wei, mar dy feiten grieme jo earst sa trochinoar dat it in wrimeljende en net te werkennen brot wurdt, en dy brot triuwe jo letteroan yn in net-besteand ûntwerp. Of, as ik it in slach dúdliker stelle mei: dy hûnderten lytse feiten út it normale libben wurde yn jo hannen stiennen dêr’t jo in abnormale wrâld mei delsette. Net ien fan jo helden is in normaal minske en elk barren is it herkenbere brek, sawol yn dizze tiid as yn de foarbye tiid.
Och, swij kantike skoalmaster… seisto… want jo litte my tinke oan dy gewichtige, krekte en wetige, en harsels nea net fersinnende kritisy fan it nijmoadrige hjoed-de-dei: se hawwe maklik praten as se sizze dat men, oer it libben skriuwend, ek ôfwage moat dit en neirinne dat, en dêr in snúfke piper en sâlt, foelje en kaniel byfoegje… nee, ik fersin my, dat is in resept om fla fan te bakken… en dizze kritisy, se binne fierhinne te fergelykjen mei it mear as tragyske gefal wêryn’t men by fersin it bern weismiten hat en de neikream yn de widze lei. Mar it meast tragyske by dit alles is dat se dit fersin aloan te sjen kamen as de normale tastân, wylst se harren behyplike apotekersmentaliteit opkringe wolle oan de natuerlik befruchte, swierdragende en bernjende skriuwer. En sis my net langer “jo beskriuwe altyd abnormaliteiten om dy dêrnei normaliteiten te neamen”, want wêr is de grins dy’t it normale fan it abnormale ôffredet? Sjoch nei de grutmasters bosch en breughel en goya, hoe’t se mei harren pinsiel de fatsoenlike en slim boargerlike normale streek útwiske hawwe… en hoe’t jo de trystige moed fetsje en lûk dy streek opnij oer harren skilderijen. En harkje bûtendat nei wat in ferneamd psychiater my ferdútste: net in mins dy’t normaal is, mar by de grutte kliber wurdt dat krekt net genôch sichtber om har yn in kranksinnigegesticht op te bergjen. En dêroerhinne, kinne de normalen net it hurdst en it skerpst útbylde wurde mei de abnormalen? En kin men mei it werjaan fan in fantastyske weareld net in folsleiner byld jaan fan de Besteande weareld? Mar de kantike skoalmaster, dy’t betize sit yn dat wat mei en dat wat net mei, yn dat wat tastien is en dat wat noch altyd net tastien is, seit spotsk: as jo op dy manier dwaan meie wat jo dwaan wolle, en skriuwe wat jo skriuwe wolle, dan sille jo noch einigje mei it ferbyldzjen fan de meast ûnoannimlike dingen as de meast realistyske dingen.

.
@EH (okt. 2017)

 

Louis Paul Boon, De kapellekensbaan, ‘Abnormaliteiten’, De Arbeiderspers, Amsterdam 1969, s. 21.
Georges Bataille, De innerlijke ervaring, Gooi en Sticht, Hilversum, 1989.
 

Sjoch ek: Yn it sok fan Breughel en Bosch I