De trije moaiste keunstboeken fan 2015: H.N. Werkman, Pier Feddema en Machiel Braaksma
1. Hy wie de keunstner fan it paradys: Hendrik Nicolaas Werkman, de Grinzer skilder, printer, typograaf, dichter en avant-gardist, dy’t op tal fan manieren foarm joech oan dat wat er sels it ‘machtig onverklaarbaar iets’ neamde. Nei oanlieding fan syn santichste stjerdei en de grutte oersichtstentoanstelling fan syn wurk, ferline jier yn it Grinzer Museum, ferskynde it boek H.N. Werkman. Leven & Werk, sûnder mis it moaiste keunstboek fan 2015. De mânske, twahûndertfyftich siden tellende ‘Werkman-bibel’, skreaun troch alve auteurs dy’t yn tsien haadstikken elk in part fan syn libben en wurk beljochtsje, hâldt in macht oan ferhalen, in fracht oan byldmateriaal en teksten lykas dit Werkman-sizzen: ‘De verborgen wegen zijn het mooist, op de onopengesneden bladen, als het stil gedragene dat niemand weet, dat niemand ziet, dan na den dood.’
.
.
Werkman (1882-1945) kaam fan it ‘Hogeland’, om krekt te wêzen út it doarp Leens. As bern groeide er by wize fan sprekken op mei it fee dat syn heit as fee-arts te bedokterjen hie. Hynders soene letteroan geregeldwei yn syn skilderijen en ‘druksels’ opdûke. De hynderkes sels litte har dêryn sjen as himelske, yn it paradys omstappende happen, trinten, rank en linich as jonge famkes yn it wurden. Alles wat dêrnei noch yn de nei-oarlochske keunst oan hynders foarby drafkjen komt, bygelyks by Gerrit Benner, hellet it net by de teare, moai stilearre en wûnder kleurige wurken fan Werkman, al dogge, earlik sein, de reade en blauwe pearden fan Franz Marc net ûnder foar de ‘stâl’ fan Werkman.
foarby de konvinsje
Mei syn ‘druksels’, skilderijen, akwarellen, grafyk, tekeningen en typografyske printen joech Werkman yn syn tiid, de jierren tweintich fan de foarige ieu, al eksperimintearjend, foarm oan likegoed it abstrakte as it figurative, net neffens de (foarskreaune) rigels, mar inkeld sa’t it neffens himsels moast. ‘De eigenzinnige ontwikkelingen binnen Werkmans oeuvre laten een kunstenaar zien die zich steeds bleef vernieuwen, die zich niet wilde conformeren aan conventies en die altijd een vrije en ondogmatische omgang met de begrippen abstract en figuratief heeft gehanteerd,’ seit it foaropwurd fan Hendrik Werkman: Leven & Werk. Sels sei de keunstner oer syn wurkwize: ‘Het resultaat is naar mijn aard, niet naar een princiep.’
Henk van Os, keunsthistoarikus en âld direkteur fan it Rijksmuseum yn Amsterdam, foeget dêr yn syn ‘preludium’ by it boek oan ta dat it foar de keunstner Werkman fan libbensbelang wie om bûten alle regels en konvinsjes om syn eigen wei te gean. Van Os: ‘Daarom verdient het aanbeveling om over Werkmans kunstenaarschap ook in andere dan kunsthistorische bewoordingen te spreken. Zo was stilte voor hem een voorwaarde voor de kunst.’ It joech him de frijheid om te boartsjen, want ‘in vrijheid om te spelen heeft Werkman zijn eigen paradijs gevonden.’
.
‘Het resultaat is naar mijn aard, niet naar een princiep.’
Binnen de Grinzer keunstkring De Ploeg, dêr’t Werkman pas yn 1919 lid fan waard, naam er altiten wat in posysje oan de râne yn. Dat is it te sizzen, de kontakten dy’t er as printer mei De Ploeg hie, wiene yn it earstoan gewoanwei saaklik. Dat feroare doe’t er frege waard om katalogus te meitsjen by de earste útstalling fan de skilders fan De Ploeg, in tentoanstelling dêr’t er sels ek oan meidie, mar diskear as skilder. Yn de jierren dêrnei joech er ferskillende keunsttydskriften út, ûnder mear Blad voor Kunst dat foar in part foarsjoen wie fan eigen byldwurk en poëtyske teksten.
The Next Call
Grins kende yn it tiidrek tusken de twa wrâldoarloggen, it Ynterbellum, in libben en ynternasjonaal oriïntearre keunstklimaat, ek al lei it lân der ekonomysk sjoen net altiten like florissant by, seker net nei de beurskrach fan 1929. As grafikus en skilder kaam Werkman, de avant gardist pur sang, al dy eleminten yn syn wurk te ferwurkjen. Syn ‘druksels’ en typografyske eksperiminten waarden nei it ‘ferstjerren’ fan Blad voor Kunst foar in grut part ôfprinte yn it fierhinne dadaïstyske ienmanstydskrift The Next Call.
