De reis fan in Islamist – Je suis

caroon1

‘As islamisten passazjiersfleantugen tsjin gebouwen te pletter fleane litte of de holle fan in gijzelaar ôfhakke, dan skreauwe se: ‘God is grut!’ As sekulieren soks dogge, wat roppe se dan?’ (Martin Amis, Het tweede vliegtuig).

Mei de Kryst lies ik Het tweede vliegtuig (2008) fan Martin Amis en Wat is er misgegaan? De betrekkingen tussen het Westen en het Midden-Oosten (2002) fan de Amearikaanske arabist Bernard Lewis. Beide boeken hie ik samar willekeurich út de boekekast plukt, doe’t ik yn tûzen hasten de lêste trein nei It Hearrenfean besocht te heljen. Ta myn ferwûndering waard ik gewaar dat Amis him yn syn wurk ferskillende kearen beropt op Lewis syn What went wrong en de dêryn sintraal stelde fraach: Wat is der misgien mei de islam? Hoe koe it dat in oait heech ûntwikkele kultuer, bygelyks dy fan it âlde Perzië, dy’t in protte ynfloeden fan bûtenôf opnaam en in wichtich trochjaanlûk wie foar de westerske kultuer har superioriteit kwytrekke?

Bernard Lewis skôget ûnder mear it ûnderwerp fan de skieding fan tsjerke en steat, in konsept dat yn de islam ôfwiisd wurdt en de ûntkenning yn de islam dat man en frou in lykweardige posysje hawwe. Lewis is bang dat de moslimwrâld de finzene fan syn eigen skiednis bliuwe sil, salang’t de islamityske rezjyms de oanstriid hawwe om de sûndebok fierderop, yn it bûtenlân, by it Westen, te sykjen en salang’t se net ree binne om kritysk de hân yn de boezem fan eigen kultuer te stekken.

Bernard Lewis Wat is er misgegaanYn it ôfslutende haadstik ‘Conclusies’ skriuwt de arabist: ‘Als de volkeren van het Midden-Oosten doorgaan op de huidige weg kan het zelfmoordcommando wel eens een metafoor worden voor de hele regio en dan zal er geen ontsnapping mogelijk zijn uit de neerwaartse spiraal van haat en wrok, woede en zelfmedelijden, armoede en onderdrukking, die vroeg of laat zal uitmonden in een nieuwe buitenlandse overheersing – mogelijk afkomstig van een nieuw Europa dat tot zijn oude gewoonten vervalt, van een herrijzend Rusland of van een nieuwe agressieve supermacht in het Oosten.’ (s. 179-180)

Neffens Lewis steane de islamityske lannen yn it Midden-Easten op in krúspunt. Der is de kar om of fierder it ferline yn te dûken, mei it gefaar fan alderlei politike barbarij of it gesicht nei de takomst te kearen. (…) Als ze hun bitterheid en slachtofferrol kunnen afleggen, hun conflicten kunnen oplossen en hun talenten, energie en mogelijkheden kunnen samenballen tot een gezamenlijk creatieve inspanning, dan kunnen ze ook nu van het Midden-Oosten wederom een belangrijk centrum van beschaving maken, net als in de oudheid en in de Middeleeuwen. Vooralsnog is de keuze aan hen.’ (s. 180)

teology fan it geweld

Foar skriuwer en essayïst Martin Amis, de soan fan de ferneamde Ingelske skriuwer Kingsley Amis, is de kar dy’t makke is dúdlik. Nei oanlieding fan de Iraanske man dy’t syn frou deakneppele omdat se it bestien hie de telefoan op te nimmen, skriuwt er yllústratyf en de synyske kant it neist: ‘Dat dramatyske kultuerferskil sil westerske manlju ferbjusterje. Ik wit dat ik bygelyks myn frou folle earder deaslaan soe as se de telefoan net opnaam hie.’

