Bokman en de oerdonderjende lyryk fan Dean Bowen

(08-06) Hy is dichter, performer en psychonaut, Dean Bowen. Beknypt tusken ferskillende talen en kultueren is er net by steat en ûntsnap oan de polityk fan syn bestean. It is dy ‘tuskenyn’-situaasje dy’t fierhinne bepalend is foar de poëzy yn de bondel ‘Bokman’, koartby noch nominearre foar de C. Buddingh’ Priis, de jierlikse priis foar it bêste Nederlândstalige poëzydebút.

Sa begjint it lange, fjouwer siden tellende gedicht ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ yn debútbondel Bokman fan Dean Bowen, poëzy fan in subversive geast mei in alles oerdonderjende lyryk. Wat in ûntdekking. Wat in iepenbiering. Poëzy dy’t dy fan Ginsberg belykje kin.

Der sit ‘rage, rage’ yn it Howl-achtige gedicht, in tekst mei in grutte polityk lading as it om de ferhâlding tusken ferskillende generaasjes en befolkingsgroepen giet, yn it bysûnder tusken de kleure en net-kleure mienskip. Allyksa wurde ûnderwerpen as rassisme, kolonialisme en religy oer it fuotljocht brocht.

Skerp en hurd is Bowen as er de lamsleine hâlding fan de ‘onhebbelijke kijkbuisadepten’ op it harspit nimt, part fan in generaasje dy’t oars gjin each hat as foar harsels. Oait wiene se ‘nieuwetijdskinderen’, mar se hawwe harren sensiviteit ferlern. Oer de oarsaak derfan seit de dichter rjochtút foar de bargesnút: ‘geen liefde’.

kleur, spiis en minaretten

Yn ‘ik zag het vale donker en de razernij…’ wurde alderhande tsjinstellingen bespile. Tsjinoer de generaasje X bygelyks wurde minder bedielde groepen set, dejingen dy’t besteane yn it swart fan asfalt, beton, stien en skaad. Se binne it ljocht brek.

Dichter en performer Dean Bowen (1984) publisearre ûnder mear op Sample Kanon en Hard // Hoofd, yn nY en Keunsttijdschrift Vlaanderen. Yn 2015 krige er yn de kategory poëzy de Van Dale Spoken Award. De bondel Bokman is syn debút. Part II hat dêryn as titel syn eigen namme, skreaun as .Dean Bowen. Under it motto ‘Onze namen smeulen van jou na.’ rint de dichter, dy’t fan Surinaamke komôf is yn in rige fan fiif fersen de skiednis fan himsels en Suriname nei: de ynheemske yndianen, de Marrons, de koloniale machthawwers en de slavernij.

Net allinne yn dit gedicht, ek yn de rest fan Bokman spylje etnyske, kulturele en religieuze ûnderwerpen net swak by. De feroaringen op dy trije de terreinen binne ûnder mear in gefolch fan demografyske ûntwikkelingen. It blanke, boargerlike part fan de befolking beart dat dy feroaringen der net binne, wolle de diversiteit net sjen.

Fol sarkasme hellet de dichter út nei de boargerlike folksfaders, foar wa’t inkeld it leanpûdsje en de oarloch telle, wylst der dreamd wurdt fan de glorieuze dagen fan in ienris machtich VOC, doe’t de ‘nederlandse wegen niets kenden van kleur of spijs en minaretten’.

kolonialisme

De werklikheid wiist lykwols al langer oars. It bewustwêzen derfan, dat makket en driuwt foar in grut part ek it politike karakter fan Bokman.

Dochs snijt de lyryk bepaald net ûnder. Sterker, Bowen syn poëzy is hyperpersoanlik, al wie it mar fanwegen dy iene rigel yn it út fiif parten besteande gedicht mei de titel ‘.dean bowen’: ‘ik ben geboren, Dean Andrew Jake Bowen, uit gelaagde opmaak geboren’ (s.25).

De dichter syn komôf, ‘de gelaagde opmaak’, hat alles te krijen mei de koloniale skiednis fan Suriname, de slavernij, it omslepen mei minsken fan lân nei lân, fan Afrika nei oare kant de oseaan, oftewol de diaspora.

Allessizzend is fan datoangeande de Bokman-rigel ‘ik ben van de gronden van Rotterdam en Paramaribo en Linden en Kaapstad / elke thuis is een schoot die een nieuwe mij baart’, dêr’t mei in knappe taalgrap yn ferwiisd wurdt nei Herman Gorter syn gedicht Mei.

