De dichters fan Christiaan Kuitwaard yn Museum Belvédère

Gjinien dy’t justerjûn by de dichtersparade yn Museum Belvédère op it poadium sprong om à la Jules Deelder of Johnny the Selfkicker silger in statement te meitsjen oer de oanslaggen yn Brussel of oer de hjoeddeiske min ofte mear noch iepen maatskippij dy’t stadich yn in plysjesteat feroaret omdat  it terrorisme oars net te bestriden wêze soe. It bleau datoangeande stil yn it museum. Djiptepunt, nee, in regelrjochte ramp, wie de tsjerketsjinst fan it folslein yn harsels kearde dichterskollektyf Tsjinlûd. Dy misslach waard gelokkich goedmakke mei ek in tal knappe foardrachten fan poëzy, skreaun by de dichtersportretten fan Christiaan Kuitwaard.

dichtersjun belvedere

Alles gong netsjes neffens it boekje of, leaver sein, neffens de opset fan it tydskrift de Moanne dat yn gearwurking mei it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar de jûn op priemmen set hie. Tsien dichters diene in foardracht fan de poëzij dy’t skreaun wie by it portret dat Christiaan Kuitwaard fan harren makke. De searje – mei-inoar tweintich portretten fan yn Fryslân wenjende en wurkjende dichters – is op dit stuit net allinne yn it Belvédère te sjen, mar ek yn it lêste, dûbeldik nûmer fan de Moanne, ynbegrepen de byhearrende gedichten.

Thom Mercuur

Op it omslach pronket in raak sketten, troch Niels Westra makke foto fan Thom Mercuur, de koartby ferstoarne keunsthanneler, galeryhâlder en oprjochter fan museum Belvédère. In groep fan in goed tritich minsken út de kring om Mercuur hinne – fan museumdirekteur Han Steenbruggen, arsjitekt Eerde Schippers oant en mei skilders en byldzjende keunstners as Sjoerd de Vries, Jan Snijder, Jochem Hamstra, Tjibbe Hooghiemstra, Robert Zandvliet en Jonas Snijder – hat yn dit nûmer in salút oan de ‘meester’ dien.

Opmerklik is trouwens dat grafysk foarmjouwer Gert Jan Slagter, ien fan Mercuur’s bêste freonen yn de rige ûntbrekt. Mei Eerde Schippers en Mercuur wurke Slagter bygelyks yntinsyf mei oan de foarmjouwing fan it Belvédère-gebou, sterker hy wie gauris Mercuur syn gewisse. Ek rint it yn it each dat keunsthistoarikus en blogger Huub Mous nearne yn it op himsels nijsgjirrige nûmer fan de Moanne te bekennen is.

Thom Mercuur foarplaat de moanneHawar, de meast ferrassende en meast yndrukwekkende foardrachten kamen justerjûn fan Aggie van der Meer, Arjan Hut – hy die op moai lichte toan ek de presintaasje fan de jûn – en Martin Reints. In regelrjochte ramp wie it optreden fan Tsjinlûd, in gearwurkingsferbân fan dichters en muzikanten, mei dêryn de bruorren Jan en Romke Kleefstra, Sytse Jansma, Elmar en Remco Kuiper, Grytsje Schaaf en skilder-muzikant Christiaan Kuitwaard

Tsjinlûd wol mei har poëzy, ferfrissele yn alderlei minimalistyske soundscapes, in fertolking wêze fan de stim fan de stilte yn in lânskip dêr’t it spoek fan de altyd hastigjende tiid yn stilset is. De foarm fan likegoed de muzyk as de foardracht fan de Tsjinlûd-dichters – de band treedt ek geregeldwei op yn tsjinst fan de nije Fryske religy dy’t grutto-grutto hjit – oerhearske op teatrale, want folslein overdone, de ynhâld fan de poëzy sels.

Tsjerketsjinst

Ik hie by de performance fan Tsjinlûd it gefoel as wie ‘k yn in holle holistyske tsjerketsjinst bedarre of op de byienkomst fan ien of oar klef spiritueel antroposofysk Steiner-selskip. Der waard wakker tsjûge fan de stilte en de see en de grûn en it wurd. Slim mystyk allegearre, ynbegrepen it devoat gepluk oan gitaarsnaren en it oppimpen fan stimmen en lûden mei in nustje amplyfiers. Elas, Tsjinlûd is net oan my bestege, of om it mei in wurd fan Jan Mulder te sizzen, het was verschrikkelijk.

Op papier lykwols is de poëzy dy’t bygelyks Grytsje Schaaf by har portret skreau wol te dwaan. De eksperimintele foarm fan har titelleas gedicht slút ta in hichte goed by de ynhâld oan.