It motto fan dit fierhinne troch himsels folskreaune tydskrift, dat yn 1923 it ljocht seach, sei: ‘Een ril doorklieft het lijf dat vreest de vrijheid van de geest.’ Frijheid en ûnôfhinklikheid wiene foar Werkman essinsjeel foar syn keunstnerskip, mar dat foar elke keunstner needsaaklike begjinsel ek wier te meitsjen, dat foel net ta. Der wie de spjalt, mei oan ’e iene kant de boarger en sakeman, dy’t mei syn printerij jild fertsjinje moast foar frou en bern en oan ’e oare kant de keunstner dy’t foaral yn it begjinoan inkeld mar jûns nei it wurk ‘syn dingen’ dwaan koe. Pas nei it fallyt gean fan de printerij, healwei de jierren tweintich, joech Werkman him folslein oer it keunstnerskip.
Mei it avant-gardistyske tydskrift The Next Call, dat ynternasjonaal ferspraat waard – der gongen eksimplaren nei keunstners as Theo van Doesburg (I.K. Bonset), Kurt Schwitters en de Russyske fotograaf, typograaf en arsjitekt El Lissitzky – heake Werkman oan by alderhande nije artistike bewegingen yn it Europa fan dy tiid. Yn wêzen ferskilde it tydskrift net fan fernijende Europeeske keunstblêden as Merz fan de Dadabeweging of De Stijl fan Theo van Doesburg. Mei troch syn krewearjen sette Werkman yn Grins in mear ynternasjonaal oriïntearre keunstklimaat del, de bline skuordoarren fan de provinsje giene iepen.
Yn it boek oer it libben en wurk fan Werkman wurde ferskillende haadstikken wijd oan de fernijingen en eksperiminten yn it typografyske metier, sa’t Werkman dy ûnder mear sjen liet. De teksten oer syn (boarters)spullen fan letters hawwe spannende en nijsgjirrige titels as ‘Groningen Berlijn Moskou Parijs’, ‘De Nieuwe Typografie komt naar het hooge noorden’ of ‘Streiten is nicht ziellos’ en binne moai ynformatyf en binnr adekwaat ûnderstipe mei sitaten en steefêst fan prachtich yllustraasjemateriaal foarsjoen.
Chassidische Leginden
Letteroan, ein jierren tritich, begjin jierren fjirtich wie de Grinzer skilder-printer yn de besnijing fan alderlei Hebriuwske leginden, ferhalen dy’t er mei in yngewikkelde en tiidrôvjende sjabloontechnyk ferwurke ta kleureprinten, byldwurk dêr’t er nei de oarloch wrâldferneamd om wurde soe. Dizze ‘druksels’ waarden útjûn troch De Blauwe Schuit, in kollektyf fan útjouwers dêr’t Werkman de fêste printer en yllustrator fan wie. De groep joech ek gauris yllustrearre poëzy yn it ljocht, ûnder mear gedichten fan Hendrik Marsman, Georg Trakl en Martinus Nijhoff.
De ta ‘druksels’ ferwurke Joadske ferhalen waarden yn de oarloch útjûn as de Chassidische Leginden troch dyselde klandestyn wurkjende Blauwe Schuit. De Dútske besetter hie it lykwols net stean op de keunst fan de Grinzer drukker-keunstner en de aktiviteiten fan ‘de Schuit’, wêrfan’t de leden har net de mûle holden as it om krityk op it Nazyrezjym gie. It yllegale wurk fan de útjouwerij soe lang om let útrinne op in fataal ein: it fusillearjen fan Hendrik Nicolaas Werkman op 10 april 1945, fuort bûten Bakkefean, krekt in moanne foar de ein fan de oarloch.
It boek oer Werkman is mei in wiidweidige literatuerlist, in mânsk nammeregister en in fracht oan annotaasjes in boek wurden dat ek yn syn foarmjouwing sta seit, sterker: op it mêd fan de nei-oarlochske keunsthistoarje is it ien fan de moaiste, sa net de moaiste útjefte dy’t ferline jier it ljocht seach.
.
.
.
2. As it om ‘best of the best’-listkes oer 2015 giet – it kin noch krekt, sa heal jannewaris – dan stiet Werkman dus boppe-oan, mei dêrnjonken Pier Feddema, in de lijn van het Friese expressionisme, in boek fan Paulo Martina, direkteur fan Museum Dr8888, en skriuwster Elske Schotanus dat it ljocht seach by de oersichtstenstoanstelling fan de Fryske skriuwer en skilder Pier Feddema (1912-1983), ferline simmer yn it Drachtster museum.
