‘De turfwegen’ – Gedicht by it keunstevenemint ‘Verlost’ yn Nij Beets

(23-12) Hûndert jier ferlyn ferstoar de sosjaal-anargist Domela Nieuwenhuis, de man dy’t him it erbarmlike lot fan de arbeiders yn it fean oanluts. Yn Súdeast-Fryslân en feandoarpen as Nij Beets waard er destiids sjoen as  ‘Us ferlosser’. De organisaasje ‘Kunst in Opsterland’ betinkt him ein desimber mei it keunstevenemint ‘Verlost’ yn It Damshûs op Nij Beets. Foar dizze manifestaasje dy’t sneon iepenet, is it gedicht ‘De turfwegen’ skreaun.

.

DE TURFWEGEN

Fan plaggen, seadden en stikkene plinten it hinnekommen achter in heal fersakke daam, fjouwer minsken benjonken in keale bjirkebeam, klompen en klean, donker as de loft dy’t winter hâldt.  Hoe’t de fotograaf, faaks út in djip stik greppel wei, frou, bern en faam delset hat tsjin in lege hoarizon. Iepen te brekken de romte achter de blik fan har dy’t sûnder lins it lânskip op te nimmen stiet. Achter it byldskerm bûgje ik my foaroer, almar djipper as wie der in wei en wurd yn har ivichheid wei, as bestie der in lyts lawei dat earne yn de tearen fan har plunje tiid syn tsjustere turfwegen seit.
.

Eeltsje Hettinga, 17 desimber 2019

 

DE TURFWEGEN

Van plaggen, gras en kapotte plinten het onderkomen voorbij een vervallen dam, vier mensen naast een kale berk, klompen en kleren, donker als de lucht die winter herbergt. Hoe de fotograaf, misschien vanuit een greppel, meisje, moeder en koters heeft neergezet tegen een lage horizon. Open te breken de ruimte achter de blik van haar die zonder lens het landschap staat op te nemen. Achter het beeldscherm buig ik voorover, almaar dieper als was er een weg die aan haar eeuwigheid raakt, alsof er een klein lawei bestond dat ergens in de plooien van haar plunje tijd zijn donkere turfwegen spreekt.

Eeltsje Hettinga, 17 december 2019

 

In het kader van het Domela Nieuwenhuis-jaar organiseert ‘Kunst in Opsterland’ op 28, 29 en 30 december het kunstevenement VERLOST in It Damshûs in NIj Beets [klik foto voor meer info]

Yn it ramt fan it Domela Nieuwenhuis-jier organisearret ‘Kunst in Opsterland’ op 28, 29, en 30 desimber de keunstútstalling VERLOST yn It Damshûs yn Nij Beets [klik foto foar mear ynfo]