De opferve dei

cooder

DE OPFERVE DEI

Moaier as oait liket hjoed
de al omspegeljende see.
Suver âlderwetsk strykt it ljocht
de gevels op sa’t yn it sintsjen
oan de pier in frou har noch
it liif ynsmart dat it glimt fan
de oalje. Dom. Neat hat oktober
om by te setten, oars net as
in opsnolkjen fan roastige
dagen, fan gloarje like falsk as
de fasade fan ‘e pakhuzen
Ruslân en Java. Tiid lit it hert
net fan skyn feroarje dêr’t hoar
it toerlet oer de stêd daveret.

Yn ‘e skjirre fan it skoalplein-
famke dat har de hannen from
boppe de blinkende skat yn
it kûltsje fan har klokrôk hâldt,
ferpikke de jonges op it plein
de knikkertpûde oan har wiid-
sprate majo’s. O, de sinne en
it lok hawwe harsels langer
op in ûneinich tal tegels set.
Stadichoan jouw’ de manlju op
de bank by de haven belies
foar de kâlde wyn út see en
ûnder de kobbe syn gjalp sylt
in krante de brêge oer. Dravend

mar te let, skopt in toeriste
har pumps achter de Flylân oan.
Op hâldt de ûnskuld fan see syn
kopkesjaan. En út dript de dei
har opferve gesicht yn ‘e bui
oer gevel en kaai sa’t somtiids
in traach útrinnende make-up,
weaker as kak, de wytpleist’re
koppen fan de stedsnotabele
wiven ûntheisteret. En dêr’t
wilsterguod nei it westen trekt,
raasbekket yn it skimer oer
it Ingelske Tún it dûbele hert
fan de strúsfûgel, lilker as oait.

(Akten fan Winter) – Eeltsje Hettinga

.