‘De linen’ – foar Elske Schotanus

(27-09) – DE LINEN

foar Elske Schotanus – 

Eagen dûke ûnder hûd en sliepen,
hâlde it skerp fan fjoer,
it blau fan dowen,
helje yn ien haal iepen alle sinnen,
skeppend de romte fan it lichem,
de siele dy’t fan Schiele is.

Hân en skrift hâlde in taal en gesicht
dy’t – ráák – sûnder mis fan
stimmen it teken stâle dat
libben in lânskip oan leafde seit.

Sjoch, de hannen: neat dat is,
alles yn skjintme deformeard.

Der giet in frou, de striehoed op,
mei fûgels dy’t like licht
as ljocht de wûnderaardige linen
fleane fan har lichem fisk.

St.. de taal dy’t wy partsje, is
it wurd dêr’t wy yn oernachtsje.

.

Eeltsje Hettinga

(1) Akwarel fan Elske Schotanus

.