De stien – Faaie gesichten, hifkjende blikken…

W._Va._coal_mine_1908

De stien

Faaie gesichten, hifkjende blikken, smoarch
om ’e eagen fage swartsel en de peuk fan
Virginia dy’t har skean oan ’e lippe hinget,
(like ûnferskillich as ûnbestimd it hoal fan
har tiid) fêstlein ûnder it doek mei it âlde
fûgeltsje-klik by it hjitten fan hee, sjoch efkes
op nei God: manlju, fersketten as dizze
fergiele foto, it helmljocht fan de moanne
op ’e foarholle, wach, mar yn de macht

fan gewoante ferrifele troch it kriezjende
lorrytsjil fan ‘e dea of wetter dat mei
rotten de liften yn sipere en oars wol
de rocheljende longen, hakjend yn it stof
de stien, bealgjend as mansjesteren boeren
de wrede grûn, de freet fan skachten, oant
it neiteam dat sjongendewei fan it sil oars
de pandoaradoas fan takomst ynkompele

hjir: in stienkoalswarte ieu dertusken as
ik mysels bûtendoar weromspegele sjoch
yn it swart museumglês, in man op it lege
plein fan ’e wrâld, fan God ferlitten,
in hearskip, de ivige sigaret as in pinne
oan ’e lippen, op ‘en paad troch tiid syn
minen, de tonge ta houwiel yn bergen
fan taal, rispjende fan stiennen it swijen.

.Eeltsje Hettinga