By wize fan antwurd op nine-eleven skreau Amis foar de New York Times, The Guardian en Times fjirtjin essays, ferhalen en resinsjes dy’t er sammele yn Het tweede vliegtuig. Op ûnmeilydsume wize hifket en skôget er de kultuerferskillen tusken de islamityske en de westerske wrâld. It giet him net inkeld om de kapers fan de fleantugen dy’t yn 2001 moedwillich, út wraak en wrok tsjin westerske kultuer, de Twin Towers ynjage waarden of om de wrede, sadistyske soannen fan de diktator Saddam Hoessein, mar ek om de Amerikaanske en Ingelske wize fan polityk bedriuwen. Amis, in skitterjende stilist, lit ek syn ljocht skine oer de waansin fan de Amerikaanske ynfal yn Irak, oer it idioate, kristlik liberale superioteitstinken fan Georg W. Bush dat in geweldigen kweabloed set hat yn lannen as Irak en Iran, oer de frijheid fan mieningutering en de ûnôfhinklikens fan geast as tsjinwicht fan de religy, oer de demografyske feroarings troch de islam yn Europa en oer it islamisme as teology fan it geweld.

Ek al datearje de essays en stikken fan Martin Amis út it tiidrek 2001-2006, se binne de foarsizzende kant it neist, foar wa’t de oanslaggen op Charlie Hebdo, juster yn Paris, yn acht nimt. ‘It islamisme is in ideology boppe-op in ideology,’ skriuwt Amis, ‘yllúzje op yllúzje. It hat net inkeld in gewelddiedige tendins. Geweld is it iennige dat der is.’

Ien fan de stikken yn Het tweede vliegtuig is ‘De reis fan in Islamist’ (s. 173-177), dat ik hjir yn it Frysk oerset.

het-tweede-vliegtuig-martin-amis-isbn-9789025428471
De reis fan in Islamist (*)