‘Koe hy no in artyst wêze?’
Martina skreau in niteljend essay, dêr’t er ûnder mear de ferbannen yn neirint tusken it wurk fan de Grinzer skildersbent De Ploeg en dat fan Pier Feddema. Mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus, Sjoerd Huizinga en Jan van der Bij foarme Feddema nei de oarloch de keunstnersgroep Yn ‘e line. Se fûnen harren ‘faders’ en foargongers by skilders as Johan Dijkstra, Jan Altink en oare skilders fan De Ploeg en by minsken as Gerrit Benner. Mei syn wurk as skilder hat Pier Feddema mei it gesicht bepaald fan de ekspresjonistyske skilderkeunst yn it nei-oarlochske Fryslân. Mar hy wie net inkeld skilder, ek opponearre er him as skriuwer fan Frysktalige romans.
Yn it krapoan hûndert siden tellende biografyske essay ‘Koe hy no in artyst wêze?’ fan Elske Schotanus, dat mei in grutte hoemannichte annotaasjes (noaten en literatuerferwizings) eksakt ferantwurde is, wurdt alderlei nijsgjirrich literêr- en keunsthistoarysk materiaal op it aljemint brocht, bygelyks oer de hâlding fan Fedde Schurer foaroer Feddema en syn frou Tite – se skreau en publisearre ek Fryske fersen – en oer Feddema syn yllustraasjewurk, ûnder mear foar it boek Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân fan syn kollega en freon, de Fryske skriuwer en dichter Inne de Jong.
Yn har linich skreaun essay neamt Schotanus de yn Anjum berne en yn Drachten ferstoarne keunstner in keunstsinnige tûzenpoat: “Pier Feddema wie in alsidich man. Hy bespile de piano en it harmoanium, tekene en skildere, skreau twa romans en in tal gedichten, wie learaar tekenjen en Frysk en boppedat in begenedige sprekker by iepeningen fan útstallings en foar ferienigings. Tegearre mei Tite Dijkstra brocht er fjouwer bern grut. Hikke en tein yn de Dongeradielen wie er yn alles wat er die in djip-leauwich man, al hat er ek de dilemma’s ûnderfûn dy’t it grifformearde leauwe en it keunstner-wêzen mei him meibrocht. ‘Koe hy no in artyst wêze, in man dy’t fêst hâlde oan tsjerklike dogma’s’, liet er ien fan syn romanpersonaazjes, in skilder, tinke. It tema fan it belibjen fan it kristendom yn ’e keunst soe him in libben lang dwaande hâlde.”
It twatalige boek oer Pier Feddema – Martina skreau syn essay yn it Nederlânsk, Elske Schotanus die harres yn it Frysk, dêr’t in Nederlânske gearfetting by foege waard – is rynsk foarsjoen fan ôfbyldingen fan skilderijen, akwarellen en tekeningen, wylst de foarmjouwing fan de útjefte, yn syn soarte in paperback, lykas by it boek oer Werkman mear as besjen lije kin.
.
.
3. Wie Pier Feddema ta in hichte faak skatplichtich oan it ekspresjonistyske skilderwurk fan de keunstners fan De Ploeg, byldzjend keunstner, skriuwer, yllustrator en letterboarter Machiel Braaksma kin yn syn wûnderlik moai keunstnersboek Harrekrammele de kwaliteit fan de dadaïstyske taal en typografy fan H.N. Werkman belykje.
Grutte Boffert
It Harrekrammele-wurk bestiet út maketten en ynstallaasjes fan treinstasjons, spoarwachterswenten, lokomotiven en bypassende objekten, makke fan leppeltsjes, lúsjefers, ûnderdielen fan metalene strykizers en puddingmiksers, dobbelstiennen en oare ‘gewoane’ dingen út it libben fan aldendei. By dy objekten, wêrfan’t de ôfbyldingen byinoar brocht binne yn Harrekrammele, skreau Braaksma Frysktalige ferhaaltsjes, teltsjes en gedichten oer de trein en it spoar. Dêr sit ûnder mear ek it prachtige, moai absurde taalboartersgedicht ‘Wolkom reizgers. Dit is de stoptrein nei Grutte Boffert’ by.
Foar it folslein mei de hân makke keunstnersboek Harrekrammele hie Machiel Braaksma fansels de Vredeman de Vriespriis, de twajierlikse foarmjouwingspriis fan de provinsje Fryslân, ha moatten. Lykwols, de VdV-sjuery, dy’t lykas elke oare sjuery tsjustere en net te trochgrûnjen wegen giet, seach oan Braaksma foarby, in misser fan jewelste, al wie it mar fanwegen de blinens foar it like yngenieuze as autentike karakter fan syn wurk, dat net allinne ynternasjonale alluere hat, mar yn syn soarte ek oanslút by in avant-garde tradysje sa’t dy oait delset is troch keunstners as H.N. Werkman.
