De mispleatste skriuwersoprop fan ‘de Moanne’ – De wrâld op syn kop

(16-10) ‘Wêr bliuwe de prozaïsten’, freget de redaksje fan it algemien opinytydskrift de Moanne yn in koartby publisearre oprop dêr’t Fryske skriuwers om in bydrage frege wurdt oer de bining mei de werklikheid.

De redaksje hellet by dy oprop de nammen nei foaren fan in tal Fryske dichters by wa’t de lêste jierren sprake is fan engazjearre wurk. Opmerklikernôch wurdt yn dat lêste stik fan saken gjin inkelde prozaïst neamd. De skriuwersoprop sels wurdt beflapt ûnder de fraach: Wat wit ik fan de wrâld?

de ferslofte werklikheid 

My tinkt, it soe wolris sa wêze kinne dat in grut tal fan de hjoeddeiske Fryske proazaskriuwers mear fan de werklikheid wit as de redaksje fan de Moanne fan de wrâld fan hjoed, sterker: de oprop, beselskippe troch it ymperative sizzen dat it de heechste tiid is om de bining mei de werklikheid nij libben yn te blazen, wurdt dien troch in tydskrift dat yn wêzen de bining mei de werklikheid fersloffe litten hat, om mar net te sizzen: de redaksjonele oprop sels is suver de wrâldfrjemde kant it neist.

.
Konkreet, resinte romans as Under wetter fan Koos Tiemersma (Fryslân ûnder wetter troch klimaatferoaring), Hierbak fan Sietse de Vries (misdied, stekpenningen en de rol fan de provinsje), tal fan romans en novellen fan Aggie van der Meer, Wurk fan Elske Schotanus, De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides en sa kin ik noch wol even trochgean, binne stik foar stik refleksjes op in aktuele, eigentiidske maatskiplike werklikheid.

De foarm wêrmei’t dy werklikheid syn gerak jûn wurdt, rint fan tradisjoneel oant en mei eksperiminteel. De achttjin fan Aggie van der Meer bygelyks ken in moai moderne, fragmintaryske en kollaazje-achtige manier fan fertellen. De roman sels is fierhinne in kombinaasje fan ‘fact en fiction’, dêr’t fernimstich yn gebrûk makke wurdt fan bygelyks de mearfâldige fertelynstânsje.

Koartsein, de redaksje fan de Moanne fytst yn har taljochting by de Skriuwersoprop op in sleauwe en raar fersloffende manier foarby oan it wurk fan in grut tal Fryske proazaskriuwers dy’t har de jongste jierren hiel dúdlik manifestearre hawwe as it om harren bining – harren engaazjemint – mei de werklikheid giet.

sichtberens

Fierders rint it yn it each dat it sjenre fan it toaniel oersljochte is. De ôfrûne jierren lykwols, en dan benammen yn 2018 is troch Tryater en toanielselskippen lykas Pier 21 it iene en nei it oare maatskiplik engazjearre stik op de planken set. Tink oan Lost in the Greenhouse, Wereldburgers van de Voorstreek, it resinte Raze om protters of It wie op in simmerjûn fan Pier 21.

Men kin ek hinnegean en freegje oft de redaksje fan de Moanne de lêste jierren deryn slagge is om it Fryske proaza werklik goed sichtber te meitsjen? Yn it ferlingde derfan kin steld dat de (haad)redaksjonele kommentaren oer de grutte maatskiplike ûnderwerpen fan dizze tiid mei in lampke socht wurde moatte.

De Skriuwersoprop fan de Moanne, oait fuortkaam út it literêre tydskrift Trotwaer docht namste frjemder oan, omdat de erfenis fan Trotwaer, dat yn syn begjindagen in heech maatskiplik engaazjemint hie sa by de jierren troch dyselde de Moanne foar in net lyts bytsje ferkwânsele is.

ferbrutsen

De Moanne hat as algemien opinytydskrift de bining mei de literêre werklikheid fierhinne ferbrutsen, in bining dy’t de redaksje no – it is de heechste tiid – werstelle wol. Wat ik yn dizzen fan de wrâld wit, is dat de wrâld fan de Moanne de wrâld op syn kop is.

.
Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân
.