Daniel Blake en de gong nei Kanossa

i__daniel_blake_-_still_5

De film “I, Daniel Blake” is in bikkelhurde oanklacht tsjin in praktysk kafkaësk wurkjende fersoargingssteat. As hertpasjint hat de wurkleaze timmerman Daniel Blake te folle om te stjerren, te min om te libjen. Wat er ek besiket om in sykte-útkearing te krijen – it is de earste kear yn syn libben dat er in útkearing oanfreget – it ûnpersoanlike en burokratyske systeem lit him kear oan kear de gong nei Kanossa meitsje.

De Britsk-Frânske film fan regisseur Ken Loach (80) toant it libben fan in man dy’t fjirtich jier oanien wurke hat oant it net mear ferantwurde is fanwegen syn hertkwaal. It bestean fan Daniel Blake, widner sûnder bern, stiet foar it ferhaal fan in massa dy’t oan ’e ûnderste triem fan de maatskiplike ljedder fergetten, skoudere en leechlein wurdt.

Wat Loach foaral dúdlik makket, is dat de Steat gjin konsideraasje ken, ek al komt men bytiden hast yn earmoede om. Mei alle tsjuster en dizenich stelde rigels en foarskriften oangeande útkearingen giet in systeem mank dat him sjen lit as in út soarte wreed, bytiden hast ûnminsklik meunster.

‘De beoordeelaar.

De yn Cannes mei in Gouden Palm bekroande dramafilm fan Ken Loach is net sûnder humor, swarte humor wol te ferstean. Absurde foarmen fan kastke-nei-de muorre-wurk sile foarby. Hilarysk binne de sênes wêryn’t Blake, digibeet as er is, op it útkearingsburo te ferstean jûn wurdt dat er syn saakjes digitaal ynfolje moat.

In pear buorjonges helpe him út ’e brân. Yn de ûnderstelling dat alles yn kalk en semint is, komt der dochs noch wer in burokratyske stôk yn it tsjil. De amtners hawwe útfûn dat syn curriculum vitae net doocht. Dat, Blake wurdt op cv-kursus stjoerd. Befehl. En oars gjin útkearing.

De kursuslieder lit him witte dat er safolle mooglik digitaal sollisitearje moat, it leafst mei in fideo fan himsels derby. Graach even digitaal ynstjoere, mister Blake. Blake sjocht stjerkes…

Dy sjocht er ek as er by de útkearingsynstânsje opheldering wol oer syn oanfraach. De tsjinst set him telefoanysk yn ‘e wacht. Oeren oanien wurdt er ‘ferdivedearre’ mei muzak. It iennige wat er lang om let te hearren kriget, is it blikkene lûd fan immen dy’t him te ferstean jout dat de ‘beoordeelaar’ him werombelje sil. Ha, de ‘beoordeelaar!’

By alle tamtaasjes besiket Blake om him net lytsman meitsje te litten, net ûnder te gean yn wanhope, swartgalligens en pessimisme. De lakonikens en de humor hâlde it drama, it sosjale drama fan Daniel Blake, ta in hichte licht.

daniel-blake5-katie
Katie (Hayley Squires) en Daniel Blake (Dave Johns)

Earmoed

En der binne mear dy’t de gong nei Kanossa meitsje. Katie bygelyks, in jonge, allinnich steande mem mei twa bern.

Omdat se de hege hierprizen yn Londen net betelje kin, is se twongen om nei it relatyf goedkeapere noardeasten fan Ingelân te ferhúzjen.

Wurk hat se net, mei har twa bern is se ôfhinklik fan de foedselbank. Se hat it dreech en swier en dat is har oan te sjen ek. Soms krijt se help fan Blake dy’t út solidariteit mei har earmtlik lot de nedige putsjes docht yn har heal fertutearze flat, bytiden op ’e bern past en soms mei harren it miel dielt.

Earmoede fernederet, earmoede deadet. De gasrekken kin net betelle. De bern sitte yn ‘e kjeld, rinne op stikkene skuon om, hawwe gjin boartersguod of kompjûters en wurde om dy reden op skoalle leechlein en narre.

As se bûten har skuld te let op in ôfspraak komt, wurdt se op har útkearing koarte. Finansjeel oan reapsein bejout se har, skurf en fol skamte, yn de tsjustere wrâld fan de escort-service.

Wilens heukeret Blake yn in leech hûs om. It meubilêr hat er ferpatst om syn moanlikse lêsten nei te kommen. It bestean as wurkleaze bewiist him wat langer wat mear as in spul fan wachtsjen en omhingjen, noedzjen en soargjen.

As de ûnrjochtfeardigens fan it systeem net mear te daaien is, kalket Blake op de bline betonmuorren fan de útkearingsynstânsje syn protest del, in wanhopich, yn koweletters steld protest: ‘I, Daniel Blake demand my appeal date before I starve and change the shit music on your phones’.

Sinleas

By syn aksje krijt er it nedige applaus fan ploechje lotgenoaten. De útkearingsynstânsje skeakelet de plysje yn. Omdat er gjin strafblêd hat, kin er nei hûs. Blake hat it idee dat it bestean langer gjin doel mear hat, hy ferliest geandewei syn selsrespekt.

Eefkes liket it derop dat in buro foar rjochtshelp him helpe kin om dochs noch in sykte-útkearing te bemachtigjen.

Katie, geweldich spile troch Hayley Squires, giet mei him mei, mar troch alle spanningen bejout him op it moment suprême it hert. Blake brekt. As er him by de kraan even opfrisse wol, bliuwt er letterlik foar dea lizzen.

De Steat hat him letterlik stjerre litten. I Daniel Blake, oftewol Dickens yn modern times.
.

daniel-blake-4
Slieker Film, Ljouwert,”I Daniel Blake”, oant en mei 7 desimber.