Boris Ryzji – Reek út Moskou – Rook uit Moskou

17hqdefault

 

Reek út Moskou

Se hawwe it dreech dêr, op ‘e Frânske kant:
wy frette de hynders op of wy gean dea.
… Do kaamst en seachst: hiel Moskou brânt,
mei dyn triomf dy’t yn dat fjoer ferfleant.
Letter silsto, iensum, âld en ôfdien,
dyn beklach dwaan tsjin de blauwe see:
‘Yn ’e jiske lein… Wat in fik dat wie!
Mar om wat, dêrfan hien’ wy gjin idee.
Doarsten wy soks ek? Parys ta see fan fjoer –
al ús tuorren, parken en wenwiken?
Jou dan andert, see, wêrom joust gjin lûd?
Ik rin wol lyk, mar kin ’t net begripe…’

Oant optheden brekt de Europeaan
dy’t de reek út Moskou wer rûke moat
him de kop…
…………………….Wat ús noedet en ynbaarnt
wat soe dat folk dêrfan witte doch?

.
Ut: Boris Ryzji, Afscheid in Rusland, ‘Rook uit Moskou.’
Nederlandse vert. Anne Stoffel
Hoogland & Van Klaveren, 2013, p 21.

 

Rook uit Moskou

Het is tobben daar, aan de Franse kant:
we gaan dood of we eten de paarden op.
…Je kwam en je zag – heel Moskou brandt,
en je zege gaat in die vlammen op.
Je zult later, eenzaam, der dagen zat,
je beklag doen tegen de blauwe zee:
‘In de as gelegd… Wat een brand was dat!
Maar waarom, daarvan hadden we geen idee.
Zouden wij dat durven, Parijs in de fik –
onze torens, parken, ons woongebied?
Geef dan antwoord, zee, waarom zeg je niks?
Mijn verstand is goed, maar ik snap het niet…’

Top op heden breekt de Europeaan
die de rook uit Moskou weer ruiken moet
zich het hoofd…
…………………………Hoe kunnen die lui verstaan
wat ons bezighoudt, wat ons branden doet?

 

……………………………….Boris Ryzji, 1996

.

Boris Ryzji, Afscheid in Rusland, Hoogland & Van Klaveren, 2013, s. 21.
.
 .

.