It gedicht ‘De grutte boffert’, oant begjin febrewaris [ferlinge oant begjin maart, 28-01. e.h.)noch te sjen by de útstalling fan de Harrekrammele-wurken yn it Fries Museum, is in merakel fan taalboarterij. Yn it Harrekrammele-boek sels binne de rigels koarter as by de tekst op de muorre fan it museum, wylst de tiid, sa’t dy boppe it gedicht oanjûn stiet, net mear út in plakletter bestiet, mar út in saneamde dot-letter, sis mar stipkes dy’t letters foarmje lykas koades op doazen.
Machiel Braaksma hopet yn ’e takomst nochris in hannelsedysje yn it Ingelsk meitsje te kinnen, al soe in Sineeske ferzje ek net ûnfortúnlik wêze. Dêr soene dan de Fryske teksten yn in ‘ûnbegryplike’ kollum neist stean moatte, mar om dat foarinoar te krijen, dat wurdt neffens Braaksma in yngewikkelde put, nei alle gedachten in gebed fan hjir oan Peking as it bygelyks om it binnenheljen fan de sinten giet.
Underwilens is Harrekrammele yn ‘e running foar de Nederlânsk-Flaamske edysje fan de ‘Best Verzorgde Boeken 2015′, dêr’t de útslach begjin maart fan bekend makke wurdt. Fierders hawwe de stichting Best Verzorgde Boeken en de Vlaamse Uitgevers Vereniging, dy’t dit jier op de Frankfurter Buchmesse in mienskiplike presintaasje dogge fan de Nederlânske literatuer, ynbegrepen de Fryske, witte litten dat Braaksma syn Harrekrammele ien fan de kânshawwers is dy’t mei nei Frankfurt giet.
.
MEGA T 486 Man-Man-Man 18.33
1 2 3
‘KLIK’
“Wolkom reizgers. Dit is de stoptrein nei Grutte Boffert”.
“Dizze trein sil stopje te Oeps, Hola, Kuch, Fette woarst, Droege ham, Alde tsiis, Kollum, Kollumerklompsek, Kollumerfytspomp, Kollumerpompamer, Kollumerbakblik, Kollumerklapkroaderheide Súd, Alde hap, Aldeboarn, Aldetroep, Brûnsum, Sulversum, Goutum, Grypsterknypgiechel, Kruksein, Broeksterbjirkebjinder, Sompige buorren, Fla, Kwabbesmout, Slûge slinger, Bocht, Simsalabim, Hokuspokus, Bliuw stean, Falom, Jawatno, Priuwema, Sjoggema, Fielema, Rûkema, Harkema, Breidene brêge, Hommels, Mear Hommels, Barcelona, Wommels, Ellows, Kywneits, Leppem, Naeferraeh, Murkka, Uorg-Musnrij, Trewuojl, Swolle, Stienwyk, Meppel, Hearrefean, Akkrum, Grou-Jirnsum, Ljouwert, Dokkum, Pakkum, Bliksum, Jouhimfanleksum, Blits, Rits, Tjits út Snits, Legebeintum, Beintum, Hegebeintum, Wytgaard, Readtsjerk, Blauhûs, Swarte hoanne, Oranjewâld, Gielsucht, Brúnkoal, Griene sjippe, Kneppelersweach, HO, Wolles, Nettes, Wolwier, Netwier, Wol, Net, Pprrrrrrrr, Gossyknines, Nee net nochris, Soestsenet, Ikkapdermei, Hyisal (noard), Hyisal (west), Broeksterwâld, Broeksterhiem, Hiemsterbroek, Broek op lange skonk, Broek op ’e slomp, Broek op lange line, Fêste prik, Och heden, Harrekrammele, Net dwaan, Bliuw der ôf, Nee sis ik dochs, Dit giet mis, Dêr hast it al, Grutte sokses, Krammelewikes, Niawier, Hielswier, Seewier, Grutte klier, Sadanmar, Penjum, Biezemerskâns, Heister en himmelje, Griemerdaam, Deksels, Skjinne Skoech, Och, Man-man-man, Hegeholle, Lytse goarre, Hop, Hoekomstderop, Raar guod en it einstasjon Grutte Boffert.”
‘KLIK’
H.N. Werkman (1882-1945) Leven & Werk (red. Anneke de Vries, Jikke van der Spek, Doeke Sijens, Marriëtta Jansen), Wbooks, Zwolle, 2015.
Paulo Martina en Elske Schotanus, Pier Feddema, in de lijn van het Friese expressionisme, Bornmeer 2015.
Machiel Braaksma, Harrekrammele, Eigen behear, Marrum, 2015.
.
@ Eeltsje Hettinga,15/01/16