De lette Rembrandt

De lêste tweintich jierren fan Rembrandt syn libben wiene syn meast yngripende. Hy gyng oer ’e mûtse, ferlear syn leafste, Hendrickje Stoffels, en syn iennige soan Titus. Mar krekt yn dat lêste tiidrek soe er syn bêste wurk meitsje, frijer, libbener en mei mear niget oan eksperimint as oait. In part derfan, mei-inoar hûndert wurken – skilderijen, etsen en printen – binne sûnt ferline wike te sjen yn de mega-útstalling De late Rembrandt yn it Rijksmuseum. Yn de ferskillende sealen koe men sneon hast oer de koppen rinne, dat yn de aginda stiet in nije datum, mar dan op moarntiid, it alderbetiidst foar de lette Rembrandt. Lykas by elke oare útstalling wie der ek sneon de fraach hokker wurk nim ik mei. In ûnmooglike kar. Fan de ûndersteande rige sil ik de kommende dagen elke dei ien weihelje en sjen hokker doek oan de ein fan de wike oer is…

 

Bathsheba
Bathseba (met de brief van koning David)

 

 

lucretia
Lucretia

 

 

de lezende oude vrouw
Oude lezende vrouw

 

 

De Joodse bruid, Rijksmuseum 2
Het Joodse bruidje

 

.

jan-six-press
Jan Six

 

 

Slapende jonge vrouw
Slapende jonge vrouw

 

liggende leeuw
Liggende leeuw