De stolp fan Jensma (4) – Frankfurter Buchmesse – Op ‘e syk nei Alpyt
Alpita de Jong, ambassadeur/yntendant foar de Fryske literatuer op de Frankfurter Buchmesse, giet hjoeddedei alle grinzen oer, se is, tige iepen fan geast en oe sa kommunikatyf, oeral sichtber en rûnom bywêzich.
As Frankfurter sutelkroade is de yntendant wakker warber en drok, oeral komt men har namme tsjin, net allinnich op de site fan it Nederlands Letterenfonds, mar ek op dy fan de Frankfurter Buchmesse. [Sjoch de scans op dizze side]
Yn de oanloop nei Frankfurt wurdt op De Jong har Facebook-site hast alle wiken wol in update jûn fan al har grinsferlizzende Fryske boeke-aventoeren.
De Jong, dy’t ûnder oaren in opstel skreau oer it Fryske proaza tusken 2000 en 2010, en dy’t neffens har CV ek noch skriuwer en dichter is – o Heare God, it hậldt net op mei alle jeften – docht yn Letterkundelận alderhande kommisje- en sjuerywurk, putjes dêr’t men by gebrek oan better teminste noch wat literêre eare mei ynlizze kin. Yn it ferlingde fan al dy drege wurken sil de kwartiermasterjende ambassadeur diskear dus, hiel tsjinstber, de Fryske literatuer yn Frankfurt promoate.
Alpita Brolsma wit fan oanpakken. By krityk, bygelyks op de kar fan de troch har gearstalde list foar Frankfurt, de saneamde Ten books from Friesland, dêr’t in groep fan in goed tritich Fryske skriuwers protest tsjin oantekene, seit de yntendant tsjin de Leeuwarder Courant (02/07/13) dat ‘ze niet persoonlijk [wil] reageren. Ze verwijst naar de brief van het Nederlands Letterenfonds aan hen.’
It iennige wat De Jong oer de wurkwize en gearstalling fan de list sizze wol, is ‘dat dizze robúster is as wannear’t in kommisje it docht. Dan krijst – miskien druk ik my wat ûngelokkich út – dochs in wat mear middelmatige kar. Dit lokket reaksjes út en dat is goed foar de diskusje.’
Dy reaksjes hawwe der yndied west, net te min en net te sunich ek. De krityk fan Josse Algra de Haan, dy’t ûnder oaren hawwe woe dat de ‘deaden’ net mei nei Frankfurt kinne, wie lykwols in misslach, syn wurd wie net allinne de morbide kant it neist, mar stie ek stiif fan it ressentimint, wat by De Haan fan dy gefolgen is dat hy (al lang) net mear by steat is en beoardielje in literêr wurk autonoom. It aparte is lykwols dat De Jong de diskusje net oangien is. Har styl fan kommunikaasje is der ien fan dit kaliber: Feardigje in diktaat út, klap de doar ticht en plak dêr it buordsje op: Ik ben er niet.
Alpita de Jong sit, koartsein, yn de ivoaren tuorren fan de ynstituten. Likegoed foar útjouwers, boekhannelers as skriuwers is se al moannen oanien net sichtber – Personensuche im Frankfurt Who’s Who – én net berikber. Soks makket net werklik entûsjast, lit stean dat sa’n hậlding oertsjûget, benammen net as se by de krityk op de troch har keazen Ten Books – by definysje in subjektive kar – in berop op autoriteiten docht troch har baas, direkteur Pieter Steinz fan it Letterenfonds, it wurd dwaan te litten. Dat is bepaald gjin sterk stik of sis mar, in bytsje middelmatich.
Al mei al kin steld dat de ambassadeur har kontakten mei ‘it fjild’ djip, yngeand, leafdefol en ‘very open minded’ binne. Lit ik fan datoangeande noch ien foarbyld neame. As lid fan de sjuery fan ‘de Gysbert’ keas De Jong yn 2003 foar de grutte histoaryske roman Ridder fan Snits fan Willem Tjerkstra. Fan krityk op de kar fan dy sjuery, in krityk dy’t breed droegen waard – guon repten fan in histoarysk fersin – woe De Jong neat witte, ek net doe’t fan ferskillende kanten frege waard om in taljochting op har kar te jaan. ‘Nee, it moat mar ris út wêze mei dy ivige iepenens,’ wie it beskied fan De Jong. (‘Ald blikkene ballen yn Gysbert’s goud ferpakt’, De Moanne, nr. 1, jannewaris 2004.)
Tresoar hat hjoed in iepen middei oer Ten Books from Friesland, mar it oergrutte part fan de Fryske skriuwers hat al witte litten dat se de literatuerbefoarderingsmiddei foarbypartet. De middei wurdt oerlitten oan de beropsfriezen, de reguliere ynstitúsjonele Fryske jodelfamylje, mei Alpita de Jong op ’e foarste rige, dat st…lústerje mar:
.