Ik ha it fan hearren en sizzen, mar sizzen haw ik heard dat de iepeningset fan de rekrutearjende islamisten, of de sin dêr’t se dy mei op de lije side komme, komselden fariaasjes ken. Do bist in jonge Britske moslim, yn Londen of Leeds, en do droegest dy it liif mei in handoek nei in tennistafeltoernoai of in paintballfestival yn dyn buerthús as der in oare jonge Britske moslim op dy ôfrint, dy’t yn it aksint fan Leeds of Londen seit: ‘Hast wolris fan it kalifaat heard, jong?’
‘De wat?’
‘It kalifaat. Khilifah.’
It kalifaat waard op 3 maart 1924 troch Kemal Ataturk ôfskaft, soks ta bitter-wêzen fan elke islamist. De islamisten stelle har ta doel om de sultan wer ta haad fan de naasjesteat te meitsjen, in naasjesteat dy’t science-fictionachtige macht besit, en as ik it goed begrepen haw, in jihad fiere sil tsjin de hiele wrâld.
The Islamist fan Ed Husain is in ferhaal oer stadige radikalisearring, oer opteine, oprjocht bline iver, oer krisis en ûntheistering en oer in stadige, pynlike ûntsmetten. Ed Hussain, berne as Brit út Indiaask-Pakistaanske âlden, wie in gehoarsume jonge dy’t tidens syn lette pubertiid ûnder de ynfloed kaam fan in pir, in learmaster yn de mystyk. Fultholy Saheb learde de lytse Ed tajwid, de keunst fan it resitearjen fan de Koran; oare rituelen wiene ûnder mear dhikr (it psalmodiearjen yn it tsjuster fan Arabyske nammen foar God) en mawlid (it opneamen fan wûnders dy’t tidens de berte fan de Profeet plak fûnen.)
Mei syn frommens en syn tsjokke brilleglêzen wie de opgroeiende Husain op ‘e middelbere skoalle in iensume figuer dy’t narre en pleage waard. Wylst syn leeftiidsgenoaten harren oansletten by bindes as Brick Lane Maffia of Bow Massive, gong Husain by de Jonge Moslims, wêrfan’t de leden like ‘cool en min skynden te wêzen as de oare strjitbindes, allinnich sûnder de drugs, de drank en de rokkejagerij.’ De Jonge Moslims wiene trou ferskuldige oan de Jamaat-e-Islami, dy’t yn 1941 oprjochte wie troch in Pakistaanske sjoernalist mei de namme Abul Ala Mawdudi, foarfjochter fan in politisearre islam as ‘in alles omfiemjend liedend begjinsel foar it libben.’ Husains âlden en syn pir soene minder skokt west hawwe as hy by de Canon Steet gien wie.
In ideology stribbet dernei om har oanhingers sterker te meitsjen, dat Husain wie der rillegau fan oertsjûge dat hy der útpykte, mei kop en skouders boppe alle froulju útstiek (‘froulju binne de pest’), boppe alle joaden (‘fanselssprekkend’), alle kafirs (of koofs) en alle ‘heal-om-heal moslims’, lykas syn mem en heit (dy’t al al gau ferskopt wurde soene). Mar it is suver oandwaanlik om te lêzen dat Husains jierren as tiener behoarlik tienerachtich blieken. Wylst oare jonges temûk pornografy nei harren keamers meinamen, ‘bestie myn slûkerswaar út boeken dy’t skreaun wienen troch islamityske ideologen.’ Wilens besocht hy in mear radikale moskee, dêr’t er sûnder hoed op bidde koe sûnder dat syn hier yn de tiis rekket. Islamityske fammen binne mei harren jilbabs en niqabs gâns fertokjender as al dy nudistyske kafirs. Omdat sawol de promiskuïteit as it arranzjearre houlik fersmiten wurdt, wolle islamisten noch wolris fan ruten spylje; it tal skiedingen ûnder harren, sa lit Husain witte, is ûnislamitysk heech. Wat gâns gebrûkliker is – en Husain’s metoade – dat is it permanint blokkearjen fan jins seksuele spanningen troch dy mei religieuze besieling te eliminearjen.
Kwa organisaasje is dat oars net as islamitysk leninisme. De progressyf tinkende radikalen foarmje in foarhoede en stribje nei macht, net út namme fan it boppenasjonale proletariaat, mar fan de oemma, de boppenasjonale mienskip fan leauwigen. De Mawdudi’s, Wahhabi’s en Nabhani’s, dy’t it hawwe moatte fan sellen (hlaqahs), binne yn it debat ekstreem destruktyf en rücksichtlos ôfjage op ôfwikende mienings. Se splitse harsels like maklik op as eartiids de bolsjewiken, mensjewiken en sosjalistyske revolúsjonêren fan 1917. Uteinlik krijt Husain te hearren: ‘De Jonge Moslims binne in steltsje losers.’ Heechste tiid foar him om wat oer it kalifaat te fernimmen. We klimme no op nei in nij esjelon, in geloofsbeweging dy’t krêftich ûnderdrukt wurdt yn alle moslimlannen, mar net hjir, de Hizb út Tahrir.
Ik leau dat de fyzje fan de Hizb foarsichtich sein in tikje stridich bliuwt mei de yntuysje. Sjoch, hjir sjogge wy Husain op syn alderfanatysk oer dat wat hy ‘it khilifah-systeem’ neamt:

Us iennige stribjen wie de fêstiging fan in ûnferwrikber steande islamityske steat, want politike macht soe in antwurd jaan op alle problemen fan in moslimsteat. Us arguminten wiene krêftich en fan it begjinoan net te ferslaan. Us antwurd op it Balkan-konflikt sei: ‘As wy de islamityske steat hawwe, soe de kalyf it islamityske leger stjoere om de Serviërs ôf te slachtsjen…’ Of, krekter sein, ús bûtenlânsk belied soe sizze: triomfearje en bekearje.

