‘De Campus’ – Dêr’t de klok langeroan oare talen en oare tiden wiist…

(25-10) Nije wike wurdt yn Ljouwert ‘Campus Fryslân’, ûnderdiel fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG), iepene. Ta gelegenheid dêrfan is it gedicht ‘De Campus’ skreaun. De tekst is ek te sjen op de bûtenkant fan de finsters fan it eardere Beursgebou, dêr’t de nije fakulteit yn ûnderbrocht is. David Colmer makke de Ingelske oersetting, Elske Schotanus de Nederlânske.

Volgende week vindt in Leeuwarden de opening plaats van ‘Campus Fryslân’, onderdeel van de Rijksuniversiteit Groningen (RUG ). Ter gelegenheid daarvan het gedicht ‘De Campus’. De tekst is ook te zien op de buitenkant van de vensters van het voormalige Beursgebouw waarin ‘Campus Fryslân’ is ondergebracht. David Colmer tekende voor de Engelse vertaling,Elske Schotanus voor de Nederlandse.

De Campus

Wat ferlern gong, komt soms yn oare
foarmen en oare gesichten werom,
sa’tst hjirre bytiden de skynsels hearst fan

boeren, skippers en oar hantsjebakkend
hannelsfolk, in slaan – klèts – lykas bûten
de kletterjende fontein Mercurius.

Somtiden ek, op simmerdagen as hjoed,
kinst op it dak, dêr’t in hurdstiennen klok
de himel hammeret, Frjentsjer lizzen sjen.

In slach djipper ûnder tiid syn tillende
kimen sjochst it skele each fan de stege
godsfanger hear Maccovius, drinkend

yn de Bogt fan Guné, mei syn sweager
Rembrandt en, pimpeljendewei, in swik
Hongaarske studinten deromhinne.

Somtiden komt yn oare foarmen en
oare gesichten werom wat ferlern gong:
dit lân dat op ’e nij in universiteit wûn,

no, farrende ûnder Grinzer flagge,
de namme yn it Ingelsk tsjin de gevel.
Dêr’t de klok langeroan oare talen en

oare tiden wiist, gûlt fierderop in hûn
yn de gong fan de Fryske Akademy.
Fan stimmen swier hjoed it swurk boppe

it Wilhelminaplein. Yn grand kafee Z
seit it fjouwer talen pratende famke
út Budapest: Jawis, studinte bin ik,

mar suster ek fan âlde faganten, ay,
wûnderlik binne hjir de spoaren fan
de Campus, und fabelhaft die Fabelstadt.

Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân

.

De Campus

Wat verloren ging, komt soms in andere
vormen en gestalten weer terug, zoals je hier
van tijd tot tijd de schimmen hoort van

boeren, schippers en ander handjebakkend
handelsvolk, een slaan – klèts – zoals
buiten de kletterende fontein Mercurius.

Soms ook, op zomerdagen als vandaag,
kun je vanaf het dak, waar een hardstenen klok
de hemel hamert, Franeker zien liggen.

Een laag dieper onder tijd zijn oplichtende
horizon zie je het schele oog van de koppige
godsvanger heer Maccovius, drinkend

in de Bogt fan Guné, met zijn zwager
Rembrandt en, pimpelend en dobbelend,
een zootje Hongaarse studenten om hen heen.

In andere vormen en andere gezichten
komt soms terug wat verloren ging:
dit land dat opnieuw een universiteit heeft,

nu, varend onder de Groninger vlag, met
haar naam in het Engels aan de gevel.
Waar de klok intussen andere talen en

andere tijden wijst, jankt verderop een hond
in de gangen van de Fryske Akademy.
Vol stemmen vandaag het zwerk boven

het Wilhelminaplein. In grand café Z
zegt het vier talen sprekende meisje
uit Boedapest: Zeker, studente ben ik, maar

zuster ook van oude vaganten, ai,
hoe wonderlijk zijn hier de wegen van
de Campus, en fabelhaft die Fabelstadt.
.

Vertaling: Elske Schotanus

THE CAMPUS

What has been lost sometimes returns
in other forms, in other guises, and here
you sometimes hear the ghosts of

farmers, bargees, market hagglers
clapping hands – slap – like the clattering
Mercury Fountain just outside.

Sometimes too on days like this, on summer
days up on the roof, where the bluestone clock
hammers heaven, you can see Franeker.

A level lower under time’s tilting horizon
you see the squinting eye of the stubborn
god-catcher, Johannes Maccovius, boozing

and dicing in the Bogt fen Guné with his
brother-in-law Rembrandt, surrounded
by a raucous throng of Hungarian students.

In other forms and in other faces,
what was lost sometimes returns:
this country has a university again,

now sailing under a Groningen flag
with an English name on its facade.
The clock shows different times and

languages, and up the street a dog goes yowling
through the halls of the Frisian Academy.
The sky over Wilhelmina Square

is full of voices. In Grand Café Z
a girl from Budapest, quadrilingual,
says: Yes, I am a student, but also

a sister to the goliards of old, ah,
how miraculous these Campus paths,
und fabelhaft die Fabelstadt.

Translation: David Colmer