Bas Jan Ader – dokumintêre – Lânskippen 2
Filmmakker Rene Daalder fertelt yn de dokumintêre Here is always somewhere else it altemets ûntheisterjende ferhaal oer Bas Jan Ader, de Nederlânsk-Kalifornyske keunstner dy’t yn 1975 besocht om yn in sylboatsje fan noch gjin fjouwerenheale meter de Atlantyske Oseaan oer te stekken. Net al te fier út de kust fan Ierlân, rekke er wei, foargoed ferdwûn.
Ader syn oerstek wie ûnderdiel fan it keunstprojekt, it trijelûk In Search of the Miraculous, dêr’t it earste part fan makke wie yn Claremont, ien fan de stêden binnen de metropoal Los Angeles. De werklike driuw fan syn sykjen bliuwt oant op de dei fan hjoed in riedsel. ‘A true disappearence without a trace.’
Daalder hat by de rekonstruksje fan it libben en wurk fan de keunstner.Bas Jan Ader syn eigen bestean as emigrant yn Kalifornia as útgongspunt nommen. Dat smyt hjir en dêr prachtige fragminten op: tochten troch Noard-Grins – Ader kaam út dy kriten -, fraachpetearen mei Ger van Elk en reizen troch Los Angeles, dêr’t de dokumintêremakker ûnder mear ek op besite is by Ader syn widdo, Mary Sue Andersen….