De fermonopolisearring fan it oersetten


oersette3
Mei de nije, fan ’t simmer troch Deputearre Steaten fêststelde Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân slacht in behyplike foarm fan formalisearring fan it oersetten ta. Gefolch fan de slim diskriminearjende provinsjale betingsten is in fermonopolisearring fan it oersettersfak. De kâns en it gefaar op kwaliteitsbedjêr wurde der inkeld mar grutter op.

Stel, ik wol in ferfrysking dwaan fan it wurk fan J.J. Slauerhoff – in oanset leit der – dan sil sa’n projekt net yn oanmerking komme foar provinsjale subsydzje, want foarst, de oersetters binne net oansletten by it ‘Nederlands Genootschap van Vertalers’ en twad, der wurdt net foldien oan it betingst fan de provinsje dat seit dat “de vertaling wordt uitgevoerd door iemand die aantoonbaar beroepsmatig vertaalt.”

Stel, in stichting soe neamde Slauerhoff-ferfryskingen yn it ljocht jaan wolle, dan rint soks op ’e non. In oersetter as Anne Tjerk Popkema tinkt dat folslein korrekt as hy op Facebook mei in even kromme as falske analogy seit: (…) “Utjouwers moatte formeel ek lid wêze fan in beropsgroepfertsjintwurdigjende organisaasje om foar boeksubsydzje yn de beneaming te kommen.”

Stel, J. Q. Smink, Hidde Boersma of Grytsje Schaaf wolle harren dichtwurk sels nei it Nederlânsk oerbringe, dan sille se op grûn fan it formeel (!) tinkende provinsjale amtnersnaasje net op stipe tidigje kinne, want Smink, Schaaf en Boersma binne no ienkear gjin beropsmjittige oersetters.

Stel, in tal talintfolle Skanomuduërs, mei niget oan oersetten, komt mei it idee op ’e lappen en bring yn in gearwurkingsferbân fan twa, trije minsken – in wize om inoar yn it métier skerp te hâlden – wurk fan bgl. Trinus Riemersma, Lida Dykstra of Jaap Krol nei it Nederlânsk oer, dan sille de provinsjale betingsten sa’n inisjatyf, ynbegrepen alle entûsjasme dat mei soks yn ’e regel mank is, knap ûnderstek dwaan, want dogge ‘jimme’ it mar fergees.

Om koart te gean, mei de amtlike oersettersregelingen jout de provinsje in monopoalje wei oan in lyts espeltsje ‘profesjonele’ oersetters dat har dwaande hâldt mei it oersetten fan it Frysk nei it Nederlânsk en oarsom. Dat hantsjefol wurdt à la it romrofte ôftelrymke fan de ‘tien kleine negertjes’ noch wer lytser as it bgl. om it dielterrein fan de poëzy giet. Oftewol: de kâns en it gefaar op kwaliteitsbedjêr wurdt der inkeld mar grutter op.

woordenboekenIen fan de fragen seit: Is de nije provinsjale oersettersregeling dy’t in slim diskriminearjend karakter hat – Abe de Vries rept fan ‘in Berufsverbot’ – yn it foar oerlein mei bgl. de offisjele, troch de provinsje erkende útjouwers, It Skriuwersboun en/of mei guon fan it profesjonele Fryske oersettersgilde? Fierders kin fansels frege wurde oft (it bestjoer fan) ‘It Boun’ de boppe sketste fermonopolisearring fan it oersettersfak foar harsels wol rjocht krije kin.

Eeltsje Hettinga