De wrâld fan it eksperimintele tydskrift ‘Quatrebras’ au musée
(05-11) Ein jierren fyftich, begjin jierren sechstich joech it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras (1954-1966) in oare en nije slinger oan de Fryske literatuer. De ynfloed fan it blêd hat net gering west. Dochs wie Quatrebras sels minder nij as wol tocht is, want nei ynhâld en foarm wie it foar in grut part de neifolging fan û.m. Cobra, Lucebert en de Fyftigers.
Skriuwer Josse de Haan, dy’t yn de sturt fan de Quatrebras-beweging siet, wie spesjaal út Baskelân oerkaam foar ‘De nacht fan Quatrebras’, in troch Tresoar op priemmen sette manifestaasje, ôfrûne freedtejûn, mei lêzingen, ynterviews en performances. It personiel fan Tresoar even net meirekkene, luts it evenemint net mear as oardel man en in hynstekop, in lytse tweintich minsken.
De Haan (1941) krige it earste eksimplaar oerhandige fan in faksimilee-útjefte fan syn saneamde ‘anarkys’, kollaazjes mei teksten dy’t er yn de jierren njoggentich foar it grutste part publisearre yn syn ienmanstydskrift iP2r90 – Rendez Vous.
Syn kollaazjewurk kin sjoen wurde as in fuortsetting fan de fisuele poëzy, sa’t dy yndertiid yn Quatrebras syn gerak jûn waard, en dan benammen troch ien fan de grutte gongmakkers fan it tydskrift, de dichter-skriuwer en âld-direkteur fan it keramykmuseum It Princessehof, Hessel Miedema (1929).
De anarky-útjefte sels seach der pico bello út, estetyk fan de boppeste planke, al moat sein dat mei it each op de wyldsin en it anargistyske karakter fan it surrealisme, De Haan syn anarky’s langeroan foargoed “surrealisme serebrael” binne, om in útdrukking út it gedicht ‘de greate wrakseling’ fan fadertje Miedema oan te heljen.
ynterview
Ernst Bruinsma die in fraachpetear mei De Haan, al woe dat net werklik in gesprek wurde, want De Haan naam yn no time de leien oer. De rol fan Quatrebras-skriuwers lykas dy fan Marten Brouwer, skriuwer-dichter en yn syn lettere libben heechlearaar massapsychology yn Amsterdam, of dy fan baron Sixma van Heemstra, de betinker fan de poëzytelefoan Operaasje Fers, bleau dêrtroch ûnderbeljochte.
De Haan wie yn it ‘fraachpetear’ op ‘e tekst oer syn tiid op ‘e kweek yn Ljouwert, oer de relaasje tusken Quatrebras en it keunstnerskafee De Blauwe Hand yn Harns, begjin jierren sechstich, oer syn dagen as ûnderwizer op Hjerbeam, oer Amsterdam dêr’t er, sis mar, ferkearing krige mei in kopiearapparaat dat him ta help en stipe wie by it meitsjen fan syn ‘anarkys’, etcetera, etcetera, etcetera, sa’t it yn Josse de Haan syn skriuwersfokabulêre faak hjit.
Ik hie noch wol it iene en oare hearre wollen oer wat De Haan of de minsken út it publyk fan Hessel Miedema syn ferhalen en fersen tochten, en dan net sasear oer ‘de greate wrakseling’, mar mear oer dat oare grutte Miedema-gedicht ‘stadich brekke de foarmen út ‘e skyl’.
Sels haw ik dy tekst in pear slaggen heger as ‘de greate wrakseling’, want mear lyrysk en minder programmatysk, al diele beide gedichten harren ironyske, spotske en bytiden moai sprektalige ynslach, poëzy yn alle gefallen dy’t, tegearre mei it lettere wurk fan Tsjêbbe Hettinga, ta de hichtepunten fan de nei-oarlochske Fryske literatuer heart.
‘fotografearje en ôfdrukke mar wer…’
In skot yn de roas wie de ferrassende performance fan it skriuwersduo Elske Schotanus en Arjan Hut. Mei in sterke en krachtige deklamaasje waard fanôf de balustrade op de earste ferdjipping mei help fan in megafoan Miedema syn ‘greate wrakseling’ oer it fuotljocht brocht.
It makke dat kaairigels út dit wilens klassike Fryske gedicht: “ah witte presys hwat moai is / witte presys hwat wij fijn fine / fotografearje dat wol wer even / ôfdrukke mar wer,” noch lang nei resonearren.
Fideokeunstner en multy-ynstrumintalist Jan Klug presintearre mei sfearbylden, soundscapes en skrille en langrutsen toanen in muzykfoarstelling, dêr’t er in yn de besnijing nimmende ynterpretaasje yn joech fan in tal atonale wurken fan de Frâns-Amearikaanske komponist Edgard Varèse.
.
reekbom
It hichtepunt fan de jûn waard it optreden fan byldzjend keunstner en teatermakker Peter Zegveld, mei in foarstelling, besteande út flarden fan wurden, ûnfersteanbere gjalpen en klanken en in pear leven en lawaai meitsjende ynstallaasjes, ynbegrepen in lûd ploffende reekbom.
Wat dêrnei folge, wie in net plande, fierhinne absurdistyske oangelegenheid. De reek dy’t by de knal fan de bom frijkommen wie, sette it brânalarm fan Tresoar yn wurking. Zegveld koe in hiel skoft net fierder, want it euvel wie dat gjinien fan it oanwêzige personiel fan Tresoar wist hoe alle sirenes wer út te krijen.
Reek kin ik net oer, dat ik bin de lette novimbernacht yn set. Underweis nei hûs betocht ik my (noch wer ris) dat de oait eksperimintele literatuer fan it tydskrift Quatrebras sa linkelytsen foargoed kanonisearre is, sis mar, selebraal en sakraal, au musée.
.
@Eeltsje Hettinga
.