De sirkel rûn – Durk van der Ploeg – Stimmen 12

Durk van der Ploeg krige okkerjiers – 2011 – de Gysbert Japicxpriis taskikt foar syn hiele oeuvre, sa’t it sjueryrapport sei. Dat betsjutte ek dat ‘de Gysbert’ him takend wie foar syn poëzy. Yn it rapport sels wie dêr lykwols net of amper omtinken foar. De sjuery, mei dêryn gjin inkeld lid fan bûten Fryslân – yn syn soarte opmerklik, omdat de Fryske skriuwer no ienkear part útmakket fan in twatalich literêr systeem – hie yn har rapport folle mear op mei it útsuteljen fan alderhande banale Bewegerpraatsjes. Yn it betide wurk fan Van der Ploeg galmet gauris it lûd nei fan de Ingelsk-Welske dichter Dylan Thomas, fan waans poëzy benammen yn de jierren sechtich en santich fan de foarige ieu in oerweldigjende rop útgie, ek yn de Nederlânske en Flaamske literatuer.
De dichter debutearre yn 1959 mei de bondel lok op eachlingte, poëzy mei in modern-eksperimintele ynslach, dêr’t oer alle boegen de ynfloed fan de Vijftigers yn werom te finen is. Yn Fryslân hat Jan Wybenga mei syn eksperimintele fersen yn de bondel Amoeben (1954) datoangeande in eye-opener west. Yn lok op eachlingte giet it om frije, net rymjende fersen, sûnder ynterpunksje en haadletters. Dat wie fansels oare kost as de tradisjonele fersen, wêrmei’t Van der Ploeg him yn 1953 yn it tydskrift It Heitelân oan it Fryske lêzerspublyk presintearre hie. Yn no time ûntjoech er him dus ta in modernist.
By de publikaasje fan syn ‘nije’ poëzy keas de dichter net foar it eksperiminteel literêre tydskrift Quatrebras (1954-1967), mar foar De Tsjerne, dat as literêr blêd mear behâldend wie, braver en deegliker ek. Wie de redaksje fan Quatrebras, mei dêryn dichters as Marten Brouwer en Hessel Miedema, him faaks te radikaal? Gyng it mooglik om ferskillen yn temperamint en persoanlikheid, sis: om it âlde, klassike skeel tusken dichter en boarger of hie syn kar foar it tydskrift De Tsjerne miskien te krijen mei net oer te kommen ynhâldlike ferskillen? Ik wit it net, mar ik kin my yntinke dat it tinken fan de yn it grifformearde leauwe opbrochte Van der Ploeg bygelyks op it punt fan de religy net akkordearre mei dat fan de redaksjeleden fan Quatrebras dy’t der, ynspirearre as hja wienen troch it wurk fan Nietzsche, Sartre en Camus, alderhande sterk ateïstysk kleure tinkbylden op neiholden.
‘in wifkjende wurdskepper’
Yn it sinrike, sa altemets ekspresjonistysk bylkjende lok op eachlingte nimme de ûnderwerpen tiid en religy en God en natuer in wichtich plak yn. De bondel set útein mei it gedicht ‘genesis’, in fers dêr’t Van der Ploeg in tal tema’s yn delsette dy’t in konstante yn syn oeuvre wurde soenen, te witten: de skepping (‘it lytse begjinsel fan de oerkreft’, sa’t it fierderop yn de bondel hjit) en de minske dy’t himsels syn eigen skepper is. It ien en oar is gauris keppele oan it winnen fan lân en wurden. Wat dat lêste oangiet, neamt er himsels ‘in wifkjende wurdskepper’ (s.23), ien dy’t in neifolger, ‘in epigoon’ (s. 31), wêze wol fan de manier wêrop’t Adam ienris, yn in fier oanbegjin, de dingen en dieren fan in namme foarseach.
adam stie mimerjend oan ’e rivier
libbene fersen te lêzen yn it wetter
skreau doe de wurden
mei tinne fingerseinen
yn it sân fan ’e rivierbêdding
dêr’t de dieren dronken en
harren eigen namme liezen
Yn dit betide wurk fan Van der Ploeg tilt it op fan alderhande frjemdsoartige wurden lykas ‘hiëroglyfysk’, ‘fossyl, ‘amoebe’, ‘mikrokosmysk’ ‘kubistysk’, ‘yntuysje’ en ‘atoanaal’. Anne Wadman repte yn dat ferbân mei rjocht fan ‘in hinderlik yntellektuele oerspanning (…) dy’t de gedicht-wurding yn de wei steane.’