‘bin ik wol ……………………..stil genôch?
net ………………………………..te skerp? te rûzich? te sêft?’

Dêrfoaroer is it wurk fan dichter Jan Kleefstra in soarte fan raar jokjend earwjirmgewrot, in traach trochsûzjend koelkastrûzjen, poëzy dy’t net stekt, net triggeret, net ûntheisteret, wurk dêr’t ik teminsten hyt noch kâld fan wurd. ‘De hjerstlea bliedt berêstend / nei traach grutter ferzen / krûpende froastgalen.’

Nee, dan leaver it ymposante gedicht ‘Der is altyd’, dat Arjan Hut oer it fuotljocht brocht: ‘want hy wit / de tiid is suniger / op syn wurk / as op dyn gesicht.’ En as de fenomenen mystyk en stilte dan doch harren gerak krije moatte, dan bejou ik my leaver op de  paden fan oerweldigjende dichters as Hans Faverey of Tomas Tranströmer, sa’t dy ûnder oaren nei foaren helle binne yn it essay ‘De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy’.

De portretten fan Christiaan Kuitwaard binne fanwegen de tapaste minimalistyske oanpak de yntroverte en ferstille kant it neist. Ynbannich, dus. De sterksten yn de searje binne dy fan Aggie van der Meer, Wilco Berga en Jan Kleefstra. Dat hat benammen te krijen mei de kontrastwurking dy’t in pear slaggen grutter is as by oare, faak wat meagere en blekere portretten, wêryn’t de ‘lijnvoering’ spitigernôch faak te stiif en strak is.

‘Geloken’

Alle dichters wie yn ‘t foar frege om mei tichte eagen – ‘met geloken ogen’ – model te sitten. It yntroverte karakter fan de rige slút neffens Kuitwaard oan by de troch him foarûnderstelde stilte dy’t skriuwers en dichters by harren wurk nedich ha. Juster waard my frege: ‘Hoe sit dat, litte dy Fryske dichters it kopke hingje of sa?’ Ik moast laitsje, sei dat ik net wist wat Christiaan Kuitwaard fan de Frysktalige literatuer tinkt. Wol is it sa dat it al mei al net de meast ekspressive, fuortendaliks de siele fan de dichter reitsjende portretten binne.

By de ôfbylding fan mysels woe ik perfoarst elke foarm fan emblemata út ‘e wei gean. Dus, gjin praatsje by in plaatsje. It gedicht ‘De stimmen’ fûn in oanlieding by it wurd ‘mist’, in eksposysje fan it wurk fan de jong ferstoarne Amearikaanske fotograaf Francesca Woodman en in berjocht oer de terjochtstelling – dea troch ophingjen – fan de Iraanske dichter en aktivist foar de minskerjochten Hashem Shabaani.

.

Portret Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga – Potlead en Sineeske tekeninket op Fabrianopapier. Portret troch Christiaan Kuitwaard.

.

DE STIMMEN

‘Real things don’t frighten me,
just the ones in my mind do.’ 1

 

Mist, sis ik, mist, mist by finsters dy’t tichtsette,
in pakhûs ûnder de drip fan beammen dêr’t
in hoar en winterwyt flústerjen yn omgiet:

Hee, do d’r ek, Ik, teminsten asto dat bist?
Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en
ien stikken, in grinsstêd mei parken en flats,

finaal oan flarden sketten. (Aleppo, Aleppo,
reauntet by de dôve himel de nacht dy’t fan
Jheronimus is.) Wa oft wy allegear wol

net binne, in spookteater fan stimmen. Ik,
de bloedholle fan Shaabani, in ta splinters
sleine mûle, it stanleymes dat troch

aorta’s lûkt. – Ik woe, Tiid wie de achterkant
fan geweld: in kolonel, de reade
sirkusnoas op, tachtich rinkelbellen op ’e skuon.

Mist, sis ik, mist en gjin misse dy’t rêdt wat net
yn it lead fan leafde stiet. Hoe’t fannacht
yn my oerein kaam, it winterfamke Woodman

neaken, in steanlampe yn in falfinster dat nekken
brekt, ik, har rôljende holle yn Manhattan’s
sniejachtsjende strjitten. – Immen, Stetson op,

stapt in fotosaak út, nimt my op yn wolken fan
stoom dy’t út it asfalt klimme, knikt, groetet,
smûgjend: Hee, do d’r ek, Ik, teminsten asto…

 

@ Eeltsje Hettinga

.

.

1. It motto is fan Francesca Woodman ( 1958-1981)

 

..