De beweging fan it ljocht yn galery melklokaal

Op it earste each is der hast gjin grutter tsjinstelling te betinken as dy tusken de ljochte, kleurige en fierhinne figurative doeken fan skilder Jan Snijder en de geometrysk abstrakte ynstallaasjes fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot yn de op dit stuit rinnende duo-eksposysje ‘Saturnalia’ yn galery melklokaal op it Hearrenfean. Wat harren lykwols bynt, is it ljocht of better: de wurking en beweging fan it ljocht. Beide keunstners litte, elk op eigen manier, ferrassend nije ûntwikkelingen sjen.

Koos van der Sloot Virtual Eggs 17-13

.
Jan Snijder is oare wegen yngien, hy hat it ûnderwerp fan it iepen lânskip, ynbegrepen de romten fan De Deelen en de Waadeilannen, de rêch takeard en is, al strunend, de bosken yn kuiere, ûnderwilens it ljocht fan de neisimmer skôgjend en hifkjend. It is dat ljocht dat heind is yn in searje machtich libbene en kleurige ‘boskdoeken’, dy’t de titel Septemberlicht meikrigen hat.

Fan syn eardere lânskipswurk sei de keunstner by de solotentoanstelling dy’t er yn 2015 yn melklokaal hie: ‘Ik bin net ynteressearre yn in ôfbylding fan in lânskip. My giet it om it ferbyldzjen fan in ûnderfining of beleving. In lânskip is mear in oanlieding om in inerlike weareld op te roppen. Ferve as motor fan de ferbylding, al sykjend nei dat wat him net beneame lit.’

fitaliteit

Yn dat betidere wurk gie it Snijder benammen om de inerlike sensaasje by it sjen en hearren fan dat wat er yn in lânskip ûnderfynt. Fegen en foarmen, flakken en linen wiene beskiedend foar syn faak fan boppe-ôf sjoene romten. It is it each fan de skilder as hauk.

Yn de duo-eksposysje ‘Saturnalia’ sjocht de keunstner net langer út in fûgelperspektyf wei it hiele hear oer, mar sjocht er diskear mear tsjin de dingen – de beammen – oan. Hy sit der middenyn, is opnommen yn de romte sels. Der is fan datoangeande sprake fan in radikale feroaring fan plak en posysje.

Midden yn it hert fan de bosk nimt de skilder de kleuren en it ljocht waar, it ljocht dat trillet en boartet, al spattend en streamend, om mar net te sizzen, it ljocht dat sjongt. Troch it ritme fan de flakken en flekken, de linen en streken hawwe de yn tempera delsette Septimberljocht-doeken harren eigen muzikaliteit.

Jan Snijder giet mei de tweintich doeken, sa’t dy no yn melklokaal te sjen binne singelier nije wegen. De fitaliteit spat der ôf. De inerlike sensaasje is bleaun. Alles floeit en beweecht, ljocht, libben en lûd en dat docht it bygelyks op syn alderbêst yn it grutte, op de earste ferdjipping útstalde skilderij ‘Septimberlicht 2017’, in like ljocht as kleurich doek fan 160 by 110 sintimeter.

Koos van der Sloot, Virtual Eggs 17-5

Sa’t Snijder oare wegen ynslein is, sa lit ek byldzjend keunstner Koos van der Sloot tal fan nije ûntwikkelingen yn syn geometrysk abstrakte ynstallaasjes sjen. Der is faak sein dat syn romtlike konstruksjes besibbe binne oan dy fan de Nul-beweging en Zero.

Dat is lykwols tefolle sein, want by alle abstraksje fan it aai dat yn kombinaasje mei de tiid en it ljocht sûnt jier en dei Van der Sloot syn tema is – it aai is doe, is no, is aanst – is der yn syn wurk noch altiten in ferwizing nei de werklikheid sels.

Dan giet yn it foarste plak om de aairekjes, sa’t dy yn eardere tiden ûnder yn de kelder of yn de itenskast harren plak hiene. Knipte immen de lampe op, dan foel it ljocht troch de gatten yn de lege rekjes, op sa’n manier dat men de foarm fan de aaien tsjin de kelders- of kastmuorre sjen koe.

It binne dyselde aairekjes dy’t it ûnderlizzende idee útmeitsje by de tweintich nije en net earder fertoande romtlike konstruksjes dy’t de oait as stedeboukundige wurkjende Van der Sloot no sjen lit. De útseage aaifoarmen by dizze saneamde Virtual Eggs (VE) wurkje as in trochjoulûk fan it ljocht. It is as sjocht men in gat yn it skaad.

de beweging fan it ljocht

Ofhinklik fan it plak fan de ynstallaasjes – yn dit gefal foar yn de entreehal fan melklokaal – en de oere fan de dei is it ljocht yn de ovale foarmen algeduerigen yn beweging. It ferskil mei de keunstner syn eardere wurk is dat alles noch kealer makke is. Yn de kearn draait it by him inkeld noch mar om it ljocht en de wurking fan it ljocht.

Dy fernijing is yn ferskillende etappen gien. De omkadering, dus de rânen fan it ramt om it wurk hinne, is yn ‘e rin fan de tiid alhiel weihelle. De wurken sels hawwe in achterwand krigen wat by de ynstallaasjes foar 2014 net it gefal wie. By in part fan de Virtual Eggs-searje hawwe de fjouwerkante konstruksjes in rútfoarm krigen, mei fjouwer yninoar passende trijehoeken.

Ek it soarte materiaal dat Van der Sloot brûkte – trochstrings tripleks – kaam, al sykjend en eksperimintearjend, te feroarjen. Guon ynstallaasjes, bygelyks VE-13 en VE-16, binne respektyflik fan licht ljochtgrien pleksyglês en blank aluminium. De glâns fan dy materialen ûnderstipet op ymposante wize de beweging fan it ljocht yn de útseage aaifoarmen.

‘Saturnalia’

It is net inkeld it tema fan it ljocht dat beide eksposearjende keunstners mei-inoar ferbynt, mar foaral ek de fernijing yn en fan harren wurk. Fan datoangeande is de titel ‘Saturnalia’, ek wol ‘midwinter’ of ‘sinnekear’ neamd, folslein op syn plak. Sterker, de oant Kryst ta rinnende duo-eksposysje yn melklokaal jout de sensaasje fan in yndrukwekkend midwinterfeest, oftewol fan de skepping fan it ljocht yn de tiid dy’t kantelet.

@EH 18/12/17

 

Jan Snijder, Septemberlicht 2017, 160 bij 110 cm.

 

Jan Snijder, Septemberlicht 2017

BewarenBewaren

BewarenBewaren