Durk van der Ploeg syn fassinaasje foar de skepping en it skeppende spilet ek troch yn It libertynsk gehucht (1964), de mytysk-symboalistyske bondel dêr’t ûnder oaren de stim fan Dylan Thomas yn meilûdet. Sawol yn toan as taal binne der frappante oerienkomsten tusken Thomas syn gedicht ‘Fern Hill’ en de fersen ‘liet fan de harder’ en ‘gedicht fan de frijheit’, it iepeningsfers fan It libertynsk gehucht. Oan de ynfloed fan Thomas like yn dy tiid, begjin jierren sechtich, hast net te ûntkommen. Thomas is yn dy sin in ‘gefaarlike’ dichter. Foaral de (jongere) noch sykjende dichter wol him/har noch wolris troch syn styl en stim fertokje, nee oerweldigje litte. Nim bygelyks it begjin fan ‘De bittere geur van zomer’ út de bondel De eeuwige dag (1964) fan Jaques Hamelink (1939) en lis dat neist de earste strofe út ‘Fern Hill’:
.
(…)
By Jaques Hamelink oargelet, galmet en docht it op dizze manier:
Yn it gedicht ‘it liet fan de harder’ fan Durk van der Ploeg giet it al net folle oars, ik sitearje de iepeningsstrofe:
……..Hoe prachtich groeide it stille wetter yn de bêddingen fan de ierde doe’t ik
.
Opfallend oan de taal yn It libertynsk gehucht is it grut tal yn ûnbrûk rekke wurden dat Van der Ploeg yn syn poëzy bewuolle, bygelyks: ervich, wrein, omber, koeter, bras, elger, kwels, beke, aelst, ensfh. Dat argayske idioom droech oan in hichte ta ek by oan it magyske karakter dat Van der Ploeg mei syn poëzy neistribbe. Tagelyk kaam dêrmei ek in eigenskip nei foaren dy’t de skriuwer syn hiele oeuvre troch oanhâlde soe: de oanstriid ta en de niget oan taal(be)warjen.
Healwei de jierren sechtich sette de dichter in streek ûnder it soarte fan poëzy, sa’t dat syn gerak krigen hie yn It libertynsk gehucht. Faaks hat de krityk op de bondel dêr ek mandélich oan west, want dy wie net mijen. Tiny Mulder smiet de dichter foar de fuotten dat er him net werklik joech: ‘Van der Ploeg sit forpakt yn pakpapier en it tou der om.’ Ek it feit dat de titel de lading net duts, noaske domineeske Mulder net: ‘Fan in moai derten libben op in gehucht fyn ik neat werom. (…) Krekt oarsom. De minsken yn dizze fersen wurde mear riden fan duvel en tsjoensters as laet troch it blide evangeelje.’ Geart Jonkman sei de dichter it leksum op mei it sizzen dat ‘it der allegearre to tsjok op leit, fiersto tsjok bytiden.’ Jonkman koe net wurde mei de eksperimintele, fan bylden oerladen bondel, hy frege him ôf wêrom’t de dichter net ‘ienfâldich doart te wêzen.’ In soartgelikens ferwyt kaam fan Marten Sikkema [ps. fan G.A. Gezelle Meerburg]. Yn syn besprek foar de RONO bestimpele er de moderne poëzy, sa’t dy troch Van der Ploeg beöefene waard as ‘holle retorica die zich dienstbaar maakt aan een onechte en onware mythe.’
De bondels dy’t Van der Ploeg nei 1964 yn it ljocht jout, te witten: Hwerom is de himel swart (1967), Deaden skrieme net (1973) en it twatalige Tremor Terrae (1975) binne gâns saakliker en soberder, anekdoatysker en mear bespegeljend ek. Ferfal, dea en minslike iensumens fiere de boppetoan. Wat opfalt, is it grut tal fersen, wêryn’t Van der Ploeg him útsprekt oer it ferskynsel en ít wêzen fan de poëzy:
Yn Tremor Terrae, in bondel dy’t fierhinne in neitins is oan de dichter syn ferstoarne mem, giet de dichter noch in stapke fierder as er yn in relatyf sobere styl en op djip meditative wize de driuw en grûnslach fan syn poëtysk universum út ’e doeken docht:
De lêzer moat sterk yn ’e skuon stean, wol hy/sy meigean kinne yn dizze poëzy, dizze sa altemets taaie, sermoenachtige ferhannelingen. Boppedat docht it relatyf hege gehalte oan gelegenheidswurk yn de ferskillende bondels de poëzy sels gauris ûnderstek, om it oer it geastlike psalmeguod dat ta de finsters út rikket mar net te hawwen. Al mei al poëzy dêr’t net daalks fan sein wurde kin: Dy fertsjinnet de haadpriis. Yn de bondel Troch kadastrale fjilden (2003), dy’t hast tritich jier letter ferskine soe, swaait Van der Ploeg stilistysk in oar paad op. Benammen yn de epysk breed opsette fersen fan it earste skift ‘De Lanmjitter’, dat yn foarm, toan en styl gauris tinken docht oan it wurk fan Walt Whitman, Dylan Thomas en Tsjêbbe Hettinga, is der in beskaat lykwicht tusken de skôgjende en de lyryske ynslach fan Van der Ploeg, oars sein: de sirkel is sa goed as rûn, of oars: yn de ein leit de dichter syn begjin.
Kader
Boaden út it hjirneimels, boalen út ’e delling fan Hinnom.