Brexit – de frucht fan in gefaarlike fantasy
(21-01) De Britske parlemintariër David Lammy hold lêstlyn, tsien jannewaris, in taspraak dêr’t er de foarstanners fan Brexit ûnmeilydsum hurd it leksum yn lies. Wat in speech! Sels syn eigen Labourpartij krige in útrammeling dy’t sta sei. Brexit is neffens Lammy oars net as ‘a dangerous fantasy, a con, a trick, a swindle’.
Op twitter skreau er nei oanlieding fan it grutte Brexit-debat fan ferline wike tiisdei: ‘Blame us. Blame Westminster. Do not blame Brussels for our own country’s mistakes and do not be angry at us for telling you the truth. Be angry at the chancers who sold you a lie.’
Yn syn spikerhurde krityk, stelt er, net mijen, dat it populistyske ‘far right’ -tinken fan minsken as Nigel Ferage fan Ukip (UK Independence Party) foar in fergiftigjend polityk klimaat soarge hat, bygelyks as it om it migraasjebelied giet.
Tal fan ymmigranten dy’t yn de jierren fyftich en sechstich nei Ingelân kamen – let wol, dat is fyftich jier lyn – sitte no, troch al it Brexit-gedoch djip yn ‘e pypsek, net wittend oft se al of net bliuwe kinne.
‘After Brexit immigration will go up, not down’, warskôget Lammy, ‘When we enter negotiations with countries like India and China, they will ask for three things. Visas. Visas. And more visas. And they will get them because we will be weak.’
‘Brexit-stoornis’
Yn de LC fan hjoed (21-01) lit de yn Londen wenjende heechlearaar psychoterapy Emmy van Deurzen witte dat ‘veel expats aan brexit-stoornis lijden.’ Se wrakselje mei de ûnwissichheden dy’t Brexit mei har meibrocht hawwe. Navenant binne de psychyske gefolgen.
De heechlearaar hellet foarbylden oan fan bedriging, yntimidaasje en oare eksessen. ‘Een academicus kreeg een brief van zijn universiteit, waarin stond dat zijn contract niet zou worden verlengd. Het was onzeker of hij na de brexit wel kon blijven. Een jong echtpaar kon geen hypotheek krijgen. Zelfs huren ging heel moeilijk. Onwettelijk, maar wel de praktijk.’
Van Deurzen fergeliket de situaasje mei dy yn en om Twadde Wrâldoarloch hinne: ‘Ik begrijp nu pas wat mijn ouders me vertelden. In die tijd durfde je met niemand te spreken, want je wist niet aan welke kant ze stonden. Het lijkt op de jaren dertig in Duitsland. Betalen voor certificaten die anderen niet nodig hebben. Dat maakt je tot tweederangs burger.’
‘kinderpardon’
Ek te uzes is de migraasjepolityk mear as problematysk, mei in belied dat bytiden planút ynhumaan is, bygelyks as it om it ‘kinderpardon’ giet. De Armeenske tieners Lili en Howick koene pas nei tsien jier fan wachtsjen en prosedearjen, (lês: treiterjen) definityf yn Nederlân bliuwe.
De asylprosedueres binne rücksichtlos. In freon fan my krige koartby in skriuwen fan de IND mei it boadskip dat de ferbliuwsfergunning fan syn frou – se is Japansk – net ferlinge wurde soe, nettsjinsteande it feit dat se al tolve jier yn Nederlân wennet, tegearre in dochterke hawwe, wylst sij as muzikante, ûnder mear ferbûn oan ien fan de meast prestizjeuze balletselskippen yn Europa, ek nochris twa arbeidskontrakten op ’e bûs hat. En noch is it net genôch.
in gefaarlike fantasy
Hjoed krijt it Britske parlemint in alternatyf foarlein foar de eardere, mei Brussel makke ‘deal’ oer it opstappen fan it Feriene Keninkryk út de EU, ein maart, in oerienkomst dy’t ferline wike massaal fuortstimd waard.
It sizzen fan David Lammy dat Brexit oars net is ‘a dangerous fantasy which will make every problem it claims to solve worse,’ soe noch wolris lang neiresonearje kinne. Oer Westminster Bridge geane de skimen en skaden fan wa’t jage wurdt.
Lês yn dit stik fan saken ek it Brexit-gedicht ‘Westminster Bridge’ dat ik ferline wike op papier sette, en dat o.m. te lêzen is op de site fan Dichter fan Fryslân.
© Eeltsje Hettinga
De yndrukwekkende taspraak fan David Lammy is hjir [klik] nei te lêzen.