De islamityske steat – dy sil der mei gauwens komme, nei alle gedachten troch in steatsgreep, al wit nimmen krekt wêr – is hiel goed besteanber. Mar fraachtekens kinne je sette by de militêre oermacht fan dy steat. Wêrom is it pan-islamityske leger safolle sterker as it pan- islamityske leger dat kear oan kear, mar sûnder súkses, it leger fan Israël besiket te ferslaan? En hoe sit it mei de legers fan, krij beet Europa, Ruslân, Sina en Amearika?
Dat sa’n yntelligint jongminske as Husain sa lang sa’n jin net yn te tinken libben liede koe, bewiist hoe sterk in ideology, in dielde yllúzje wêze kin. Twa foarfallen holpen him út de dream. De iene wie in moard. ‘Dy rottige kristennikkers moatte mar ris omstean leare,’ hjitte in kollega nei in strideraasje yn Tower Hamlets College – de rúzje gyng om it brûken fan in snookertafel; en it oare momint seach Husain de swarte jonge yn in plasse mei bloed lizzen. It twadde foarfal hie te krijen mei in frou, dy’t syn frou wurde soe. ‘Fan de mannichte gesichten dy’t ik alle dagen seach, wie der ien fan it famke dat Faye hiet, en waans gesicht dát die wat myn gesicht eartiids ek in protte dien hie: laitsje. As islamist wie ik it fermogen om te laitsjen kwytrekke.’ Hoewol Husain net al te iepenlik op dy iepenbiering yngiet, kinne wy ús de ynderlike reorganisaasje yntinke; tenei ûntlade de seksuele spanning him net yn in religieuze besieling, mar yn seksuele leafde.
Dat wie yn 1996. Tidens syn ôfkicktiid sleat Husain him opnij oan by it mylde soefisme fan syn âlden en syn pir. Ek die er wat alle Britske moslims te rieden jûn wurdt: hy gong in skoftke nei in islamitysk lân. Net foar in lang wykein op in keamer mei ‘groentjes’ yn Waziristan (wêrfan’t men de yndruk krijt as giet it de hiele moarn oer autobommen, de hiele middei oer gif en soeren en de hiele jûn oer maniakale frouljushaat), mar foar in ferbliuw fan langere doer yn Syrië en Saoedi-Arabië. Husain begûn fan Damaskus te hâlden, nettsjinsteande it seksisme, it rasisme, de homofoby en de ferearing fan twifelachtige figueren as Hitler en Saddam. Mar hy wit him gjin rie mei ‘de ferneatiging, de gaos, perversiteit en hypokrisy’ fan Riyad en Jedda. Allegeduerigen wurdt syn frou hjitfolge mei sisterjen, lispele obseniteiten en ûnearbere foarstellen. En at se it grêf fan de Profeet besykje – flirtend mei shirk (polyteïsme, ôfgoaderij) wat haram (verboden) is – ‘hoege wy ús de holle mar te bûgjen of de Wahhabi-wachter driigje ús foar de kop te slaan.’ Underwilens binne wy wend oan it idee dat seksuele spanning en religieuze woede inoar binnen de geast fan ien yndividu yn lykwicht hâlde; yn Saoedi-Arabië foarmje it duo spanning en woede it wichtichste attribút fan in hiele maatskippij.
Ed Husain hat in oertsjûgjend, ynspirearjend boek skreaun. Mar yn de opbou nei syn befêstigjende konklúzje komt er mei in falske dichotomy oansetten, in dichotomy dy’t sûnt koart alle respekt fertsjinnet. Hy wol ‘frij wêze fan it fanatisme fan sekularisme en religy’; hy wol ‘alle foarmen fan haat bestride, sawol sekuliere as religieuze’. Neffens dy algemiene opfetting steane de fûnemintalisten oan de iene kant en de ateïsten oan de oare, wylst it saneamde midden ynnommen wurdt troch ‘gematigde’ leauwigen en in pear lakonike agnostisy. De ekwivalinten sekulier fanatisme en sekuliere haat binne lykwols optinksels. Ik bin derfan oertsjûge dat de humanistyske pitbulls Richard Dawkins en Christopher Hitchens mar in bytsje mien hawwe mei Ayman al Zawahari en Abu Musab al Zarqawi. It kardinale punt is fansels dat it sekularisme gjin garânsje yn him hat foar aksje. Hjir meie wy bêst in groffe opmerking oer meitsje. As islamisten passazjiersfleantugen tsjin gebouwen te pletter fleane litte of de holle fan in gijzelaar ôfhakke, skreauwe se: ‘God is grut!’ As sekulieren soks dogge, wat roppe se dan?

Maaie 2007, The Times

.

(*) In besprek fan Ed Husain: The islamist: Why I joined Radical Islam in Britain, What I Saw Inside and Why I Left, Penguin Books, 2007.charlie hebdo boligan