Beknypt tusken ferskillende talen en kultueren siket en ûndersiket de dichter syn plak, syn taal, syn identiteit. Oan dy werklikheid jout er utering, fitaal, dreaun en bytiden ûnmeilydsume hurd as bygelyks de wolfeart fan it Westen spegele wurdt oan dy fan it Afrikaanske kontinint:

‘Muzak is een vervaagde kanttekening in oud urban graffiti straatmarkeringen
De rancuneuze redenen van oud volk houden stand want waar is blues of jazz
Waarachtig is het late uur en het klikken fan stappen met dronken gezang
En taxi’s zwaar onder het gewicht van de welvaartsbuik en spiegel deze dan in
…………………………………………………………………………………………………………………….Afrika’

Ymplisyt oan dizze poëzy is de dichter syn ôfkear fan it rasisme fan partijen as PVV en Forum voor Democratie, partijen dy’t mei in soad hakken yn it sân de blanke top fan de dunen oerein besykje te hâlden, partijen dy’t dejingen dy’t net fan harren soarte binne redusearje “tot sigarattenrook en bierbuikobsceniteiten”.

fiif desimber

Net allinne nei it spellen fan Bokman, ek nei it lêzen, dit foarjier, fan De Geschiedenis van Suriname fan skriuwer-sjoernalist en Surinamist Hans Buddingh is der de wittenskip dat de koloniale skiednis fan Suriname in einleas ûnderbeljochte part yn ús kultuer is, lit stean dat dy skiednis yn it ûnderwiis oait goed syn gerak krigen hat.

Bowen is fol sarkasme as er yn ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ de perikelen fan de fiifde desimber op it aljemint bringt, in datum dy’t by him yn it perspektyf stiet fan sawol koloniale tiid, as de eangst foar ‘de donker huid’ fan de Oare.

(…)
tanden scheuren het vlees van minderjarig bot
een nieuw ritueel van een eigentijds bohemien te jong seniel of
onzuiver van herinnering
korsakov en andere spirituele voldoening

grootvaders uurwerk tikt en wij schrijven de hyperbolische kronieken van het
mechaniek van het monster terwijl wij
met plastic aureool ons eigen evangelie prediken op naamloze fora

mijn donkere huid maakt mij boeman
is ……………………..niet…………….. boeman………………………. maar
angst en vijfdecemberperikelen

.
Dat soarte rigels tekenje, ymplisyt, de ôfkear fan it rasisme fan partijen as de PVV en Forum voor Democratie, partijen dy’t mei in soad hakken yn it sân de blanke top fan de dunen oerein besykje te hâlden. Dejingen dy’t net fan harren soarte binne, ‘wenen (…) gereduceerd tot sigarattenrook en bierbuikobsceniteiten’.

spoken word

Wat yn Bokman telt, is foaral it ritme. Net om ’e nocht krige de dichter in pear jier ferlyn de Van Dale Spoken Award foar syn poëzyfoardrachten, syn wurk stiet fan datoangeande yn in orale tradysje.

Saken as rym of einrym, ynterpunksje en haadletters komt men yn dizze poëzy net tsjin. Rigels wurde faak net ôfmakke, sinnen wurde bewust ûngrammatikaal holden, ferskillende talen rinne troch inoar of tûmelje oer inoar hinne.

Troch dy styl en foarm dy’t winliken gjin foarm wêze wol, krije rigels bytiden in laach mear, se kinne op ferskillende manieren ta begryp brocht wurde. De fersen bringe de poëzy fan de Vijftigers yn it sin. Yn it omtrint programmatyske ‘ik zag het vale donker en razernij de stad verzwelgen…’ wurde de dichters fan dy tiid ek eksplisyt neamd:

‘Campert Kouwenaar Vinkenoog Lucebert & Hugo Claus
…………….en meer
………………………zoveel meer (!!!)

De skiednis en de A7

Net allinne nei it spellen fan Bokman, ek nei it lêzen, dit foarjier, fan De Geschiedenis van Suriname fan skriuwer-sjoernalist en Surinamist Hans Buddingh is der noch werris de wittenskip dat de koloniale skiednis fan Suriname winliken in einleas ûnderbeljochte part yn ús kultuer is, lit stean dat dy skiednis yn it ûnderwiis oait goed syn gerak krigen hat.

It lêzen fan Buddingh syn standertwurk oer Suriname soe, tegearre mei Michiel van Kempen syn Geschiedenis van de Surinaamske literatuur ferplichte kost wurde moatte foar de groep  rjochts-nasjonalistyske demonstranten dy’t nije wike, fyftjin juny, ferskine moat foar de mearfâldige keamer fan de rjochtbank yn Ljouwert, in groep dy’t ferline jier novimber by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum de A7 blokkearre yn in besykjen de oar it rjocht te ûntnimmen om te demonstrearjen.
.

© Eeltsje Hettinga

Bokman,.Dean Bokman
Gedichten
Uitgeverij Jurgen Maas, 2018
.